De brúnkopmiuw (Chroicocephalus brunnicephalus) is in Aziatyske fûgel dy't briedt yn bercheftige gebieten. De fûgel heart ta de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).

Skaaimerken De brúnkopmiuw liket in soad op 'e kob (C. ridibundus), mar is wat grutter (41–45 sintimeter), hat in bredere snaffel en rûnere wjukken. Folwoeksen fûgels hawwe in brede swarte râne op 'e wjukpunten en in wyt plak op 'e bûtenste slachpinnen. De ûnderkant fan 'e wjuk is donkerder as dy fan 'e kob. De iris is giel, wylst dy by de kob brún is. Yn briedkleed is de kap ljochter brún.

Ferskil winter- en simmerdracht brúnkopmiuw

Fersprieding en taksonomy De brúnkopmiuw briedt yn bercheftige kriten fan Súd- en Sintraal-Aazje, fan Turkestan yn it westen oant súdwestlik Gansu (Sina) yn it easten, en yn it suden yn 'e Pamir en Tibet. Winterdeis oerwinteret de brúnkopmiuw oan 'e kusten fan Yndia, noardlik Sry Lanka en Súdeast-Aazje, en yn lytse oantallen westlik fan Yndia oant op it Arabysk Skiereilân.

In hiel skoft waard it grutste part fan 'e kobben en miuwen yn it skaai Larus pleatst. Genetysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de soarten yn Larus net allegear nau besibbe binne. Pons et al. (2005) ha dêrom útsteld om Larus op te dielen yn in tal lytsere skaaien, wêrby't de brúnkopmiuw yn Chroicocephalus set waard. In soad autoriteiten ha dat útstel opfolge.

Ekology thumb|left|Brúnkopmiuw yn winterfearren mei proai. De brúnkopmiuw briedt by grutte marren of yn omlizzende sompen op grutte hichten. Winterdeis wurdt de fûgel oantroffen yn kustkriten en by rivieren. It brieden begjint yn maaie, ek as de marren noch beferzen binne. De fûgels briede yn koloanjes fan fyftich oant mear as tûzen eksimplaren, faak tichteby wytstirnzen. Se lizze ien oant fjouwer aaien, mar meastentiids trije. Hoe lang de briedtiid krekt is, is ûnbekend. Winterdeis libbet de brúnkopmiuw fan fisk en garnalen; yn 'e briedtiid is it dieet fariearre en bestiet it ûnder oare út kjifdieren en wjirms.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op grûn fan dizze kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kob Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See