Frederick Wollaston Hutton (Gate Burton, Lincolnshire, Grut-Brittanje, 16 novimber 1836 – op see by Kaapstêd, 27 oktober 1905) wie in Britske legeroffisier, geolooch en natuerûndersiker yn Nij-Seelân dy't fuortendaliks it belang fan Charles Darwin syn evolúsjeteory foar de biology erkende.

Biografy Hutton wie de twadde soan fan dûmny Henry Frederick Hutton en syn frou Louisa Wollaston, dochter fan dûmny Henry John Wollaston. Pake fan heitekant, William Hutton, wie de eigener fan de bûtenpleats Gate Burton. Syn ûndertekende militêre ferklearring fan tsjinsten meldt lykwols dat er berne waard yn Bracknell, Berkshire, Ingelân, op 16 novimber 1836.

Hutton waard oplaat oan ferskate ynstellingen, ûnder oaren de Naval Academy - de trainingsynstelling fan 'e Royal Navy yn Gosport - en King's College Londen, dêr't er tapaste wittenskippen studearre. Hy waard dêrnei beneamd ta offisier by de Royal Welch Fusiliers en tsjinne yn 'e Krimoarloch en de Yndiaaske Opstân fan 1857.

Yn 1860 kaam er werom nei Ingelân en studearre er geology oan de Keninklike Militêre Akademy Sandhurst. Yn datselde jier waard er lid fan de Geological Society. Yn 1861 skreau er in resinsje oer Darwins 'De oarsprong fan 'e soarten' dêr't er him in grut foarstanner yn toande fan de evolúsjeteory.

Yn 1863 troude er mei Annie Gouger Montgomerie en yn 1866 ferliet er de militêre tsjinst en reizge er mei frou en bern nei Nij-Seelân. Neidat er him dêr koart dwaande holden hie mei it spinnen fan flaaks, wijde er him wer gau oan 'e geology. Hy krige in baan by de geologyske tsjinst fan it lân (Geological Survey of New Zealand). Yn 1874 waard hy Provincial Geologist fan de regio Otago, dosint oan de Universiteit fan Otago en konservator fan it museum fan de universiteit. Yn 1880 waard er heechlearaar biology oan de Universiteit fan Canterbury yn Christchurch en letter waard er keazen ta Fellow of the Royal Society. Dêrnei folgen noch wichtige funksjes en ûnderskiedingen.

Hutton stoar op reis fan Ingelân werom nei Nij-Seelân en krige in seemansgrêf foar de kust fan Kaapstêd (Súd-Afrika).

Evolúsje Yn 1860 skreau er in stypjende resinsje fan Charles Darwin syn On the Origin of Species foar it tydskrift The Geologist.Stenhouse, John. (1990). Darwin's Captain: F. W. Hutton and the Nineteenth-Century Darwinian Debates. Journal of the History of Biology 23 (3): 411–442. Yn 1861 skreau er in artikel wêryn't hy it Darwinisme ferdigene yn itselde tydskrift. Hutton ferdigene Darwin tsjin de beswieren fan kreasjonist Adam Sedgwick. Hy skreau dat kreäsjonisme in "gewoane bewearing, in ûntwyking fan 'e fraach, in mantel foar ûnwittendheid."

Syn hiele libben bleau Hutton in trouwe fertsjintwurdiger fan Darwin syn teoryen oer natuerlike seleksje, en Darwin sels drukte syn wurdearring út yn in brief oan Hutton.

Erfskip Hutton hat in wichtige bydrage oan 'e kennis oangeande de fauna fan Nij-Seelân levere en oan it ûnderwiis yn 'e evolúsjeteory. Hy ûntduts en beskreau in grut oantal ynvertebraten, benammen ferskate (see)slakken en sprinkhoannen. Fierder beskreau er twa nije fûgelsoarten (de no útstoarne Chatham-ral (Gallirallus modestus), en de swartsnaffelmiuw (Chroicocephalus bulleri), en - ûnder oare - waard de Huttonske pylkstoarmfûgel nei him neamd.

Wurken 1873: Catalogue of the marine Mollusca of New Zealand, with diagnoses of the species 1881: Catalogues of the New Zealand Diptera, Orthoptera, Hymenoptera; with descriptions of the species 1887: Darwinism 1896: Theoretical Explanations of the Distribution of Southern Faunas 1899: Darwinism and Lamarckism: Old and New 1902: The Lesson of Evolution – 1st edition 1902: Nature in New Zealand in populêr-wittenskipelik boek, tegearre mei James Dummond) 1904: Index Faunae Nova-Zealandiae (in folsleine list fan alle bisten dy't yn Nij-Seelân gewaarwurden binne) 1904: The Animals of New Zealand (in populêr-wittenskipelik boek, tegearre mei James Dummond) 1905: Revision of the Tertiary Brachiopoda of New Zealand. John Mackay, Government Printer, 1905. 1905: Mei Frederick Wollaston en James Drummond. The Animals of New Zealand: An Account of the Colony's Air-breathing Vertebrates. Whitcombe and Tombs, 1905. 1905: The Formation of the Canterbury Plains. John Mackay, Government Printer, 1905. 1905: "Ancient Antarctica." Nature 72 (1905): 244-245.

Kategory:Ingelsk ofsier Kategory:Britsk militêr yn de Krimoarloch Kategory:Britsk militêr yn de Yndyske Opstân fan 1857 Kategory:Ingelsk geolooch Kategory:Ingelsk soölooch Kategory:Ingelsk ornitolooch Kategory:Ingelsk karsinolooch Kategory:Ingelsk heechlearaar Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Nijseelânsk ofsier Kategory:Nijseelânsk geolooch Kategory:Nijseelânsk soölooch Kategory:Nijseelânsk ornitolooch Kategory:Nijseelânsk karsinolooch Kategory:Nijseelânsk heechlearaar Kategory:Nijseelânsk publisist Kategory:Nijseelânsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1836 Kategory:Persoan stoarn yn 1905