De swartsnaffelmiuw (Chroicocephalus bulleri) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes). De soarte is endemysk foar Nij-Seelân. De Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer kategorisearret de soarte as 'gefoelich' (foarhinne 'hast bedrige'). De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend binne.

Uterlik De swartsnaffelmiuw is in relatyf ljochte kob fan likernôch 37 sm, mei in sulvergrize rêch en wjukken en in tinne, lange swarte snaffel. De eagen binne wyt mei in smelle reade eachring en de poaten binne swart of readeftich swart. De wjukpunten binne omrâne mei swart, wat by jonge fûgels dúdliker is. De nau besibbe sulverkopmiuw (Chroicocephalus novaehollandiae) hat in koartere en tsjokkere reade snaffel; de wjukken binne donkerder griis en it swart op 'e wjukpunten is wiidweidiger.

Fersprieding en ekology thumb|left|Koloanje yn Christchurch. De fûgel briedt allinnich op Nij-Seelân. Yn 'e perioade 2016–2017 waarden 60.256 nêsten yn kaart brocht wêrfan't it grutste part op it Sudereilân. Op it Noardereilân is de fûgel te finen by sânbanken, iggen fan marren en rivierflakten. Hy rêst en siket faak nei iten op lânbougebieten, mar ek yn stêden. It brieden begjint earst as se twa jier wurde, mar in soad fûgels begjinne pas as se seis jier âld binne. It wyfke leit tusken septimber en jannewaris ien oant fjouwer spikkelige, oliifgriene aaien. Beide âlden briede de aaien yn 20 oant 24 dagen út. De fûgel kin âlder as 30 jier âld wurde.

Taksonomy In hiel skoft waard it grutste part fan 'e kobben en miuwen yn it skaai Larus pleatst. Genetysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de soarten yn Larus net allegear nau besibbe binne. Pons et al. (2005) ha dêrom útsteld om Larus op te dielen yn in tal lytsere skaaien, wêrby't de swartsnaffelmiuw yn Chroicocephalus set waard. In soad autoriteiten ha dat útstel opfolge.

Status De populaasje wurdt hjoed-de-dei rûsd op tusken de 90.000 en 121.000 folwoeksen fûgels. Ut earder ûndersyk die bliken dat de soarte tige hurd yn oantal efterútgong. De oarsaken dêrfan wurde socht yn predaasje troch de brune rôt (jongen en aaien) op it Noardereilân, en troch wezelingen en katten op it Sudereilân; fierders troch fersteuring troch rekreaasje en yndustry by de briedplakken en de fersprieding fan ynvasive plantesoarten. Resinter ûndersyk wiisde lykwols in gruttere ûnwissens út oer de populaasje-ûntwikkeling. De populaasje liket op it stuit stabyl te wêzen of licht te krimpjen. Nei't de swartsnaffelmiuw earder as bedrige beskôge waard, kategorisearret de IUCN de soarte no as gefoelich (Near Threatened).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kob Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân