De lytse kob (Chroicocephalus philadelphia, synonym: Larus philadelphia) is in fûgel út de famylje fan 'e kobben (Chroicocephalus). De fûgel komt foar yn Noard-Amearika. Hoewol't de lytse kob in bekende ferskining is yn Noard-Amearika, is er biologysk sjoen ien fan 'e minst bekende miuwesoarten wat it briedgedrach oanbelanget.
Beskriuwing thumb|left|Winterkleed. De lytse kob is 31 oant 34 sm lang en hat in wjukspanwiidte fan 79 oant 84 sm en is ien fan 'e lytste miuwesoarten. De fûgels hawwe in swarte kap en in tinne swarte snaffel. De rest fan it lichem is foar it meastepart ljochtgriis mei in wite ûnderkant. De slachpinnen fan 'e grize wjukken ha swarte punten. De poaten binne oranjeread. Winterdeis wurdt de kop wyt fan kleur mar in plak by it ear bliuwt donker.
Juvenilen ha ek brún op 'e wjukken en in swarte einbân op 'e sturt.
Fersprieding en habitat De fûgels briede yn 'e buert fan sompen en marren by nullebosken, fan it súdwesten fan Alaska oant yn it súdeasten fan Kanada.
Hâlden en dragen De lytse kob is de iennige miuwesoarte dy't geregeldwei – hast altyd – yn beammen nêstelt. Se meitsje harren nêsten heech yn nullebeammen, goed ferburgen tusken de tûken yn 'e taiga en boreale bosken. Dizze kombinaasje fan brieden op grutte breedtegraden, yn beammen en yn in tige fersprate koloanjefoarm, makket de soarte foar wittenskippers lestich te bestudearjen.
De lytse kob is in trekfûgel dy't alle jierren nei kustwetter fleant, sawol oan 'e east- as oan 'e westkust. In pear kear is de fûgel yn West-Jeropa waarnommen, dêr't er maklik betize wurde kin mei de gewoane kob.
Status It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar de populaasje groeit. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status 'net bedrige'.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kob Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Karibyske See