De griiskopmiuw (Chroicocephalus cirrocephalus) is in lytse miuwesoarte dy't ferspraat briedt yn Súd-Amearika en yn Afrika besuden de Sahara. De fûgel is net echt in trekfûgel, mar ferspraat him wol, wêrtroch't er winterdeis op mear plakken te sjen is. Lykas by in soad oare miuwen it gefal is, waard de soarte fan âlds yn it skaai Larus pleatst. Resint ûndersyk wiist derop dat de Súd-Amearikaanske en Afrikaanske populaasjes twa aparte, foar it each identike soarten wêze kinne.

Beskriuwing thumb|left|Juvenyl yn Argentynje. De griiskopmiuw is mei in lingte fan 42 sm wat grutter as de swartkopmiuw. De folwoeksen fûgel hat simmerdeis in ljochtgrize kop en in griis lichem, dat wat donkerder fan toan is as dat fan 'e swartkopmiuw. In oar ferskil is dat de wjukken yn 'e flecht breder binne as dy fan de swartkopmiuw. De swarte punten oan 'e bûtenste slachpinnen hawwe opfallende wite plakken. De ûnderkant fan 'e wjuk is donkergriis mei swarte wjukpunten. De griiskopmiuw hat in reade snaffel, reade poaten en in wite iris. De grize kop ferdwynt winterdeis, wêrby't allinnich twa donkere plakken om en efter it each oerbliuwe. De skaaien lykje op inoar.

It duorret twa jier om folwoeksen te wurden; fûgels yn it earste jier hawwe in swarte sturtbân en mear donkere parten yn 'e wjukken. It each is donker by jonge fûgels.

Fersprieding en taksonomy Op it stuit wurde der twa ûndersoarten erkend:

C. c. cirrocephalus (Vieillot, 1818) – Súd-Amearika C. c. poiocephalus (Swainson, 1837) – Afrika

Se binne skraachwurk fan inoar te ûnderskieden; de Súd-Amearikaanske ûndersoarte is wat grutter en ljochter op 'e rêch as de Afrikaanske ûndersoarte, en hat in krekt wat grutter wyt plak op 'e twa bûtenste slachpinnen. Resint genetysk bewiis stelt foar om se yn twa aparte soarten te ferdielen, om't de Afrikaanske ûndersoarte C. c. poiocephalus mooglik nauwer besibbe is oan 'e (ek Afrikaanske) Hartlaubmiuw (C. hartlaubii) as oan 'e Súd-Amearikaanske nominaatfoarm C. c. cirrocephalus. As dat nei ferifikaasje befêstige wurdt, dan soe dat betsjutte dat it Afrikaanske takson as in aparte soarte ôfsplitst wurde moat om parafyly te foaren te kommen. Dat is lykwols (anno 2026) noch net oernommen troch de IOC World Bird List.IOC Word Bird Names, 15.2

Ofbylden sulverkopmiuwen

Hâlden en dragen De fûgel is lokaal talryk en briedt yn grutte koloanjes yn reidfjilden en sompen; se lizze twa of trije aaien yn in nêst, dat op de grûn of driuwend wêze kin. Lykas de measte miuwen binne se winterdeis tige sosjaal, sawol by it iten as op 'e rêstplakken. Hoewol't de fûgel benammen by de kust of yn estuaria foarkomt, is it gjin pelagyske soarte en wurdt er selden fier op see sjoen. As de omstannichheden om te foerazjearjen geunstich binne, kinne der swarmen fan hûnderten of tûzenen fûgels foarmje. It is in lûdroftige soarte, benammen yn koloanjes.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de wrâldpopulaasje stabyl is. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kob Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan