Ghostbusters: Afterlife is in Amerikaanske fantasykomeedzjefilm út 2021 ûnder rezjy fan Jason Reitman, mei yn 'e haadrollen Mckenna Grace en Finn Wolfhard. De titel betsjut "Spûkefangers: Hjirneimels". De film heart ta de Ghostbusters-franchise en is in direkt ferfolch op 'e earste beide dielen út 'e rige, Ghostbusters út 1984 en Ghostbusters II út 1989. It ferhaal spilet 32 jier nei de foarfallen yn dy lêste film. Phoebe en Trevor, de beide pakesizzers fan 'e ghostbuster Egon Spengler, ferhúzje nei it ferstjerren fan harren pake mei harren mem Callie út Chicago nei it fertutearze boerespultsje fan harren pake op it plattelân fan Oklahoma. Dêr meitsje se nije freonen en ûntdekke se al rillegau dat harren pake dêr net foar de poerlegrap delstrutsen wie. In ferlitten myn deunby is nammentlik it toaniel fan in útbarsting fan spûken dy't de wrâld ferneatigje sil. Ghostbusters: Afterlife krige fan 'e filmkritisy mingde oant myld positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. De film waard opdroegen oan 'e yn 2014 ferstoarne akteur Harold Ramis, ien fan 'e oarspronklike ghostbusters. In ferfolch, Ghostbusters: Frozen Empire, kaam út yn 2024.
Plot Yn it plak Summerville yn Oklahoma fangt Egon Spengler in boppenatuerlik wêzen yn 'e myn dy't okkultist Ivo Shandor lang lyn oanlizze litten hat yn 'e neite fan it doarp. Mei dat wêzen finzen yn in fâle flechtet er út 'e myn werom nei syn pleats as siet de duvel him op 'e hakken. Dat is ek sa, want in oar, ûnsichtber wêzen efterfolget him út 'e myn wei en reaget deun by hûs syn auto fan 'e wei ôf. Spengler slacht oer de kop yn in maïsfjild, mar wit mei syn fâle geandefoets te ûntsnappen nei syn pleats. Dêr wachtet er syn efterfolger op en besiket dyselde ek te fangen, mar troch koartsluting yn syn eigenboude systeem misbeteart dat op it meast ûngelokkige momint. Spengler wit de fâle mei it earste wêzen noch te ferbergjen ûnder de flier fan syn wenkeamer, mar wurdt dan troch syn efterfolger oanfallen en beswykt oan in hertoanfal.
Net lang dêrnei kriget Spengler syn fan him ferfrjemde dochter Callie berjocht dat se in boerespultsje yn Oklahoma urven hat. Callie is in allinnichsteande mem dy't yn earmoede yn Chicago libbet. Krekt nei't de tynge oer de erfenis kommen is, wurde sy, har fyftjinjierrige soan Trevor en har tolvejierrige dochter Phoebe troch de hûsbaas út harren appartemint set omreden fan in hierefterstân. Om't se net folle oare kar hat, set Callie yn 'e auto mei beide bern nei Oklahoma ta. Phoebe, dy't in foarleafde foar wittenskip en technology hat en goed leare kin, jout har frij gemoedlik ûnder de nije sitewaasje del. Trevor, dy't in trochsneed teenager is, sit net te wachtsjen op in ferhuzing nei Furtsjefinne, mar syn ferset wurdt brutsen as er koart nei oankomst yn Summerville yn 'e kunde komt mei in famke fan syn leeftyd, de swarte Lucky Domingo, dy't yn in fastfoodrestaurant wurket. Trevor is op slach fereale.
It boerespultsje blykt slim fertutearze te wêzen en Callie har heit hat har benammen skulden neilitten. Callie sit mei de hannen yn it hier, want skulden hie se sels al genôch. Underwilens fynt Trevor oansluting by Lucky en har freonegroep, wylst Phoebe nei in simmerskoalle giet dy't jûn wurdt troch seismolooch Gary Grooberson. Hy hâldt de ferfeelde learlingen benammen dwaande troch se âlde horrorfilms op VHS-fideobannen út 'e 1980-er jierren sjen te litten, sadat er sels ûnderwilens syn eigen dingen dwaan kin. Dêrby giet it om in ûndersyk nei de ûnferklearre ierdbevings dy't Summerville om it hoartsje treffe, wylst it doarp net yn 'e neite fan in tektoanyske brekline leit en der likemin nei oalje of gas boarre wurdt. Wannear't Phoebe belangstelling toant foar syn wurk is Grooberson ferbjustere mar entûsjast. As Callie fia Phoebe yn 'e kunde komt mei Grooberson, slacht der tusken harren fuort in fonk oer. Phoebe makket op 'e simmerskoalle ek in freon, in jonge dy't "Podcast" neamd wurdt om't er altyd lûdsopnames oan it meitsjen is foar syn podcast oer it paranormale.
Thús op 'e pleats ûntdekt Phoebe dat it der spûket. In klopgeast spilet yn har sliepkeamer skaak mei har en liedt har letter fia in spoar fan spontaan oangeande lampen nei de wenkeamer, dêr't se de fâle ûnder de flier fynt. Phoebe lit it ding sjen oan Podcast en Grooberson. Dy lêste is in fan fan 'e Ghosbusters dy't yn 'e 1980-er jierren yn New York aktyf wiene. Hy ken de fâle werom as in diel fan 'e taris fan dat team en bringt Phoebe en Podcast fia filmkes op YouTube yn 'e kunde mei de Ghosbusters. Phoebe is ferbjustere dat har pake sa'n ferline hie, en teffens dat har mem har dêr nea wat oer ferteld hat. Wannear't Grooberson en de beide bern mei de fâle omprutse, ûntsnapt it wêzen dat Spengler deryn fêstset hie werom nei de myn. Letter konfrontearret Phoebe har mem mei it feit dat se it ferline fan pake foar har geheim holden hat. Mar Callie seit dat har heit har en har mem ferlitten hat foar syn stomme spûkefangerij en dat it har sear docht om dêroer te praten mei't it har altyd wer tebinnenbringt dat sy blykber net wichtich foar Spengler wie. Dat wurdt foar har nochris befêstige om't der yn 'e hiele pleats gjin foto fan har of in oar famyljelid te finen is.
De klopgeast liedt Phoebe nei in rynkrank hok ta, dêr't se in brânwachtpeal ûntdekt dy't tagong jout ta in grutte ûndergrûnske romte mei kompjûters en in laboratoarium. Troch bewegende lampen loadst de klopgeast, wêrfan't Phoebe no wis is dat it de geast fan har pake is, har troch de reparaasje hinne fan 'e taris fan 'e Ghosbusters. Underwilens fynt Trevor yn in oar âld hok ûnder in lekken de âlde omboude ambulânse-Cadillac mei it logo fan 'e Ghosbusters. Hy besiket it âld wrak wer oan 'e praat te krijen, wat slagget mei in bytsje ûngemurken help fan pake. As Phoebe letter mei Podcast yn in âld, leechsteand fabryksgebou it reparearre protoanepak test, fine se dêre in boppenatuerlik, metaalfrettend wêzen dat se de Gnabbelder neame. As se it mei it protoanepak en de no lege fâle besykje te fangen, flechtet it wêzen it doarp yn. Phoebe en Podcast sette de efterfolging yn en komme Trevor tsjin, dy't krekt in proefritsje yn 'e Cadillac makket. Trijeresom geane se binnen de beboude kom fan Summerville efter de Gnabbelder oan, wêrby't se mei it protoanepak ûnbedoeld gâns skea oanrjochtsje. Se wurde arrestearre troch de pleatslike sheriff, dy't Lucky har heit blykt te wêzen.
Yn 'e sel brûkt Phoebe har rjocht op ien tillefoantsje om it âlde nûmer fan 'e Ghosbusters te skiljen, dat se earder opskreaun hie. Se kriget in desyllúzjonearre Ray Stantz derfoar, dy't se ynljochtet oer de dea fan har pake. Hy fertelt har oer wat der bard is mei de Ghostbusters nei't se Viggo de Karpaat ferslein hiene (sjoch: Ghostbusters II). Der wiene yn New York almar minder paranormale foarfallen, wat delkaam op minder ynkommen foar it team. Peter Venkman sette syn karriêre as wittenskipper fuort, sadat Stantz, Zeddemore en Spengler noch mar mei har trijen wiene. Spengler hold en droech him hieltyd gekker, mei praat oer de ein fan 'e wrâld dy't op kommendeweis wêze soe. Net ien dy't der in tou oan fêstknoopje koe. Doe, fan 'e iene dei op 'e oare, pykte Spengler út mei frijwol de hiele taris fan 'e Ghostbusters. De oaren ferjoegen him dat ferrie nea en hiene nea wer kontakt mei him. Phoebe fertelt Stantz noch oer de nuvere dingen dy't der yn Summerville geande binne, foar't sheriff Domingo de ferbining hommels ferbrekt om't it tillefoanpetear him te lang duorret.
Koarte tiid letter wurde Trevor, Phoebe en Podcast frijlitten op 'e noed fan Callie en Grooberson, dy't dy jûns op harren earste ôfspraakje wiene. Callie seit Trevor en Phoebe goed it mannewaar op, net iens sasear om't se oppakt binne, mar om't de skea dy't se yn it doarp oanrjochte hawwe, op har ferhelle wurde sil. Dy nachts liedt de geast fan Spengler Callie nei itselde ûndergrûnske laboratoarium dêr't er Phoebe earder nei ta brocht. Alle technyske dingen dêr't Phoebe sa opwûn oer wie, kinne Callie neat skele, mar wannear't de lampen út harsels in wand beskine dy't oerdutsen is mei in meters grutte fotokollaazje mei allegear foto's fan Callie en detaillearre notysjes oer har libben, kriget se foar it ferstân dat har heit wol deeglik om har joech.
Phoebe, Podcast en Trevor kinne net fierder om't sheriff Domingo al harren taris en de Ghostbusters-Cadillac yn beslach nommen hat. Mei't de Gnabbelder úteinlik nei de myn ûntkommen is, stelt Lucky, dy't har by it trio oanslút, foar om gewoan dêr ris te sjen. Wannear't se fjouweresom yn 'e âlde myn geane, ûntdekke se dêr in timpel foar Gozer, de Sûmearyske god fan 'e ferneatiging, dy't boud is troch Ivo Shandor, de stifter fan Summerville. Djipper yn 'e myn fine se yn in glêzen deakiste Shandor sels, dy't troch de magy fan Gozer nei al dy jierren noch libbet. Deunby hat immen, sûnder mis Spengler, automatyske protoanekanonnen opsteld, dy't it binnenkringen troch Gozer fan dizze wrâld ferhinderje. Underwilens binne de tsjinners fan Gozer, de stalferwikseljende demoanen Zuul en Vinz Clortho, út 'e myn ûntsnapt nei Summerville, dêr't Vinz Clortho Gary Grooberson beset, wylst Zuul itselde docht mei Callie. Nei't de bern de myn ferlitten hawwe, keart Zuul dêr yn 'e foarm fan Grooberson werom en sabotearret de protoanekanonnen. Dat stelt Gozer by steat om einlings en te'n lêsten sels oer te kommen nei de minskewrâld. Ivo Shandor wurdt folslein wekker út syn deadssliep, identifisearret himsels as dejinge dy't troch de bou fan 'e timpel har oerstap nei de wrâld mooglik makke hat en swart trou oan Gozer. Mar sy deadet him suver achteleas.
Op 'e pleats ûntdekke Phoebe, Trevor, Lucky en Podcast dat Callie no beset is troch in demon. Ek figelearje se út dat it stikje bougrûn by de pleats, dêr't Spengler altyd oan it wurk wie sûnder dat der ea wat opkaam, eins in falstrik is, mei tsientallen bedobbe spûkefâlen. Wylst almar mear boppenatuerlike wêzens út 'e myn komme en gaos en trelit oanrjochtsje yn Summerville, kringe Phoebe en Podcast it pleatslike plysjeburo binnen om 'e taris fan 'e Ghostbusters werom te stellen, wylst Trevor mei de help fan Lucky de Ghostbusters-Cadillac weromhellet. Trevor, Phoebe en Podcast geane nei de myn, wylst Lucky op 'e pleats alles reemakket. Phoebe liedt Gozer ôf, sadat Podcast Zuul fange kin yn in mobile spûkefâle. Callie wurdt dêrtroch befrijd fan 'e geastlike besetting en Gozer rekket ferswakke. Mei Trevor efter it stjoer flechtsje se mei Callie nei de pleats ta, efterfolge troch Gozer en Vinz Clortho. De bern lokje harren it stikje bou op, mar krekt as earder mei Spengler lit de technyk it op it moment suprème ôfwitte. Dêrtroch kin Gozer Zuul befrije, dy't op slach Lucky beset. Gozer kriget dêrtroch wer har folsleine krêft.
Op it stuit dat Gozer lykwols wraak nimme sil op Callie en de bern, wurdt se tsjinholden troch de hommelse ferskining fan Ghostbusters Ray Stantz, Peter Venkman en Winston Zeddemore, dy't op basis fan Phoebe har tillefoantsje ôfreizge binne nei Oklahoma. Gozer, dy't ferantwurdlik wie foar de dea fan Egon Spengler, besiket no har wraak tsjin 'e Ghostbusters te foltôgjen, om't it fjouwertal yn 1984 tsjinkeard hat dat sy de wrâld ferneatigje koe (sjoch: Ghostbusters). Mar stipe troch de geast fan Spengler, dy't him no sichtber manifestearret, helpe Phoebe en Trevor de Ghostbusters om foar iens en foar altyd mei Gozer ôf te weven troch har en al har trewanten yn 'e fâlen op te sluten dy't Spengler ûnder de grûn ferskûle hie. Lucky en Grooberson wurde dêrtroch befrijd fan 'e besetting. Spengler fermoedsoenet him mei syn âlde maten en mei syn dochter en pakesizzers foar't er ôfset nei it hjirneimels.