De griiswite kobben (Leucophaeus) foarmje in skaai fan fûgels yn 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae). De soarten yn dit skaai komme foaral foar yn Amearika.

Taksonomy Foar in hiel skoft waarden de soarten fan dit skaai yndield by it grutte skaai Larus. Nei fylogenetysk ûndersyk yn 2005 die lykwols bliken dat dy yndieling net foldie, om't it skaai Larus dêrtroch parafyletysk waard. Dêrom waard it skaai Leucophaeus, dat oarspronklik yn 1855 yntrodusearre waard troch de Dútske ornitolooch Carl Friedrich Bruch, wer yn gebrûk nommen. De namme Leucophaeus is in gearstalling út it Aldgryksk: leukos ("wyt") en phaios ("tsjuster").

Soarten It skaai omfettet de folgjende fiif soarten:

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status / Trend 120px dolfynmiuw Leucophaeus scoresbii Súd-Amearika (Patagoanje) <span style="color:green;">net bedrigeLeucophaeus scoresbii op BirdLife 120px lavamiuw Leucophaeus fuliginosus Galapagoseilannen <span style="color:#d4a017;">kwetsberLeucophaeus fuliginosus op BirdLife 120px lytse prêrjemiuw Leucophaeus pipixcan Noard-Amearika <span style="color:green;">net bedrigeLeucophaeus pipixcan op BirdLife 120px skattermiuw Leucophaeus atricilla Noard-Amearika en Kariben <span style="color:green;">net bedrigeeucophaeus atricilla op BirdLife 120px skiere miuw Leucophaeus modestus Súd-Amearika <span style="color:green;">net bedrigeLeucophaeus modestus op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Seefûgel