Meg 2: The Trench is in Amerikaansk-Sineeske science fiction-horrorfilm út 2023 ûnder rezjy fan Ben Wheatley, mei yn 'e haadrollen Jason Statham en Wu Jing. De titel betsjut "Meg 2: De Trôch" en ferwiist nei de megalodon en de Marianentrôch. De film is it ferfolch op The Meg út 2018, wêryn't wittenskippers ûntdieken dat yn 'e djipsee fan 'e Marianentrôch ûnder in ûntrochkringbere wetterlaach de reuseftige prehistoaryske haaiesoarte megalodon oant yn ús tiid oerlibbe hie. Yn Meg 2 dogge wittenskippers dêr fierder ûndersyk nei, mar troch sabotaazje troch in mynboubedriuw dat de djipsee sjocht as in boarne fan lukrative ierdmineralen, komme de wittenskippers op 'e seeboaiem fêst te sitten, wylst guon megalodons en oare meunsters ûntsnappe nei it oerflak fan 'e oseaan. Meg 2: The Trench krige fan 'e filmkritisy negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses.

Plot Fiif jier nei't er diel útmakke fan in team dat ûntdiek dat de reuseftige prehistoaryske haai megalodon dochs net útstoarn wie, is berger Jonas Taylor belutsen rekke by it bestriden fan opsetlike miljeufersmoarging troch it dumpen fan gemysk en radio-aktyf ôffal yn see. Dêrnjonken wurket er yn it Oseaanynstitút op it Sineeske eilân Hainan en op Mana One, in ûnderwetterfasiliteit foar wittenskiplik ûndersyk yn 'e Súdsineeske See. Taylor helpt dêr in team dat ûnder lieding stiet fan syn freon Mac en fan Zhang Jiuming, de broer fan syn yn 2021 ferstoarne frou Zhang Suyin, by it ferkennen fan 'e boaiem fan 'e Marianentrôch. Want wat dêr earder foar de seeboaiem oansjoen waard, is eins in ynverzjelaach, besteande út in termokline wolk fan wetterstofsulfide, dy't foar bisten frijwol ûntrochkringber is. Dêrûnder leit in waarme see mei in folslein ûnbekende bistewrâld, dêr't prehistoaryske wêzens lykas de megalodon oant yn 'e moderne tiid oerlibbe hawwe. Los fan harren wurk bringe Taylor en Zhang Jiuming ek noch harren styfdochter, resp. omkesizzer Meiying grut, de dochter fan Suyin, dy't sûnt har memme dea in wees is.

Zhang Jiuming, dy't nei it ferstjerren fan syn suster de folsleine eigner wurden is fan it bedriuw fan harren heit silger, hat finansiering witten te krijen fan 'e rike yndustrieel Hillary Driscoll om it ferkennen fan 'e Marianentrôch fuort te setten. By it Oseaanynstitút oan 'e kust fan Hainan wurdt yn in ôfsletten baai in jonge megalodon grutbrocht, in wyfke dat de namme Haiqi (útspr.: "haitsji") krigen hat. Zhang is derfan oertsjûge dat er mei de healwoeksen mar no al reuseftige rôffisk kommunisearje kin: as er mei in klikker ienris klikt, swimt se op him ôf, mar as er twaris klikt, draait se by him wei. Mac, Taylor en Meiying ferklearje him foar gek, en wannear't er by de megalodon it wetter yn giet om syn gelyk te heljen, giet it de earste kear goed, mar de twadde kear oerlibbet er it mar nauwerneed. Zhang wyt dat oan it nuvere hâlden en dragen fan Haiqi de lêste tiid. As it team ôfset nei Mana One, brekt Haiqi yn 'e nacht troch de ôffreding hinne dy't har baai skiedt fan 'e iepen see, en swimt dêrnei har frijheid yn 'e mjitte.

Wannear't Taylor en Zhang út Mana One wei yn twa ûnderseeërs in team nei de boaiem fan 'e Marianentrôch liede om 'e see ûnder de termokline wolk fierder yn kaart te bringen, giet de fjirtjinjierrige Meiying as ferstekling mei oan board fan 'e ûnderseeër fan Taylor. Dyselde wol earst weromkeare nei Mana One om Meiying werom te bringen, mar dat blykt net praktysk, dat it oerhearrige fanke kriget har sin: se giet mei nei de seeboaiem. Noch boppe de termokline wolk komme de ûnderseeërs ta skrik fan 'e bemannings in megalodon tsjin. Mar dizze megalodon hat in ymplantearre radiostjoerderke, dat har identifisearret as Haiqi. Om oan it bist te ûntkommen, dûke de ûnderseeërs op folle faasje troch de termokline wolk, mar Haiqi folget harren en klearret harsels ek in paad troch de wolk. Yn 'e waarme djipsee komme de ûnderseeërs twa reuseftige mantsjesmegalodons tsjin, dy't lykwols inkeld belangstelling hawwe foar Haiqi. Dan wurdt dúdlik wêrom't Haiqi har de lêste tiid sa apart holden en droegen hat: it is peartiid en se is tyldriftich.

Trochdat se Haiqi en de oare megalodons folgje, wike Taylor en Zhang-en-dy foar it earst ôf fan harren systematyske ferkenning fan 'e seeboaiem. Se bedarje earne dêr't se noch nea west hawwe en treffe dêr, ta har abslute ferbjustering, op 7.600 m djipte in bouwurk oan dat dúdlike fan minsklike oarsprong is. It blykt om in yllegale mynbou-operaasje te gean. Wylst Taylor en Zhang har deroer besauwe hoefolle oft it wol net koste hawwe moat om soks hjir op 'e boaiem fan 'e Marianentrôch te bouwen, wurdt de oanwêzigens fan 'e beide ûnderseeërs ûntdutsen troch de hierling Montes, dy't oan it haad fan 'e operaasje stiet. Syn mannen hawwe krekt eksplosiven yn 'e seeboaiem oanbrocht, dy't se ûntploffe litte wolle om by dylchstoffen komme te kinnen. Om 'e beide ûnderseeërs fan Mana One te ferneatigjen, lit Montes de eksplosiven te betiid ôfgean, wêrmei't er ek syn eigen mannen deadet. De beide ûnderseeërs besykje te ûntsnappen, mar kommen kilometers fierderop fêst te sitten as se bedobbe wurde ûnder de loskommen rotsblokken.

De ûnderseeër fan Zhang wurdt neat mear fan fernommen. Taylor wit kontakt te lizzen mei Mana One, mar wannear't Mac in rêdingsoperaasje op tou sette wol, docht bliken dat de lêste fan 'e trije ûnderseeërs fan it stasjon sabotearre is op sa'n manear dat er ûnbrûkber rekke is. Mac en syn neiste ûnderhearrigen D.J. en Jess begjinne in ûndersyk om út te finen wa't ferantwurdlik is foar de sabotaazje, mar se kinne foar Taylor neat betsjutte. Dêrop beslút Taylor om mei Meiying en de bemanningsleden fan syn ûnderseeër yn dûkpakken dy't makke binne om 'e hege druk fan 'e djipsee te wjerstean it hiele ein werom te rinnen nei it mynboustasjon, dat grif oer eigen ûnderseeërs beskikke moat. As se noch net sa lang ûnderweis binne, wurde se byhelle troch Zhang en syn bemanningsleden, dy't de ramp ek oerlibbe blike te hawwen. Sânresom geane se fierder, mar ien fan harren, Lance, wurdt al rillegau ferslynd troch in ûnbekend wêzen dat de oaren net sjogge.

Wannear't de groep hast by it mynboustasjon arrivearre is, wurde se oanfallen troch in iezing saneamde 'happers'. Dat binne prehistoaryske, mei kiuwen tariste hagediseftige wêzens mei in lingte fan 3 m. Dêrby komme Sal en Curtis om, mar Taylor, Zhang, Meiying en Rigas witte it mynboustasjon te berikken troch mei in ljochttoarts de oandacht te lûken fan in pear megalodons, dy't de happers oanfalle en ferskaten opfrette. Yn it mynboustasjon komme de oerlibbenen lykwols fêst te sitten yn 'e romte dêr't de rêdingskapsules ôfmarre binne. De tagong ta de doarren dêrfan wurdt op ôfstân betsjinne troch Jess, dy't de saboteur op Mana One blykt te wêzen. Hja wurket foar Hillary Driscoll, dy't efter de bou fan it mynboustasjon sit. Sy wol de boaiem fan 'e Marianentrôch eksploitearje foar de seldsume ierdmetalen dy't dêr te finen binne, en it kin har en Jess neat skele hoefolle ekologyske skea oft se dêrmei oanrjochtsje. Jess besiket de leden fan 'e groep tsjininoar op te setten, mar wannear't dat mislearret, lit se de ûntsnappingskapsules leech nei it wetteroerflak gean, wylst se de romte dêr't Taylor-en-dy fêstsitte stadich folrinne lit mei wetter.

Underwilens sykje Mac en D.J. oan board fan Mana One noch altyd nei de saboteur. Jess hie de bylden fan 'e befeiligingskamera's wiske, mar se wist net dat der automatysk ek in back-up nei de cloud gie. Sa krije Mac en D.J. foar it ferstân dat Jess harren ferret hat. Op 'e seeboaiem swimt Taylor bûtenom it mynboustasjon om by it betsjinningspaniel foar de ôfsletten romte te kommen. Om dat te berikken foar't syn styfdochter en freonen ferdrinke, moat er earst by Montes lâns sjen te kommen, dy't in persoanlike wrok tsjin Taylor koesteret. Troch Taylor syn ûndersiken nei miljeufersmoarging op see is Montes dêr nammentlik foar feroardiele en hat er jierren yn in Filipynsk tichthûs trochbrocht. Taylor wit Montes lykwols fan him ôf te slaan, wêrnei't er de oaren op it nipperke rêdt. Se fine Montes syn ûnderseeër en brûke dy om út it mynboustasjon nei it see-oerflak te flechtsjen. Underweis wurde se gewaar dat de eksploazje, dy't Montes ôfgean litten hat, tydlik in bres yn 'e termokline wolk slein hat. Zhang seit dat dat mei in pear oeren wol wer oerbetterje sil, mar sa lang bestiet der in trochgong foar bisten út 'e waarme djipsee nei de boppen ta. Sûnder dat se it witte, wurdt harren ûnderseeër troch de termokline wolk hinne folge troch in reuseftige oktopus. Underwilens docht Montes in atmosfearysk dûkpak oan, wêrmei't er ek nei de see-oerflak wit te kommen.

As se by Mana One oankomme, ûntdekke Taylor-en-dy dat it stasjon kaapt is troch swierbewapene hierlingen yn 'e tsjinst fan Driscoll. Se witte mei Mac en D.J. te ûntsnappen yn in rubberboat. Montes jout him op Mana One by Jess, mei wa't er in relaasje blykt te ûnderhâlden. Tsjin dy tiid komt oan it ljocht dat der troch it tydlike gat yn 'e termokline wolk trije megalodons út 'e waarme djipsee ûntsnapt binne. Ien giet op Mana One ôf. Jess fertrout der folslein op dat de ruten fan it ûnderwetterstasjon tsjin megalodons bestân binne, mar dêr is se mis mei: de reuseftige rôffisk raamt syn snút troch it finster hinne en ferslynt har. It bist folget dêrnei syn beide soartgenoaten, dy't yn 'e rjochting fan in Sineesk fakânsje-eilân swimme dat "Fun Island" hjit. Taylor-en-dy sette ek koers dêrhinne om 'e toeristen te warskôgjen foar it driigjende gefaar, en teffens om in wurkjende satellyttillefoan te bemachtigjen om 'e autoriteiten op 'e hichte te stellen fan 'e kaping fan Mana One. Hillary Driscoll is der alles oan gelegen om dat foar te kommen, dat ek sy set nei Fun Island ta, yn it selskip fan Montes en in grutte groep hierlingen.

Op it eilân docht Taylor, net alhiel súksesfol, war om 'e megalodons by de swimmende en baaiende minsken wei te hâlden, wylst Mac, Zhang, D.J. en Rigas op 'e sneup geane nei in satellyttillefoan. Meiying, dy't op it drûge bliuwe soe, bejout har dochs yn see om badgasten en in hûntsje te rêden. Taylor wit ien megalodon mei eksplosiven te deadzjen, mar wurdt dêrnei oanfallen troch Montes. Nei in lang gefjocht slacht er dy yn 'e bek fan in twadde megalodon om opfretten te wurden. Montes syn hierlingen wurde ûnderwilens útskeakele troch in groep happers, dy't ek troch it gat yn 'e termokline wolk kommen binne, en dy't har op lân like noflik fiele as yn it wetter. Driscoll ferskânzet har yn har helikopter, mar fersommet om ien fan 'e doarren te beskoatteljen en wurdt derút skuord troch in happer dy't har meisleept it strewelleguod yn om har op te fretten.

De reuseftige oktopus ferskynt en begjint de toeristen oan te fallen. Zhang en Mac hawwe ûnderwilens op it eilân in bom boud mei keunstdong dy't se út in skuorke mei ark en reau foar túnlju opdien hawwe. Se nimme de lege helikopter fan Driscoll en besykje de bom tsjin 'e oktopus te brûken, mar dy skuort de helikopter út 'e loft. Zhang syn bom ferwûnet it bist mar licht, mar de ûntploffing lûkt wol de trêde en lytste megalodon oan, dy't Haiqi blykt te wêzen. De oktopus besiket de haai fyn te knipen, mar Haiqi skuort har los en byt de oktopus dea. Underwilens brûkt Taylor in ôfbrutsen blêd fan 'e rotor fan 'e helikopter om 'e twadde megalodon mei speetsen, dat er it bestjert. Taylor, Mac en Zhang lizze dêrnei alle trije yn it wetter. Wannear't Haiqi harren kant út swimt, demonstrearret Zhang oan 'e oaren dat er har mei syn oanlearde sinjalen fuortswimme litte kin. De oaren leauwe der neat fan en binne fan tinken dat de haai ôflaat waard troch in útnaaiende groep dolfinen. Nei't alle hierlingen ferslein en alle meunsters útsein Haiqi dea binne, bekomme Taylor, Mac, Zhang, Meiying, Rigas en D.J. op it strân. De folwoeksenen leegje mei-inoar in flesse sterke drank. Dan oppenearret Rigas dat it wol kâns hat dat Haiqi no drachtich is.

Rolferdieling

haadrollen