Francesco Cetti (Mannheim, 9 augustus 1726 – Sassari, 20 novimber 1778) wie in Italjaanske roomsk-katolike pryster, natuerûndersiker (benammen soölooch) en wiskundige.
Biografy Cetti waard berne yn Mannheim yn Dútslân, mar syn âlden kamen oarspronklik út Como. Hy waard oplaat yn Lombardije en oan it Jezuïtekolleezje yn Monza. left|thumb|175px|Cettisjonger (Yllustraasje fan John Gerrard Keulemans) Yn 1765 waard er nei Sardinië stjoerd om dêr it ûnderwiisnivo op it eilân te ferheegjen. Yn 1766 waard er beneamd op de learstoel mei de learopdracht wiskunde oan de universiteit fan Sassari. Hy hie dy learstoel oant syn dea ta.
Cetti swalke faak yn 'e omkriten fan Sassari, wêrby't er sûchdieren, fûgels, fisken, ynsekten en fossilen ûndersocht en sammele. Syn ûntdekkingen en fynsten lei er fêst yn de Storia Naturale di Sardegna (de 'natuerlike histoarje fan Sardinië'), 1774 – 7, in wurk yn fjouwer dielen.
Cetti wurdt betocht yn 'e namme fan 'e Cettisjonger (Cettia cetti), , 1994. Handbook of the Birds of Europe, the Middle East, and North Africa: The Birds of the Western Palearctic Volume VI: dy't op Sardynje sammele waard troch Alberto della Marmora.
Wurken
Kategory:Italjaansk ornitolooch Kategory:Italjaansk soölooch Kategory:Italjaansk wiskundige Kategory:Italjaansk heechlearaar Kategory:Italjaansk kristlik preester Kategory:Jezuyt Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1726 Kategory:Persoan stoarn yn 1778