De lytse prêrjemiuw of Franklinmiuw (Leucophaeus pipixcan) is in lytse miuw. De skaainamme Leucophaeus komt út it Aldgryksk: leukos ("wyt") en phaios ("donker"). De soartnamme pipixcan is in Nahuatl-namme foar in soarte miuw. De namme Franklinmiuw waard jûn ta oantins fan 'e poalûndersiker John Franklin, dy't yn 1825 in ekspedysje late wêrby't it type-eksimplaar sammele waard.
Beskriuwing thumb|left|Winterkleed. It simmerkleed fan 'e folwoeksen fûgel is wyt, mei neffens oare miuwen fan 'e selde grutte in rêch en wjukken dy't tige donkergriis binne. De wjukken hawwe swarte punten en efter in wite bân. De snaffel en poaten binne read. Winterdeis is de swarte kap fan 'e briedende fûgel foar it grutste part ferdwûn.
Jonge fûgels lykje op 'e folwoeksenen, mar hawwe in minder ûntwikkele kap en misse de wite wjukbân. Se dogge der trije jier oer om folwoeksen te wurden.
Ofmjittings Lingte: 32–36 sm Gewicht: 230–300 g Wjukspanwiidte: 85–95 sm
Hy briedt yn 'e sintrale provinsjes fan Kanada en oanbuorjende steaten fan 'e noardlike Feriene Steaten. It is in trekfûgel dy't winterdeis yn Argentynje, de Kariben, Sily en Perû libbet.
Hoewol't de fûgel ûngewoan is oan 'e kusten fan Noard-Amearika, komt er as in seldsume dwaalgast foar yn noardwestlik Jeropa, súdlik en westlik Afrika, Austraalje en Japan, mei in inkelde waarnimming yn Eilat (Israel) yn 2011 en in inkelde waarnimming yn Larnaca (Syprus) yn july 2006. Begjin 2017 waard de soarte ek sjoen yn súdlik Roemeenje.
Hâlden en dragen thumb|left|Lytse prêrjemiuwen. Se binne omnivoaren, lykas de measte miuwen; se sykje nei ôffal en ek nei lytse proaien. Yn 'e maitiid driuwe grutte groepen op rivieren, lykas de Bow River, mei de stream mei, wylst se de útkommende ynsekten fan it wetteroerflak pikke. It gedrach om in stik rivier ôf te driuwen wurdt hieltyd wer op 'e nij dien. Yn it briedseizoen fange se ynsekten yn 'e flecht en sykje se op 'e grûn of ek yn it wetter nei ynsekten.
Brieden De fûgels briede yn koloanjes tichteby prêrjemarren, wêrby't it nêst op 'e grûn boud wurdt, of somtiden driuwend op it wetter. De twa of trije aaien wurde yn likernôch trije wiken útbret.
Status Dizze soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't op it stuit tanimt. Dêrom is er op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). Wetlands International rûsde de wrâldpopulaasje yn 2018 op 1.000.000 oant 1.490.000 yndividuen.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Griiswite kob Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko