De swartkopmiuw (Ichthyaetus melanocephalus; synonym: Larus melanocephalus) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). Oant foar koart waard de soarte by it skaai Larus yndield, mar op basis fan ûndersyk oan mitochondriaal DNA is dúdlik wurden dat dizze yndieling net korrekt is. De fûgel is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten bekend binne.

Wittenskiplike namme De namme fan 'e soarte waard yn 1820 foar it earst troch Coenraad Jacob Temminck publisearre as Larus melanocephalus. De namme melanocephalus is ôflaat fan it Aldgrykske mélas (swart) en kephalē (holle of kop).

Skaaimerken thumb|left|Winterkleed. De fûgel is 37 oant 40 sm lang en hat in spanwiidte fan 94 oant 102 sm. De swartkopmiuw is wat grutter en swierder fan bou as de kob, mei in swierdere snaffel en langere, donkerder poaten. Yn it briedkleed is de swartkopmiuw opfallend wyt mei in ljochtgrize mantel en wjukken mei wite slachpinnen sûnder swarte úteinen. De swarte kop rint troch oant yn 'e nekke en lit opfallende wite heale moannefoarmige tekeningen by de eagen sjen, wêrbinnen in donkerreade eachring te sjen is. De skerpe donkerreade snaffel hat in swarte bân foar de punt. De kop fan 'e folwoeksen fûgel bûten de briedtiid is folle minder swart. Oer de eagen rint in donker masker.

It duorret twa jier foardat dat de swartkopmiuw it folwoeksen fearrekleed kriget. Fûgels yn it earste jier hawwe in swarte bân oan 'e ein fan 'e sturt en mear swarte gebieten op 'e boppewjukken, mar hawwe ljochte ûnderwjukken.

Fersprieding De swartkopmiuw briedt benammen oan 'e kusten fan 'e Swarte See yn Oekraïne en fierder nei it westen yn West-Europa, mar dêr hat de fûgel in sterk fragmintearre fersprieding. Hy is folle seldsumer as de kob, dêr't er faak yn 'e selde koloanjes mei briedt.

Nederlân

De swartkopmiuw briedt sûnt de jierren 1930 ek yn Nederlân. Ynearsten wie it in seldsume briedfûgel, mar sûnt 1980 namen de oantallen ta oant mear as 4000 pearkes. De measte fûgels sitte yn it súdwesten fan it lân mei koloanjes fan wol hûnderten fûgels, mar de fûgel hat ek it Iselmargebiet ûntdutsen en dêr nimme de oantallen ek ta. Winterdeis oerwinterje se foaral yn it Middellânske Seegebiet. Nederlân leit oan 'e noardwestlike grins fan it ferspriedingsgebiet.

Ekology It iten bestiet út fiskjes, wjirms, ynsekten, skulp- en skaaldierkes. In lechsel bestiet út twa oant trije ljocht gielbrune aaien mei donkere plakjes.

Status De grutte fan 'e Europeeske populaasje waard yn 2012 rûsd op 236.000 oant 656.000 folwoeksen fûgels. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat dizze soarte de status 'net bedrige' (Least Concern'').

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swartkopmiuw Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See