De koraalmiuw of Audouinmiuw (Ichthyaetus audouinii; synonym: Larus audouinii) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). Oant foar koart waard de soarte by it skaai Larus yndield, mar op basis fan ûndersyk oan mitogondriaal DNA is dúdlik woarn dat de fûgel yn it skaai Ichthyaetus thúsheart.

Beskriuwing

In folwoeksen koraalmiuw yn briedkleed is foar it grutste part wyt; de kop, hals, boarst, búk, sturt en de ûnderwjukken binne sniewyt. De boppekant fan 'e wjukken is sulvergriis, mei opfallende swarte wjukpunten dy't sawol fan boppen as fan ûnderen sichtber binne. De poaten binne griisgrien en de snaffel is helderread mei in swarte bân en in giele punt.

Juvenilen hawwe in brúngriis, skobbich fearrekleed, in donkere sturtbân en in rôze-eftige snaffel mei in donkere punt. Fersprieding Dizze soarte komt foar op in beheind tal plakken yn it Middellânske Seegebiet. Guon fûgels lûke winterdeis nei de Atlantyske kusten fan Marokko oant Senegal, oaren binne stânfûgels. In grut part fan 'e populaasje briedt op 'e Chafarinas-eilannen by Marokko. Yn Nederlân is dizze soarte in dwaalgast mei mar in pear wisse waarnimmings.

Ekology Koraalmiuwen briede op lytse rotsige eilannen mei in soad sinne en net in soad begroeiïng. It nêst, in kuoltsje tusken de stiennen, wurdt beklaaid mei gers, seewier en fearren. Yn april of maaie wurde 3 aaien lein, dy't oliifgrien oant ljochtbrún binne mei donkere plakken. De aaien wurde yn 26 oant 33 dagen útbret en de jongen ferlitte it nêst fuortendaliks. Nei fiif oant seis wiken kinne se fleane.

De fûgel yt benammen fisk, dy't yn 'e flecht of troch in dûk yn it wetter fongen wurde. Oars as in soad oare miuwesoarten ite se mar in bytsje ôffal; njonken fisk ite se ek guon oare soarten wetterdieren.

Status en bedrigingen De grutte fan 'e populaasje wurdt op 33.000 oant 46.000 folwoeksen eksimplaren rûsd. Oant 2018 stie de fûgel as 'net bedrige' (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN, mar troch in sterke ôfname yn 'e lêste jierren is de status yn 2020 feroare yn 'kwetsber'. Om't de fûgel net op jiskebulten nei iten siket, is er foar syn bestean tige ôfhinklik fan in sûne fiskstân. De oerbefisking yn it Middellânske Seegebiet hat de beskikberens fan iten fermindere.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swartkopmiuw Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See