De seegleeën (Haliastur) foarmje in rôffûgelskaai út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).

Fersprieding en leefomjouwing De soarten út it skaai komme benammen foar yn Súd-Aazje, Súdeast-Aazje en Austraalje. Seegleeën wurde faak by wetter sjoen lykas kustkriten mar ek wol fierder it lân yn by rivieren en marren, dêr't se jeie op fisk en oare lytse proaien. Se libje ek fan ies.

Soarten It skaai telt twa libbene soarten:

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px Brahmaanske glee Haliastur indus Súd- en Súdeast-Aazje, de Filipinen, Nij-Guineä en Austraalje net bedrigeHaliastur indus op BirdLife 120px Kylsturtglee Haliastur sphenurus Austraalje, Nij-Guineä en Nij-Kaledoanje net bedrigeHaliastur sphenurus op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Haukfûgel