Barak (Hebriuwsk: בָּרָק, bāraq, "wjerljocht") is in bibelsk figuer út it Alde Testamint. Hy wie in legeroanfierder yn 'e tiid fan 'e rjochters yn Israel. Syn skiednis wurdt beskreaun yn it boek Rjochters (haadstik 4 en 5).

Namme De namme Barak betsjut "wjerljocht". Yn guon bibeloersettings wurdt derom ek wol sprutsen fan "wjerljochtsjende Barak". Yn it Nij-Testamintyske boek Hebreeërs (11:32) wurdt Barak - tegearre mei ûnder oare Gideon, Jefta en Simson, David en Samuël, as ien fan 'e helden fan it leauwen omskreaun.

Barak en Deboara Barak wie de soan fan Abinoäm út de stamme Naftaly. Hy krige fan 'e profetesse en rjochter Deboara de opdracht om mei tsientûzen soldaten út de stammen Naftaly en Sebûlon te striden tsjin it leger fan 'e Kanaäniten. Kening Jabin fan Kanaän ûnderdrukte it folk fan Israel doe al tweintich jier en beskikte oer njoggenhûndert izeren striidweinen.

Barak doarde de opdracht lykwols allinnich oan as Deboara mei him meigean soe. Deboara stimde dêrmei yn, mar foarsei wol dat de ear fan 'e oerwinning op 'e Kanaänityske legeroanfierder net nei Barak gean soe, mar nei in frou.

De striid en Jaël thumb|left|Jaël toant Barak de deade SiseraHans Speckaert Barak fersloech it leger fan 'e Kanaäniten, om't God grutte panyk ûnder harren siedde. De Kanaänityske legeroanfierder Sisera sprong yn wanhoop fan syn striidwein en flechte te foet fierder nei it tintekamp fan de Keniten, in folk dat op goede foet stie mei de Kanaäniten.

Sisera frege dêr oan Jaël, de frou fan Chêber de Kenyt, om him yn har tinte te ferbergjen en him net te ferrieden. Doe't er lykwols fan wurgens yn 'e sliep foel, naam Jaël in tintepin en sloech dy mei in hammer troch syn sliep de grûn yn, sadat er stoar. Doe't Barak en syn soldaten wat letter by de tinte kamen om Sisera te sykjen, liet Jaël him de deade legeroanfierder sjen.

It liet fan Deboara It ferhaal oer de striid yn Rjochters 4 wurdt yn Rjochters 5 folge troch in oerwinningsliet, dat bekend stiet as it 'Liet fan Deboara'. Boppe it liet wurdt fermeld dat Deboara en Barak dit tegearre songen hawwe.

It ferhaal en it liet hearre wol byinoar, mar komme net hielendal oerien. Neffens it ferhaal yn Rjochters 4 fochten allinnich soldaten út de stammen Naftaly en Sebulon mei. Yn it liet yn Rjochters 5 wurde ek ferskate oare stammen fan Israel neamd dy't meiïnoar striden hawwe.

Grêf thumb|left|It mooglike grêf fan Barak yn Tel Kedesh. Yn 'e joadske tradysje soe Barak begroeven wêze yn Tel Kedesh (Israel). Tel Kedesh leit yn it noarden fan it hjoeddeiske Israel tichteby de grins mei Libanon. Dat komt oerien mei de tekst yn 'e Bibel yn Rjochters 4, dêr't skreaun wurdt dat Barak oarspronklik út Kades yn Naftaly weikaam.

Op dy lokaasje binne de resten fan in âld grêf dat oanwiisd wurdt as de lêste rêstplakken fan Barak en Deboara.

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 12e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 12e iuw f.Kr.