Dornier Do J Wal 275px Rol Maritym ferkennings- en rêdingsfleantúch, postfleantúch Makker Dornier Flugzeugwerke Earste flecht 6 novimber 1922 Yn tsjinst 1923 Ut tsjinst 1939 Tal makke goed 250 thumb|left|De I-DIAR op Gotland op de Danzig-Stockholm rûte, simmer 1925. thumb|De Dornier J D-861yn 1926 thumb|De Spaanske Dornier Do J Plus Ultra yn't Luján Museum yn Buenos Aires, Argentynje De Dornier Do J Wal wie in fleanboat alhiel fan metaal makke dy't yn de jierren tritich troch it Dútske bedriuw Dornier ûntwurpen waard. De bynamme 'Wal' is it Dútske wurd foar walfisk. It prototype fleach op 6 novimber 1922.

It tastel hie in iepen cockpit en in heechpleatste fleugel mei dêrop twa motors yn in lûk-triuw konfiguraasje. De Wal is yn ferskate ferzjes, foar sawol militêr as sivyl gebrûk en mei ferskate motors boud.

Mear as 250 Wals waarden boud troch CMASA en Piaggio yn Itaalje, CASA yn Spanje, Kawasaki yn Japan, Aviolanda yn Nederlân en Dornier yn Dútslân. De Dornier Do 18 wie in folslein by de tiid brochte opfolger fan 'e Wal, mar dielde net folle mear as de algemiene konfiguraasje fan de Wal.

Pioniersflechten De Deutsche Lufthansa sette it fleantúch yn foar it ferfieren fan post nei en fan Súd-Amearika; der waarden sa'n 300 fan dy flechten maake. De Noarske poalûndersiker Roald Amundsen, begelaat troch Lincoln Ellsworth, piloat Hjalmar Riiser-Larsen, en trije oare teamleden, brûkte yn 1925 twa Wals foar syn mislearre besykjen om de Noardpoal te berikken. Op 18 augustus 1930 makke Wolfgang von Gronau in transatlantyske flecht mei in Dornier Wal - de âlde D-1422 fleanboat dy't Amundsen earder flein hie. Op 21 july 1932 fleach von Gronau út Dútslân wei de wrâld oer op in oare Dornier Wal-fleanboat - mei de namme Grönland Wal (Grienlânske walfisk) - mei in bemanning fan trije minsken. Hy kaam 111 dagen letter werom, op 10 novimber, nei't er fan List auf Sylt nei it westen opstigen wie oer Iislân, Grienlân, Kanada, de Aleoeten, Alaska, de Koerilen, Japan, Sina, de Filipinen, Yndoneezje, Malakka, Birma, Seylon, Yndia, Iran, Irak, Syprus, Grikelân en Itaalje, en lâne úteinlik yn 'e Bodensee nei't er mear as 44.000 km (27.000 mi) ôflein hie.Wolfgang von Gronau, Im Grönland-Wal. Dreimal über den Atlantik und einmal um die Welt. R. Hobbing, Berlyn 1933

Yn 1926 waard kaptein Ramón Franco in nasjonale Spaanske held doe't er de Plus Ultra bestjoerde op in trans-Atlantyske flecht, wêrby't er de rûte folge dy't earder ferkend wie troch de Portugeeske fleanders Artur de Sacadura Cabral en Carlos Viegas Gago Coutinho yn 'e earste flecht oer de Súd-Atlantyske Oseaan yn 1922.

De Portegeeske militêre fleander majoar Sarmento de Beires en syn bemanning (kaptein Jorge de Castilho as navigator en luitenant Manuel Gouveia as flechtyngenieur) stutsen as earsten de Atlantyske Oseaan by nacht oer yn in Dornier J mei de namme Argos. De oerstek waard makke yn 'e nacht fan 16 op 17 maart 1927, fan 'e Bijagós-arsjipel yn Portegeesk Guinea nei it Brazyljaanske eilân Fernando de Noronha.

Twa Dornier Wals (D-ALOX Passat en D-AKER Boreas) spilen ek in wichtige rol yn 'e Tredde Dútske Antarktyske Ekspedysje fan 1939.

Yn Nederlânske tsjinst De Nederlânske Marine Loftfearttsjinst bestelde yn 1926 fiif Wals by it Dornier-fabryk yn Marina di Pisa (Itaalje) en kocht in lisinsje om de tastellen yn Nederlân te produsearjen. Maatschappij voor Vliegtuigbouw Aviolanda NV mocht dizze tastellen produsearje en hat der 41 fan boud. De MLD brûkte it tastel yn Nederlânsk-Ynje as 'tûzenpoat', it tastel waard brûkt as rêdingsferkennings-, transport- en patrûljefleantúch. It wie ek in Dornier Wal dy't ûnder de Oproer op De Zeven Provinciën in bom op dat skip smiet, wêrby't 23 persoanen omkamen. Carin Bouwmeester, Ed Delwel, Ton Mantoua, Anne Nippel, Katja Rotte en Sylvia Sassenus (red.) (1985) - Kroniek van de 20e eeuw [tot en met 1940] - Elsevier, Amsterdam/Brussel

Technyske feiten thumb|Dornier Wal

Parameter Gegevens Dornier Do J Wal Bemanning 3 Passazjiers 8–10 Langte 17,25 m Spanwiidte 22,50 m Hichte 5,20 m Fleugeloerflak 96,00 m² Gewicht leech 3630 kg Startgewicht 5500–7000 kg Oandriuwing 2 × Hispano-Suiza 42 fan 300 hk of 2 × Rolls-Royce Eagle IX fan 360 hk of 2 × Isotta Fraschini fan 500 hk of 2 × Fiat A22R of 2 × BMW VI fan 600 hk Heechste faasje 170–185 km/o Tsjinstplafond 3500 m

Kategory:Fleanboat Kategory:Dútske ferkearsfleanmasine Kategory:Dútske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1922