Ticket to Paradise is in Australysk-Britsk-Amerikaanske romantyske komeedzje út 2022 ûnder rezjy fan Ol Parker, mei yn 'e haadrollen George Clooney en Julia Roberts. De titel betsjut "Fleanticket nei it Paradys". It ferhaal folget in skieden stel dat inoar net luchtsje of sjen kin. As harren dochter op fakânsje op Baly in Yndonezyske jonge moetet, smoarfereale rekket en binnen twa moannen trouwe wol, binne heit en mem it lykwols foar it earst yn jierren folslein iens: dit houlik moat tsjinkeard wurde. Ticket to Paradise krige fan 'e filmkritisy mingde oant positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

Plot Abbekaat David Cotton en galeryhâldster Georgia Cotton binne in skieden stel út 'e Feriene Steaten dat in grouwéligen hekel oaninoar hat. It spyt harren dat se ea mei-inoar troud binne en se sjogge mei argewaasje werom op harren fiifjierrich houlik, dat krapoan tweintich jier lyn op 'e klippen rûn is. It iennichste goede dat dêrút fuortkommen is, dêr binne se it dan wol wer oer iens, is harren dochter Lily. David en Georgia sjogge inoar foar it earst yn jierren wer by de diploma-útrikking nei't Lily har stúdzje rjochten ôfrûne hat. It wersjen giet mank mei gâns tsierderij en iggewearjen. It is de bedoeling dat Lily no oan it wurk gean sil by in abbekatekantoar, mar earst giet se mei har stúdzje- en keamergenoate en bêste freondinne Wren Butler in moanne op fakânsje nei it eksoatyske eilân Baly yn Yndoneezje.

As de beide fammen dêr op iepen see oan it snorkeljen binne, komme se op in stuit ta de ûntdekking dat de toeristeboat dêr't se mei kommen binne, sûnder har beiden wer ôfset is. Wylst se besykje nei de fiere kust te swimmen, wurde se opmurken en rêden troch de jonge Balineeske seewierkweker Gede (útspr.: "g'dee"). Foar sawol Lily as Gede is it leafde op it earste gesicht. Se krije in relaasje, en in moanne letter stjoert Lily har heit en mem in e-mailtsje wêryn't se harren witte lit dat se sa gau mooglik mei Gede trouwe sil, dat se op Baly bliuwt te wenjen en dat se ôfsjocht fan in karriêre as abbekate. Dat nijs slacht yn 'e Feriene Steaten yn as in bom. Beide âlden fine Lily fierstente jong om te trouwen en se binne derfan oertsjûge dat se op it punt stiet en meitsje deselde flater dy't sysels begien hawwe. David en Georgia binne it frijwol nearne oer iens, mar se fine inoar yn it foarnimmen om derfoar te soargjen dat dit houlik nea plakfine sil.

Dat, David en Georgia fleane nei de Balineeske haadstêd Denpasar. De piloat fan harren ferkearsfleanmasine blykt Paul te wêzen, de Frânske frijer fan Georgia, dy't folle jonger is as sysels (in punt dêr't David sa út en troch graach fyntsjes op wize mei). Paul hat mei opset sin syn wurkskema omgoaid en is fan doel om him in pear dagen letter by Georgia op Baly te jaan. David en Georgia kenne harren dochter, dat se witte dat Lily de hakken yn it sân sette sil as sy harren iepentlik tsjin it houlik keare soene. Dat, ienris oankommen op Baly, beare se dat se harren seine oan it houlik jouwe, wylst se temûk fan doel binne om 'e boel fan binnenút te sabotearjen as se ienris it fertrouwen fan Lily en Gede wûn hawwe.

Gede komt út in grutte famylje dy't it Balineesk hindoeïsme oanhinget. David en Georgia komme yn 'e kunde mei syn heit Wayan, syn mem Suli, syn suster Losi (dy't foar dokter leart) en in suver ûneinige rige oare famyljeleden. It is de bedoeling dat it in tradisjonele Balineesk hindoeïstyske trouwerij wurde sil, en as ûnderdiel dêrfan moatte de trouringen inkele dagen foarôfgeande oan 'e eigentlike trouwerij útwiksele wurde. Wannear't David en Georgia foar it ferstân krije dat de ringen sa wichtich binne dat it houlik sûnder ringen gjin trochgong fine kin, beslute se de ringen efteroer te drukken. Mar it docht bliken dat it tastien is om 'e ringen te ferfangen, dat it pakt net sa út as de gearspanders it yn 'e holle hiene. Gede fermoedet fuortendaliks dat David en Georgia wat mei it weireitsjen fan 'e ringen te krijen hawwe, mar hy ferberget syn fertinkings foar Lily om't er wit dat it har kwetse soe as se foar it ferstân krige dat har âlden inkeld nei Baly takommen wiene om har djipste ferlangens te dwerseidzjen.

Om't harren snoade plantsje aktive gearwurking fereasket, geane David en Georgia mear mei-inoar om as se sûnt harren skieding dien hawwe. Stadichoan begjinne se it âldsear dat se foarinoar fiele, los te litten en groeie se nei-inoar ta. Tagelyk komme se better yn 'e kunde mei Gede, dy't echt fan Lily hâldt, en mei syn famyljeleden, dy't ta harren ferrassing wier om Lily lykje te jaan. David lêst yn in reisgids oer de timpel Tanah Lot, dêr't neffens de ynlânske folkloare in flok op leit: minners dy't dêrhinne geane sûnder dat se troud binne, sille nea ta trouwen komme, sa is it sizzen. Dat, David beävensearret dat it selskip in deitripke nei Tanah Lot makket. Gede, dy't krekt wit wat der geande is, sabotearret it plantsje troch mei Lily bûten de timpel te bliuwen, mar Paul, dy't ûnderwilens weromkommen is, giet wol mei David en Georgia nei binnen. Hy besiket Georgia yn 'e timpel in houliksoansiik te dwaan, mar dat misbeateart wannear't er biten wurdt troch in gifslange en halje-trawalje ôffierd wurde moat nei it sikehûs. In twadde oansiik, letter yn it hotel, mislearret as Paul ûnferwachts út in knibbele hâlding oerein komt wylst Georgia mei har holle boppe him hinget, sadat er har ûnbedoeld in kopstjit jout en har op in hier nei de noas brekt.

Letter reitsje David en Georgia mei Gede en Lily strâne op in ûnbewenne diel fan 'e Balineeske kust trochdat David de boat fan Gede fêstbûn hat oan in op it strân lizzende beamstam dy't by floed fuortdriuwt, de see yn. Wylst se dêr bûtendoar de nacht trochbringe moatte, fynt Lily de weirekke trouringen yn it hântaske fan har mem. As se foar it ferstân kriget wat der geande is, rekket se yn alle steaten en seit se har âlden goed it mannewaar op. Koartsein komt it del op in ultimatum: òf David en Georgia jouwe wier harren seine oan it houlik, òf se kinne opsokkebalje nei de Feriene Steaten. Dat Gede wist wat der oan 'e hân wie, mar dat foar har geheim hold, kin Lily likemin bot wurdearje, dat der ûntstiet ek spul tusken breid en brêgeman. Nei't se de nacht trochbrocht hawwe yn in eigenboude hutte yn it oerwâld, dêr't se, om lichemswaarmte te dielen tsjininoaroan lein hawwe, wikselje David en Georgia in tút út as se de oare moarns tegearre de sinne opkommen sjogge boppe de see. Se betinke har lykwols gau en beslute om te bearen as is dy tút nea foarfallen.

Nei't it selskip ferfier fûn hat om werom te kearen nei it hotel, oertinke David en Georgia dêre alles wat der bard is. Troch de reäksje fan Lily op harren bedroch beseffe se dat se har foar altyd ferlieze sille as se harren net by it houlik mei Gede dellizze. Dat wannear't Gede de houliksseremoanje op 'e dei fan 'e trouwerij stilleit om David en Georgia jitris om harren seine te freegjen, jouwe se dy, en diskear oprjocht. De seremoanje giet fierder en Lily en Gede trouwe. De deis nei de brulloft fertelt Georgia oan Paul dat se net mei him trouwe kin. Se mei him graach lije, mar se hâldt net fan him. Paul is teloarsteld, mar leit him by har beslút del. Se beëinigje harren relaasje.

Noch in dei letter nimme David, Georgia en Wren mei triennen ôfskie fan Lily (en Gede) om oan 'e weromreis nei de Feriene Steaten te begjinnen. Wren langet Lily by wize fan ôfskiedskado de grutte steapel kondooms oer dy't sy optimistysk ynpakt hie foar har Balineeske fakânsje, om't se, sa seit se, noch lang net ree is om muoike te wurden. Trijeresom stappe se op it strân op 'e fearboat dy't it earste stadium fan 'e reis nei hûs foarmet. Ienris oan board geane David en Georgia njonkeninoar sitten sûnder dat dêr in beskate reden foar is. It is dúdlik dat se wer fereale opinoar rekke binne. Se beprate wat se yn 'e Feriene Steaten sille en wannear't se werom sille nei Baly om Lily wer te sjen. David oppenearret dat er it him skoan yntinke kin om him nei syn pinsjoen op Baly nei wenjen te setten. Krekt sa't se yn 'e tiid dat se troud wiene altyd sei, as David plannen foar de takomst makke, seit Georgia no ek: "Wêrom wachtsje?" Se sjogge inoar oan, pakke inoar by de hân en springe tegearre yn see om werom te swimmen nei it strân.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise David Cotton George Clooney Georgia Cotton Julia Roberts

byrollen personaazje          akteur/aktrise Lily Cotton Kaitlyn Dever Wren Butler Maxime Bouttier Gede May Billie Lourd Paul Lucas Bravo Wayan May Agung Pindha Suli May Ifa Barry Losi May Cintya Dharmayanati Beth-Ann Flannery Geneviève Lemon Ketut Inaya Servais

Produksje en distribúsje Produksje Ticket to Paradise waard regissearre troch Ol Parker nei in senario fan himsels en Daniel Pipski. As produsinten wiene Tim Bevan, Eric Fellner, Sarah Harvey en Deborah Balderstone by it projekt belutsen foar de filmstudio's Working Title Films, Smokehouse Pictures en Red Om Films. Dêrmei wie de film in Australysk-Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ole Birkeland, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lorne Balfe.

Casting Foar de haadrollen yn Ticket to Paradise waarden filmstjerren George Clooney en Julia Roberts frege, dy't earder gearwurke hiene yn 'e films Ocean's Eleven (2001), Confessions of a Dangerous Mind (2002), Ocean's Twelve (2004) en Money Monster (2016). As harren filmdochter Lily waard de jonge aktrise Kaitlyn Dever cast, dy't bekendheid krigen hie mei har fêste rol yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing (2011–2021).

Opnamen De opnamen foar Ticket to Paradise setten yn novimber 2021 útein en duorren oant en mei 18 febrewaris 2022. Yn jannewaris fan dat jier wie der in koarte perioade dat it spul stil kaam te lizzen omreden fan in lockdown yn it ramt fan 'e koroanapandemy. De film waard yn syn gehiel opnommen yn Australyske steat Queenslân en krige dêrfoar in subsydzje ter wearde fan 6,4 miljoen Australyske dollar (omrekkene 4,9 Amerikaanske dollar). Neffens de Australyske minister fan Kommunikaasje en de Keunsten Paul Fletcher soarge it filmprojekt yn Austraalje foar teminsten 270 (tydlike) banen en waard der troch de produksje yn Austraalje foar 47 miljoen Australyske dollar (36,3 Amerikaanske dollar) útjûn.

Filmlokaasjes foar de opnamen fan Ticket to Paradise wiene de de sûkerreidfjilden by Norwell, it Nasjonaal Park Tamborine, de Queen's Wharf yn Brisbane en de Lofthaven Brisbane. De HOTA-galery yn 'e Gold Coast gie troch foar de Amerikaanske galery fan Georgia Cotton. De sênes yn it hotel waard filme yn it Tangalooma Island Resort op Moreton en yn it Palm Bay Resort op Long Island yn 'e Pinkstersneineilannen foar de kust fan Queenslân. De strânsêne oan 'e ein fan 'e film waard opnommen op Kate's Cove Beach op it eilantsje Haslewood.

Distribúsje De distribúsje fan Ticket to Paradise waard fersoarge troch Universal Pictures. Omreden fan 'e koroanapandemy gie in formele premiêre oer. De film gie op 8 septimber 2022 yn 'e Spaanske bioskopen yn premiêre. Dêrnei folgen op 15 septimber de bioskopen yn Austraalje, op 20 septimber dy yn it Feriene Keninkryk en op 21 septimber dy yn 'e Feriene Steaten. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 23 septimber by platemaatskippij Back Lot Music. Ticket to Paradise kaam op 8 novimber 2022 beskikber as digitale download en waard op 13 desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst