Christian Carl Magnussen (31 augustus 1821 – 18 july 1896) wie in Dútske skilder, benammen fan sjenresênes. Hy waard wol Maler der Friesen of Friesenmaler neamd.

Libben en wurk Hy waard berne yn Bredstedt. Hy begon syn artistike karriêre as learling fan Herman Wilhelm Bissen oan de Keninklike Deenske Akademy foar Byldzjende Keunsten yn Kopenhagen. Fan 1846 oant 1848 wied er yn Rome, dêr't hy sênes út it deistich libben sketste en skildere. Yn 1848, doe't syn oanfraach foar in beurs oan de Akademy ôfwiisd waard, rekke er belutsen by de Earste Sleeswykske Oarloch, oan de Dútske kant.

Nei de Deenske oerwinning festige er him yn Hamburch en waard portretskilder. Dêr krige er kunde oan Georg Christian Lorenz Meyer, in pleatslike politikus, en waard fereale op syn dochter, Meta. Fan 1851 oant 1852 finansierde Meyer in ferbliuw yn Parys foar him, dêr't er studearre by Thomas Couture (1815-1879). Nei't er werom wie, yn 1853, troude er mei Meta.

Meta har erfskip stelde harren by steat om yn Rome te wenjen. Se wiene dêr yn totaal sân jier, wêryn't se hast kontinu in iepen dei hâlden. Gasten dy't faak oer flier kamen wiene de skilders Ludwig Knaus, Valentin Ruths, de bruorren Gustav en Louis Spangenberg, en ek de keunsthistoarikus Wilhelm Lübke. Se wiene benammen goede freonen mei de dichter Hermann Allmers. De measte wurken dy't er dêr makke wiene of idealisearre portretten fan froulju of sênes út it Italjaanske folkslibben.

Doe't de relaasjes tusken Eastenryk en Itaalje ûnder druk kamen te stean en de oarloch op komst like, naam er syn famylje mei werom nei Dútslân en festige him yn Hamburch, dêr't er wer portretskilder waard. Yn 1875 ferhuzen se nei Sleeswyk, dat doe part fan Dútslân wie. Ynstee fan skilderjen rjochte er him op it runnen fan in houtfykskoalle en besocht er de techniken fan 'e "Alde Masters" nij libben yn te blazen. Hy wurke ek oan it restaurearjen fan fykwurk yn tsjerken yn 'e omkriten, mar der wurdt tsjintwurdich algemien tocht dat syn strang útfierde restauraasjes de wurken fan har wearde as histoaryske dingen berôve hawwe.Rudolf Jaworski, Witold Molik: Denkmäler in Kiel und Posen: Parallelen und Kontraste, Verlag Ludwig, 2002, . s. 99 (online @ Google Books)

Magnussen wie ek in samler fan meubels en ferskate tsjerkestikken; mear as 500 yn totaal. Yn 1894, doe't syn skoalle finansjeel net súksesfol bliek te wêzen, sette er syn kolleksje by in tentoanstelling yn it nije Museum foar Tapaste Keunsten yn Kopenhagen te keap. De hiele samling waard oankocht troch Ernest Augustus, kroanprins fan Hannover, en is no te sjen as ûnderdiel fan 'e "Cumberland Kolleksje" op it kastiel Sønderborg. In oar wichtich part wie yn 1887 troch Justus Brinckmann oankocht foar it Museum für Kunst und Gewerbe Hamburg.

Yn totaal hie er sechstjin bern út twa houliken; wêrûnder de byldhouwer Harro Magnussen, de keramist Walter Magnussen, en skilder en skriuwster Ingeborg Magnussen |archive-url=https://web.archive.org/web/20070629181553/http://www.bautz.de/bbkl/m/magnussen_i.shtml

Magnussen ferstoar yn 1896 yn Sleeswyk.

Galery

Literatuer Reinhold Stolze: Christian Karl Magnussen. Der Maler und Zeichner der Inselfriesen auf Föhr. Yn: Schleswig-Holsteinisches Jahrbuch. Bd. 20 (1932/33), s. 59–63. Hans-Dieter Loose: Christian Carl Magnussen und sein Gruppenporträt des Hamburger Senats. Yn: Beiträge zur Schleswiger Stadtgeschichte, jierg. 18 (1973), s. 25–35. Ernst Schlee: Christian Carl Magnussen. Ein Künstlerschicksal aus der Kaiserzeit. Husum Druck- und Verlagsgesellschaft, Husum 1991, ISBN 978-3-88042-577-4. Ulrich Schulte-Wülwer, Sehnsucht nach Arkadien – Schleswig-Holsteinische Maler in Italien, Heide 2009, s. 257–267.

Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Noardfrysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1821 Kategory:Persoan stoarn yn 1896