De Brahmaanske glee (Haliastur indus) is in rôffûgel dy't foarkomt yn Súd-Aazje, Súdeast-Aazje en Austraalje út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).

Skaaimerken en libbenswize thumb|left|Brahmaanske gleeën dy't in fisk diele. De Brahmaanske glee is mei syn lichemslingte fan 44 oant 52 sentimeter in relatyf lytse glee. De folwoeksen fûgel is kastanjebrún fan kleur mei in wite kop, boarst en hals. Yn 'e flecht falle de karakteristike swartpuntige slachpinnen op, dy't typysk binne foar gleeën út de skaaien Milvus en Haliastur en nei efteren bûge binne. De sturt is relatyf koart en rûn, oars as de lange, foarke sturt fan 'e Milvus-gleeën.

De jonge fûgel is oeral brún en licht streke op 'e kop, it boarst en de mantel. De sturt is kanielkleurich en op 'e útsprate wjuk is in ljochte plak te sjen by de basis fan 'e slachpinnen.

De fûgel wurdt fûn yn 'e buert fan wetter, sawol oan 'e kust as ek fierder it lân yn.

Fersprieding en systematyk De Brahmaanske glee wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten: H. indus indus – komt foar op it Yndyske subkontinint en yn Súdeast-Aazje oant it suden fan Sina. H. indus intermedius – komt foar op it Maleiske skiereilân, de Yndonezyske eilannewrâld en yn 'e Filipinen. H. indus girrenera – komt foar op 'e Molukken, Nij-Guineä, de Bismarckarsjipel en yn 'e kuststreken fan it noarden fan Austraalje. H. indus flavirostris – komt foar op 'e Salomonseilannen.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar nimt fral yn Súdeast-Aazje yn oantal ôf troch ferlies oan geskikt leefgebiet, ferfolging en in te heech gebrûk fan pestisiden. De ôfname ferrint lykwols stadich. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje waard yn 2009 op 100.000 fûgels rûsd.

Namme De namme ferwiist nei de brahmanen, de heechste pryster- en geleardekaste binnen it hindoeïsme. De wite kop en it boarst fan 'e fûgel waarden assosjearre mei de wite klean dy't brahmanen tradisjoneel drage.

Ofbylden Brahmaanske glee center|250px center|250px center|250px Kop Folwoeksen fûgel mei iepen wjukken. Jonge fûgel.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Seeglee Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam