Sir Julius von Haast (Bonn, 1 maaie 1822 – Christchurch, 16 augustus 1887) wie in yn Dútsk-Nij-Seelânske ûntdekkingsreizger, geolooch en oprjochter fan it Canterbury Museum yn Christchurch.

Biografy Haast waard berne yn Bonn. Hy folge earst in oplieding oan de universiteit fan Bonn, dêr't er geology en mineralogy studearre. Haast spruts floeiend Ingelsk en waard yn 1858 ynhierd troch in Britsk skipfeartbedriuw, A. Willis, Gann & Company, om rapport te dwaan oer de gaadlikens fan Nij-Seelân foar Dútske emigranten. Hy makke in ferslach oer de Dútske emigranten dêre. Hy rekke befreone mei de Eastenrykske geolooch Ferdinand von Hochstetter en assistearre dy by syn wurk.

Dêrnei akseptearre Haast opdrachten fan de provinsjes Nelson en Canterbury oangeande pleatslik geologysk ûndersyk. Syn ûndersyk smiet kennis op oer de gearstalling fan de boaiem, gletsjers en de dêrby hearrende mineralen en ertsen. Hy ûntduts goud en stienkoal yn Nelson. Ek die er ûndersyk nei de moa en oare útstoarne net-fleanende fûgels.

Haast neamde de Franz Josefgletsjer nei de Eastenrykse keizer Frans Jozef I. Ferskate plakken yn Nij-Seelân binne nei Haast neamd, lykas de "Haast Pass", de rivier Haast en de stêd Haast. Haast wie de earste persoan dy't ûndersyk die nei de bonken fan de útstoarne en nei him neamde Haastearn.

Haast troude mei Mary Dobson yn 1863. Sy krigen fjouwer soannen en in dochter.

Haast syn Geology of the Provinces of Canterbury and Westland, N.Z., waard publisearre yn 1879. Hy wie de oprjochter fan it Canterbury Museum te Christchurch, dêr't er ek direkteur wie fan 1870 oant 1887. Hy waard riddere foar syn bydrage oan de Koloniale Utstalling yn Londen yn 1886. Koart nei't er werom wie yn Christchurch yn 1887 ferstoar er. Hy waard beïerdige op it begraafplak fan de Holy Trinity church yn Christchurch.

Kategory:Dútsk geolooch Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk ûntdekkingsreizger Kategory:Nijseelânsk geolooch Kategory:Nijseelânsk ornitolooch Kategory:Nijseelânsk ûntdekkingsreizger Kategory:Nijseelânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1822 Kategory:Persoan stoarn yn 1887