De Australyske dwerchearn (Hieraaetus morphnoides) is in fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). De soarte is endemysk yn Austraalje.
Skaaimerken De Australyske dwerchearn is in lytse earn mei in lichemslingte fan likernôch 50 sentimeter. As de wjukken útstutsen binne, hawwe se in spanwiidte fan maksimaal 120 sentimeter. De poaten binne folslein befearre en de sturt hat in rjocht ôfsniene, rjochthoekige foarm. It fearrekleed fariearret fan ljocht- oant donkerbrún en feroaret nei't de fûgel âlder wurdt. Meastentiids binne se ljochtbrún mei in donkerbrune rêch en swarte streken op 'e kop en yn 'e nekke. Ek hat de fûgel in koart túfke op 'e kop.
Fersprieding en leefgebiet De soarte komt as stânfûgel foar yn hiel Austraalje. De fûgels libje benammen yn iepen bosken en op gerslân (savannes), mar net yn hiel tichtbegroeide bosken.
Hâlden en dragen De fûgels libje fan libbene proaien, mar ek fan ies. It binne snelle jagers dy't yn in flugge dûkflecht harren proai pakke. Njonken kninen wurde ek lytse fûgels en hagedissen fretten. It oantal fan dizze earnen rint hjoed-de-dei sterk werom om't it oantal kninen yn Austraalje bot sakke is. Mar ek oare kjifdieren en lytse kangoeroesoarten komme minder foar, wêrtroch't de earnen op guon plakken minder maklik proaien fine kinne.
De earnen bouwe harren nêst yn beammen en beklaaie de binnenkant mei farske blêd. It wyfke leit dêr ien oant twa aaien yn.
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 10.000 oant 100.000 folwoeksen fûgels. Oars as earder wol oannommen waard, is der gjin wittenskiplik bewiis foar substansjele bedrigings of in delgong fan 'e oantallen. BirdLife International en de IUCN geane der fan út dat de populaasje stabyl is. De Australyske dwerchearn hat dêrom de status net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list (2024).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchearn Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje