Ahrenviölfeld (Noardfrysk: Årnfjåll; Deensk: Arenfjoldemark) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en makket diel út fan 'e lânkring Noard-Fryslân. Ahrenviölfeld hat 223 ynwenners (2025).
thumb|left|Feangebiet fan Ahrenviölfeld. It gebiet waard yn 1770 stifte as in koloanje yn it ramt fan 'e feanterij yn opdracht fan 'e Deenske kening.
Nei it opheffen fan 'e Kirchspielslandgemeinde Schwesing kaam it doarp earst by Ahrenviöl, mar op 1 desimber 1934 waard it in selsstannige plattelânsgemeente.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934 Kategory:Plak stifte yn 1770