thumb|Flagge fan De Lemmer De flagge fan De Lemmer is it wapen fan de Fryske flekke De Lemmer en de eardere flagge fan de Fryske gemeente Lemsterlân. Sûnt 2015 is it de flagge oannaam as flagge fan de flekke De Lemmer. Op 19 septimber 1961 waard by riedsbeslút de flagge oannaam as de flagge fan Lemsterlân. De flagge wurdt sûnt 1 jannewaris 2014 net mear brûkt as flagge foar Lemsterlân omdat Lemsterlân doe part wurden is fan de gemeente De Fryske Marren.
It ûntwerp fan de flagge is fan de Fryske Rie foar Heraldyk.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Fiif banen fan wyt, read, giel, read en wyt, wêrfan de hichten harren ferhâlde as 1:1:2:1:1.
De kleuren komme út it wapen fan Lemsterlân.
Skiednis Neffens Sierksma fierden skippen út Lemsterlân eartiids in splitflagge mei foaral grien en in read krús. In splitflagge mei in krús ferskynt ek yn it wapen fan Lemmer, allinich wurdt it ôfbylde as in reade flagge mei in wyt krús, identyk oan de flagge fan Denemark.
Sjoch ek
Lemmer Kategory:Skiednis fan De Fryske Marren Kategory:De Lemmer