De wahlbergearn of Wahlbergs earn (Hieraaetus wahlbergi) is in Afrikaanske fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). De soarte is ferneamd nei de Sweedske natuerûndersiker Johan August Wahlberg.

Skaaimerken thumb|left|Wahlbergearn yn it Nasjonaal Park Kruger. De wahlbergearn is in middelgrutte rôffûgel mei in lichemslingte fan 53 oant 61 sentimeter en in spanwiidte fan 130 oant 146 sentimeter. Op 'e kop sit in opfallend túfke en de poaten binne giel. It fearrekleed is tige fariabel, mar faak hiel donkerbrún. Lykas by de gewoane dwerchearn komt der ek in ljochtere foarm foar. Yn 'e flecht hat de wahlbergearn lange, rjochte wjukken, in slank lichem en in smelle, rjocht ôfsniene sturt. De wjukken wurde yn 'e loft hiel flak holden.

Fersprieding De fûgel libbet op 'e savannes fan Afrika besuden de Sahara. Hy is ek in kear as swalker yn Egypte waarnommen, op 3 maaie 2013. De wahlbergearn hâldt fan boskrike lânskippen, faak yn 'e buert fan wetter.

Systematyk De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net ûnderferdield wurdt yn ûndersoarten. Earder waard de wahlbergearn yn it skaai fan 'e echte earnen (Aquila) set, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat er nauwer besibbe is mei ûnder oare de dwerchearn (Hieraaetus pennatus). Dêrom wurdt de soarte hjoed-de-dei by it skaai fan 'e dwerchearnen (Hieraaetus) yndield.

Hâlden en dragen Hy libbet fan reptilen, lytse sûchdieren en fûgels. De fûgel boud in nêst fan tûken yn in foarke fan in beam of yn 'e kroan fan in palmbeam. It wyfke leit dêr ien of twa aaien yn.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de wahlbergearn as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchearn Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe