thumb|Flagge fan Littenseradiel De flagge fan Littenseradiel is de flagge fan de eardere Fryske gemeente Littenseradiel. De flagge waard op 26 jannewaris 1984 troch de gemeenteried oannaam as gemeenteflagge. Op 1 jannewaris 2018 is Littenseradiel opgien yn de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke, dêrtroch is de flagge komme te ferfallen.
It ûntwerp is fan de Fryske Rie foar Heraldyk en de Hege Ried fan Adel.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Twa like hege lingtebanen, blau en wyt, en oan de broekside op de blauwe baan in giele stjer en op de wite baan in reade roas, beide mei in hichte lyk oan 2/5 fan de hichte fan de flagge.
De stjer de roas en de kleuren komme út it wapen fan Littenseradiel.
Doarpsflaggen 27 doarpen yn Littenseradiel kinne harren eigen flagge, de doarpen Húns en Leons diele in flagge.
Sjoch ek
Littenseradiel Kategory:Littenseradiel