thumb|Flagge fan Doanjewerstâl De flagge fan Doanjewerstâl is de flagge fan de eardere Fryske gemeente Doanjewerstâl. De flagge waard by riedsbeslút op 23 augustus 1963 fêsteld. De flagge wurdt net langer mear brûkt omdat Doanjewerstâl op 1 jannewaris 1984 opdield is yn de gemeenten Skarsterlân en Wymbristeradiel.
It ûntwerp fan de flagge is fan de Fryske Rie foar Heraldyk.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
De broeking boppe read en ûnder blau, de flecht giel, mei oer alles hinne in swart Skandinavysk krús.
De earmen fan it krús hawwe in breedte fan 1/5 fan de flaggehichte.
Symblyk
Kleuren: oernommen út it wapen fan Doanjewerstâl. Swarte krús: ferwiist nei de ryksapel út it wapen fan Doanjewerstâl.
Sjoch ek
Doanjewerstal Kategory:Skiednis fan De Fryske Marren Kategory:Doanjewerstâl Kategory:Skiednis fan Skarsterlân