De dwerchearn (Hieraaetus pennatus, synonym: Aquila pennata) is in fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae).
Skaaimerken De fûgel is 46 oant 52 sentimeter lang en hat in spanwiidte fan 110 oant 135 sentimeter, wat sawat it formaat fan in mûzefalk is. Yn 'e flecht lykje de wjukken lykwols folle rjochthoekiger en hawwe se dúdlike "fingers" (slachpinnen) oan 'e úteinen lykas by de gruttere earnen. thumb|left|Donkere morf. De dwerchearn is tige fariabel fan kleur en hat in ljochte en in donkere foarm. De measte fûgels fertsjintwurdigje de ljochte foarm. De ûnderkant fan 'e romp en de foarste helte fan 'e wjukken (de wjukdekfearren) binne hiel ljocht, fariearjend fan krêmwyt oant ljochtgriis. De slachpinnen binne donkergriis oant swart. De kop en de rêch binne ljochtbrún en op 'e skouders sitte faak twa opfallende ljochte, hast wite plakken.
De donkere foarm is fan ûnder hast hielendal donker en de romp en de wjukdekfearren binne donkerbrún oant readbrún. Der rint in noch donkerder brede bân oer de midden fan 'e wjukken. Opfallend is dat de fingers oan 'e úteinen faak wer wat ljochter lykje. Fan boppe is dizze foarm hast folslein donkerbrún lykas de gewoane mûzefalk, mar dan mei in folslein befearre "broek" oan 'e poaten.
+ Kleurfoarmen fan 'e dwerchearn Ljochte foarm Donkere foarm 250px 250px Romp en wjukdekfearren: witich oant ljochtgriis. Slachpinnen: donkergriis oant swart. Skaaimerk: dúdlik twakleurich uterlik yn 'e flecht. Romp en wjukdekfearren: donkerbrún oant waarm readbrún. Slachpinnen: donker mei in noch tsjusterdere bân oer de wjuk. Skaaimerk: sjocht der fan ûnder hast hielendal ienkleurich donker út.
Fersprieding Dwerchearnen komme foar yn Súd- en East-Europa. Bûten Europa libje se yn Lyts-Aazje en fierder nei West- en Sintraal-Aazje oant yn Mongoalje en West-Sina. It is foar it grutste part in trekfûgel dy't winterdeis nei it suden lûkt, rjochting Afrika besuden de Sahara of it Yndyske subkontinent. Yn Súd-Afrika libbet in aparte populaasje dy't dêr it hiele jier troch bliuwt (stânfûgels).
It leefgebiet bestiet út mingde leaf- en dinnebosken dy't grinzgje oan grutte iepen flakten, yn heuvellânskippen en bergen. Se libje oant 2000 meter op 'e Balkan, 2700 meter yn Noard-Afrika en sels oant 3000 meter yn it Himalayaberchtme.
Foarkommen yn West-Europa Yn West- en Noard-Jeropa is de dwerchearn in swalker. Yn 1995 hat foar it earst in pearke bret yn Dútslân. Yn Nederlân wurdt de dwerchearn sûnt 1992 hast alle jierren waarnommen.
Undersoarten De dwerchearn wurdt ûnderferdield yn fjouwer erkende ûndersoarten: Hieraaetus pennatus harterti (Sushkin, 1906) – komt foar yn Sintraal-Aazje, fan Kazachstan oant Mongoalje en East-Sina. Hieraaetus pennatus milvoides (Jerdon, 1939) – komt foar yn it Yndyske subkontinent en omlizzende gebieten. Hieraaetus pennatus minisculus (Clancey, 1980) – in aparte populaasje fan stânfûgels dy't foarkomt yn Súd-Afrika. Hieraaetus pennatus pennatus (Gmelin, 1788) – de nominaatfoarm; briedt yn Súd-Europa, Noard-Afrika en West-Aazje en oerwinteret benammen yn Afrika besuden de Sahara.
De ferskillen tusken de ûndersoarten ha fral mei de grutte en de fersprieding te meitsjen. Yn it gefal fan 'e Súdafrikaanske ûndersoare spilet ek it trekgedrach in rol. Alle ûndersoarten ha sawol in ljochte as in donkere foarm. Dat is in genetyske fariaasje dy't by alle populaasjes foarkomt.
Hâlden en dragen De dwerchearn yt fûgels en lytse sûchdieren. De proaien wurde yn in tige rappe dûkflecht fanút de loft grepen.
Ein april of begjin maaie leit it wyfke meastentiids twa aaien. De aaien binne wyt fan kleur mei wat ljochtbrune of grize plakken. It brieden duorret 37 oant 40 dagen. It wyfke nimt it grutste part fan it brieden foar har rekken en it mantsje jaget op 'e proaien en bringt it iten nei it nêst ta. As de jongen út it aai komme, bliuwt it wyfke de earste pear wiken op it nêst om de piken waarm te hâlden en te fuorjen mei it iten dat it mantsje bringt. Nei likernôch 50 oant 54 dagen (ein july of begjin augustus) fleane de jonge fûgels út. Hja wurde dêrnei noch twa oant trije wiken troch de âlden fuorre.
Status De dwerchearn hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch is de kâns op útstjerren hiel lyts. De Europeeske populaasje wurdt op 23.300 oant 30.300 pearkes rûsd, wat op 46.600 oant 60.500 folwoeksen fûgels delkomt (BirdLife International). Rûchwei foarmet Europa 31% fan it totale ferspriedingsgebiet. Op basis dêrfan wurdt útgien fan in totale wrâldpopulaasje fan 150.000 oant 195.000 folwoeksen fûgels, al is der fierder ûndersyk nedich. De Noardafrikaanske populaasje wurdt rûsd op likernôch 10.000 pearkes (20.000 folwoeksen fûgels).
Oannommen wurdt dat de trend fan 'e populaasje stabyl is. De IUCN kategorisearret de dwerchearn dêrom as net bedrige (Least Concern).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchearn Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo