Jhr. Joan Quarles van Ufford (Aksel, 2 desimber 1888 - Ljouwert, 25 febrewaris 1921) wie in Nederlânske boargemaster.

Quarles waard berne yn 'e famylje Quarles as soan fan boargemaster jhr. mr. Jan Hendrik Jacob Quarles van Ufford (1855-1917) en Adriana Maria Rolina baronesse Collot d'Escury (1862-1932), in neisiet út it laach Collot d'Escury. Yn 1911 troude er mei Anna Maria Catharina Buma (1889-1963), in neisiet fan 'e famylje Buma; út dit houlik waarden in dochter en in soan berne. Yn 1915 waard er boargemaster fan Warkum, in amt dat er oant syn dea beklaaide.

Hy ferstoar yn it Diakonessesikehûs yn Ljouwert nei in lange sykte yn de âldens fan mar 32 jier; hy waard op 1 maart 1921 beïerdige op it famyljebegraafplak fan de Buma's yn Weidum.

Kategory:Boargemaster fan Warkum Kategory:Nederlânske adel Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1888 Kategory:Persoan stoarn yn 1921