Chhattisgarh (likernôge útspraak: "tsjhattisgaar") is in dielsteat yn it sintrale easten fan Yndia. De steat grinzget oan Uttar Pradesh yn it noarden, Jharkhand yn it noardeasten, Orrisa yn it easten, Telangana yn it suden, en Maharashtra en Madhya Pradesh yn it westen. De namme betsjut letterlik "seisentritich kastielen", itjinge ferwiist oarspronklik nei de ferskate foarstedommen yn dit gebiet.
Geografy It noardlike en súdlike part fan Chhattisgarh bestiet út heuvellân en bergen, wylst it sintrale diel in fruchtbere flakte is.
De Chhattisgarh-flakte is it hert fan 'e steat, dêr't de rivier de Mahanadi trochhinne streamt. It is in wichtich lânbougebiet.
De Chitrakote-wetterfal yn it distrikt Bastar is de breedste wetterfal fan Yndia. Likernôch 44% fan 'e steat bestiet út bosk en dêrmei is de steat ien fan 'e grienste steaten fan Yndia.
Skiednis Yn 'e âldheid stie de regio bekend as Dakshina Kosala. Yn 'e 11e iuw waard it gebiet bestjoerd troch de Kalachuri-dynasty. Letter foel it ûnder it Maratha-ryk oant de Britten it bestjoer oernamen yn 'e 19e iuw. Op 1 novimber 2000 waard Chhattisgarh in selsstannige dielsteat nei't sechtjin Hindy-pratende distrikten har ôfskieden fan Madhya Pradesh.
Befolking en Kultuer thumb|left|Tradysjonele dûnsers yn 'e Bastar-regio. De offisjele talen fan Chhattisgarh binne it Hindy en it Chhattisgarhy. Yn Chhattisgarhy wurdt troch de mearderheid fan 'e befolking as memmetaal praat en is nau besibbe oan it Hindy, mar mei eigen grammatikale foarmen en wurdskat. Yn 'e súdlike en noardlike heuvellannen wurde ek ferskate tribale talen praat, lykas it Gondy.
De kultuer fan Chhattisgarh is djip woartele yn 'e tradysjes fan 'e Adivasi (tribale folken), dy't likernôch ien tredde fan 'e befolking útmeitsje.
It grutste part fan 'e befolking is hindoe. Under de tribale mienskippen wurdt it hindoeïsme faak praktisearre yn kombinaasje mei animistyske rituelen en de ferearing fan lokale goaden en natoergeasten. In opfallende groep binne de Satnami's, in herfoarmingsbeweging yn it hindoeïsme mei in grutte oanhing yn 'e sintrale flakte.
+ Religy yn Chhattisgarh Religy % (2001) % (2011) Ferskil (%) Hindoeïsme 94,7% 93,3% -1,4% Islam 2,0% 2,0% 0,0% Kristendom 1,9% 1,9% 0,0% Oars (Boedisme, Sikhisme, Jaïnisme) 1,4% 2,8% +1,4%
Stêden It grutste part fan 'e befolking fan 'e dielsteat wennet noch op it plattelân (likernôch 77%). Dochs groeie de yndustriële sintra hurd troch de mynbou en stielproduksje.
Rang Stêd Distrikt Ynwennertal (2011) 1 Raipur (Haadstêd) Raipur 1.010.087 2 Bhilai Durg 625.697 3 Bilaspur Bilaspur 330.106 4 Korba Korba 311.890 5 Rajnandgaon Rajnandgaon 163.122
Bestjoerlike yndieling Chhattisgarh is ferdield yn 5 divyzjes (regio's) en hjoed-de-dei 33 distrikten (in oantal nije distrikten binne nei 2011 tafoege).
thumb|Yndieling fan 'e dielsteat. Distrikt Haadplak Oerflak (km²) Inwennertal (2011) Bastar Divyzje Bastar Jagdalpur 4.030 1.413.199 Bijapur Bijapur 6.555 255.230 Dantewada Dantewada 3.411 533.638 Kanker Kanker 6.424 748.941 Kondagaon Kondagaon 7.768 578.326 Narayanpur Narayanpur 7.010 139.820 Sukma Sukma 5.638 250.159 Durg Divyzje Balod Balod 3.527 826.165 Bemetara Bemetara 2.855 795.759 Durg Durg 2.238 3.343.872 Kabirdham Kawardha 4.447 822.526 Khairagarh-Chhuikhadan-Gandai Khairagarh -- * Mohla-Manpur-Ambagarh Chowki Mohla -- * Rajnandgaon Rajnandgaon 8.070 1.537.133 Raipur Divyzje Baloda Bazar-Bhatapara Baloda Bazar 3.734 1.305.343 Dhamtari Dhamtari 4.084 799.781 Gariaband Gariaband 5.854 597.653 Mahasamund Mahasamund 4.792 1.032.754 Raipur Raipur 2.914 4.063.872 Bilaspur Divyzje Bilaspur Bilaspur 3.508 2.663.629 Gaurela-Pendra-Marwahi Pendra 2.307 336.420 Janjgir-Champa Janjgir 4.467 1.619.707 Korba Korba 7.145 1.206.640 Mungeli Mungeli 2.750 701.707 Raigarh Raigarh 6.528 1.493.919 Sakti Sakti -- * Sarangarh-Bilaigarh Sarangarh -- * Surguja Divyzje Balrampur-Ramanujganj Balrampur 3.815 730.491 Jashpur Jashpur 6.484 851.669 Korea Baikunthpur 5.978 658.917 Manendragarh-Chirmiri-Bharatpur Manendragarh -- * Surajpur Surajpur 4.998 789.413 Surguja Ambikapur 5.732 2.359.886 Totaal Chhattisgarh 135.192 25.545.198 *De sifers foar de aldernijste distrikten (stifte yn 2021/2022) binne noch fêstlein yn de memme-distrikten yn de tabel hjirboppe.
Ekonomy Yn Chhattisgarh wurdt in soad rys ferboud. Dêrnjonken is de steat ryk oan mineralen: de steat is in produsint fan stiel, stienkoal en izererts. Yn 'e steat stiet ien fan 'e grutste stielfabriken fan it lân, de Bhilai Steel Plant.
Natoer thumb|left|Wetterbuffels yn it Nasjonaal Park Indravati. Likernôch ien tredde fan 'e befolking fan 'e steat bestiet út registrearre stammen (Scheduled Tribes), wêrûnder de Gonden de grutste groep foarmje. Harren tradysjonele libbenswize, dy't basearre is op it behâld fan it bosk, hat Chhattisgarh ta ien fan 'e meast beboske steaten fan Yndia makke. Tagelyk liedt de oanwêzigens fan grûnstoffen yn 'e tribale gebieten ta sosjale konflikten oer lânrjochten en mynbou.
Njonken nasjonale parken hat de steat noch in oantal reservaten, lykas Achanakmar, Sitanadi en Udanti. Achanakmar is ek in tige wichtich Biosfearreservaat. Foar de beskerming fan 'e tiger binne op it stuit fjouwer gebieten oanwiisd.
Nasjonale parken Nasjonaal Park Indravati: leit yn it distrikt Bijapur en is ferneamd nei de rivier de Indravati. It is in wichtich reservaat foar de wylde wetterbuffel. Nasjonaal Park Kanger Ghati: is bekend om de kalkstiengrotten en de "Hill Maina", de steatsfûgel fan Chhattisgarh. Nasjonaal Park Guru Ghasidas: leit yn it noarden yn 'e distrikten Korea en Surguja en is it grutste park fan 'e steat.
Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2000