The Origins of Totalitarianism (Ingelsk: "De oarsprong fan totalitarisme") is in non-fiksje boek fan filosofe Hannah Arendt. Hja wie fan Joadsk komôf, mar wie berne yn Dútsklân. Mei it waaksen fan de macht fan de nazis, ferfarre hja yn 1933 nei Frankryk dêr't hja begûn oan har stúdzje oer totalitarisme. Yn 1941 ferfarre hja nei de Feriene Steaten; it is dêr dat har stúdzje yn 1951 útkaam by Schocken Books. It boek is foarmjûn as trije traktaten efter elkoar, en yn it Hollânsk is it dan ek as trije boeken apart oerset. Yn de Fryske literatuer wurdt it wurk fan Arendt gauris oanhelle, mar it boek is mear as 600 siden, dat der is nea in Fryske oersetting fan makke.
Wurdearring The Origins of Totalitarianism waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk fan Hannah Arendt Kategory:Essay Kategory:Ingelsktalich non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út 1951