Pûndjaab (Pûndzjaabsk: ਪੰਜਾਬ, transliteraasje: Pañjāba, útspr.: [pəɲˈʤaːb], likernôch: "P'n-dzjaab", ; Ingelsk: Punjab) is in dielsteat yn it noardwesten fan Yndia. It makket diel út fan 'e gruttere, histoaryske Pûndjaab-regio, dy't yn 1947 spjalte is tusken Yndia en Pakistan. De steat stiet bekend as de nôtskuorre fan Yndia fanwegen de grutte lânbou-opbringsten en is it kulturele en spirituele hert fan 'e Sikh-mienskip.

Geografy thumb|left|De rivier de Sutlej. De Pûndjaab wurdt yn it westen begrinzge troch Pakistan, yn it noarden troch Jammu en Kasjmier, yn it noardeasten troch Himachal Pradesh en yn it suden troch Haryana en Rajasthan. De haadstêd Chandigarh leit yn it easten en wurdt dield mei de buorsteat Haryana as in apart unyterritoarium.

De namme Pûndjaab komt út it Perzysk en betsjut "Lân fan 'e fiif wetters". Hoewol't de histoaryske regio fiif grutte rivieren hat, streame der hjoed-de-dei trije troch de Yndiaaske Pûndjaab: de Sutlej, de Beas en de Ravi. It lânskip bestiet hast folslein út in tige fruchtbere, flakke alluviale flakte dy't trochsnien wurdt troch in wiidweidich kanaalsysteem.

Skiednis thumb|left|Maharaja Ranjit Singh. De Pûndjaab is ien fan 'e âldste kultuerregio's fan 'e wrâld dêr't eartiids de Yndusbeskaving bloeide. Troch de lokaasje wie it de "poarte nei Yndia" foar ynfallers lykas Aleksander de Grutte, de Perzen en de Mogols. Yn 'e 18e iuw ferienige de legindaryske kening Ranjit Singh de Sikh-stammen en stifte dêr in machtich Sikhryk, mei Lahore as haadstêd. Dat ryk bleau ien fan 'e lêste grutte gebieten dy't troch de Britten anneksearre waarden (1849).

Moderne skiednis Op 'e moderne skiednis fan 'e Pûndjaab is de traumatyske Dieling fan Britsk-Ynje yn 1947 fan tige grutte ynfloed. De regio waard midstwa snien en it gebiet mei in moslimmearderheid gie nei Pakistan, wylst it diel mei in hindoe- en sikhmearderheid by Yndia bleau. It late ta ien fan 'e grutste folksferhûzings yn 'e skiednis, wêrby't miljoenen minsken de grins oer flechten.

Fuort nei de ûnôfhinklikens begûn de Punjabi Subabeweging, in politike en sosjale kampanje. It doel wie ienfâldich mar beladen: de oprjochting fan in aparte dielsteat yn 'e Yndiaaske uny foar de minsken dy't Pûndjaabsk praten. De beweging waard laat troch machtige figuren lykas Master Tara Singh en letter Fateh Singh. Hja organisearren massale protesten, marsen en sels hongerstakings om de druk op it regear yn Delhi op te fieren. De Yndiaaske oerheid ûnder premier Nehru fielde der yn it earstoan net in soad foar, om't se bang wiene foar nije religieuze konflikten sa fluch nei de traumatyske dieling fan 1947. Lang om let joech it regear yn 1966 ta. It eastlike part fan 'e Pûndjaap waard yn trije stikken opdield. It Pûndjaaby-pratende diel bleau de Pûndjaab, wylst de Hindy-sprekkende dielen de nije steat Haryana foarmen en de bercheftige dielen by Himachal Pradesh kamen. De nije stêd Chandigarh waard in unyterritoariumen de mienskiplike haadstêd fan sawol de Pûndjaab as de nije dielsteat Haryana. thumb|left|De pogroms op 'e Sikhs yn Dehli (1984) nei de moard op Indira Ghandi. Yn 'e jierren 1970 en 1980 groeide de politike ûnrêst yn 'e Pûndjaab. In part fan 'e Sikhs woe mear autonomy of sels in folslein ûnôfhinklike steat, dy't Khalistan hjitte moast. De radikale lieder fan dy beweging, Jarnail Singh Bhindranwale, brûkte mei wapene oanhingers de Gouden Timpel yn Amritsar as in fort en haadkertier om dy steat ôf te twingen. Premier Indira Gandhi naam doe it beslút om de milysjes mei geweld út te skeakeljen en it leger sette in grutte oanfal yn op it kompleks. By dy oanfal kamen in soad minsken om it libben, ek pylgers dy't tafallich yn 'e timpel wiene. Op 31 oktober 1984 waard Indira Gandhi yn har eigen tún fermoarde troch twa Sikhs dy't wraak namen foar de oanfal op 'e Gouden Timpel. Nei de moard op 'e premier brieken der foaral yn Delhi rellen út tsjin 'e Sikh-befolking. Tûzenen Sikhs waarden fermoarde troch klibers lilk folk.

Sûnt de jierren 1990 stabilisearre de situaasje.

Befolking Neffens de folkstelling fan 2011 hie de steat goed 27 miljoen ynwenners. Foar 2026 wurdt it ynwennertal rûsd op likernôch 31,5 miljoen. De Pûndjaab hat in relatyf lege befolkingsgroei ferlikene mei oare Yndiaaske steaten.

De offisjele taal is it Pûndjaabsk, dat skreaun wurdt yn it Gurmûky-skrift. It is de iennige steat yn Yndia dêr't it Sikhisme de mearderheidsreligy is (likernôch 58%). De rest fan de befolking bestiet foaral út hindoes (38%), mei lytse mienskippen fan moslims en kristenen. thumb|Pylger yn Amritsar. + Religy yn de Punjab Religy % (2001) % (2011) Ferskil (%) Sikhisme 59,91% 57,69% -2,22% Hindoeïsme 36,94% 38,49% +1,55% Islam 1,57% 1,93% +0,36% Kristendom 1,20% 1,26% +0,06% Oars (û.o. Boedisme en Jaïnisme) 0,38% 0,63% +0,25%

Stêden De urbanisaasje yn 'e Pûndjaab nimt ta, benammen lâns de grutte ferkearsieren.

Grutste stêden yn de Punjab Rang Stêd Ynwennertal (2001) Ynwennertal (2011) Groei (%) Karakter en bysûnderheden 1 Ludhiana 1.398.467 1.618.879 +15,7% It "Manchester fan 'e Pûndjaab"; sintrum foar tekstyl en fytsfabrikaazje. 2 Amritsar 966.862 1.132.383 +17,1% Spiritueel sintrum mei de Gouden Timpel. 3 Jalandhar 714.077 862.522 +20,8% Bekend fanwegen sportartikelenyndustry en media. 4 Patiala 303.184 406.192 +34,0% Histoaryske keningsstêd, ferneamd om syn kultuer en ûnderwiis. 5 Bathinda 217.256 285.788 +31,5% Wichtich spoarknooppunt en sintrum foar de enerzjysektor.

Ekonomy De ekonomy fan 'e Pûndjaab wurdt foar it grutste part troch in tige sterke agraryske sektor bepaald. De steat draacht foar in ûnevenredich grut part by oan 'e nasjonale fiedselfoarried (likernôch 20% fan it Yndiaaske nôt en 11% fan 'e rys).

De Griene Revolúsje thumb|left|Lânbou yn 'e Pûndjaab. Yn 'e jierren 1960 wie de Pûndjaab it episintrum fan 'e Griene Revolúsje yn Yndia. Troch de ynfiering fan nije nôtsoarten, dongstoffen en yrrigaasjemetoaden skeaten de lânbou-opbringsten omheech. Dat makke fan 'e Pûndjaab ien fan 'e rykste steaten fan it lân, alhoewol't der hjoed-de-dei soargen binne oer it sakjen fan it grûnwetternivo en it oermjittich brûken fan bestridingsmiddelen. thumb||thumb|Rispinge yn 'e Pûndjaab. Njonken lânbou hat de steat in groeiende yndustry. Ludhiana is it grutste sintrum foar de produksje fan tekstyl en masines, wylst Jalandhar in eksporteur is fan sportartikelen (lykas fuotballen en cricketbats). De tsjinstesektor, benammen yn 'e krite om Chandigarh hinne, ûntwikkelet him fluch op it mêd fan IT en ûnderwiis.

Toerisme en Kultuer thumb|left|Bhangra-dûnsers. De Pûndjaab hat in libbene kultuer dy't oer de wrâld bekend wurden is troch de diaspoara. De enerzjike Bhangra-dûns en de folkmuzyk binne hjoed-de-dei ûnderdiel fan 'e popkultuer.

Wrâlderfgoed en Religy De Pûndjaab hat tige wichtige spirituele monuminten. De Gouden Timpel yn Amritsar is it hillichste plak foar Sikhs. Wat it oantal besikers oanbelanget oertreft it kompleks sels de Taj Mahal. It as Kultuererfgoed fan Le Corbusier ûnder UNESCO fallende stedsûntwerp en de gebouwen fan 'e haadstêd Chandigarh wurdt as in masterwurk fan it modernisme beskôge

thumb|De Wagah Grins Seremoanje. Tusken Amritsar yn Yndia en Lahore yn Pakistan leit de Wagah-grins, de iennige oer lân te passearen grins tusken de lannen. Alle dagen wurdt dêr de Wagah Border Ceremony útfierd werby't de grinspoarten sletten, flaggen strutsen wurde en soldaten yn in parade marsjearje.

Nasjonale Parken en Natoer thumb|Harike Wetland. Yn 'e steat lizze de Harikesompen, it grutste sompegebiet fan Noard-Yndia op it plak dêr't de Beas en de Sutlej gearkomme. It is foar trekfûgels út Sibearje in wichtich oerwinteringsgebiet.

It Wyldreservaat Abohar stiet bekend om de beskerming fan 'e Yndyske antiloop, dy't hillich is foar de lokale Bishnoi-mienskip.

Bir Moti Bagh is in beskerme boskgebiet by Patiala en in earder jachtgebiet fan 'e Maharaja's.

Bestjoer De Pûndjaab hat in parlemintêre demokrasy mei in ienkeamerstelsel (Vidhan Sabha). De gûverneur is it seremoanjele steatshaad, mar de Chief Minister (haadminister) hat de útfierende macht. Chandigarh is de haadstêd, mar as unyterritoarium falt it fuort ûnder de federale oerheid; de Pûndjaab en Haryana diele de gebouwen fan it parlemint en it heechgerjochtshôf.

Foar it bestjoer is de steat opdield yn fiif divyzjes en 23 distrikten.

Distrikt Haadplak Ynwennertal (2011) Rûzing (2026)Projected Population of States (2011-2036), National Commission on Population, MoHFW India. Groei (%) Patiala Divyzje Patiala Patiala 1.895.686 2.220.000 +17,1% Ludhiana Ludhiana 3.498.739 4.150.000 +18,6% Sangrur Sangrur 1.225.415* 1.380.000 +12,6% Barnala Barnala 595.527 685.000 +15,0% Fatehgarh Sahib Fatehgarh Sahib 600.163 690.000 +15,0% Malerkotla Malerkotla 429.754* 505.000 +17,5% Jalandhar Divyzje Jalandhar Jalandhar 2.193.590 2.540.000 +15,8% Amritsar Amritsar 2.490.656 2.820.000 +13,2% Gurdaspur Gurdaspur 2.298.323 2.580.000 +12,3% Pathankot Pathankot 676.598 775.000 +14,5% Tarn Taran Tarn Taran 1.119.627 1.280.000 +14,3% Kapurthala Kapurthala 815.168 930.000 +14,1% Ferozepur Divyzje Ferozepur Ferozepur 2.029.074 2.310.000 +13,8% Fazilka Fazilka 1.180.483 1.350.000 +14,4% Moga Moga 995.746 1.140.000 +14,5% Muktsar Sri Muktsar Sahib 901.896 1.030.000 +14,2% Rupnagar Divyzje Rupnagar Rupnagar 684.627 785.000 +14,7% Mohali Mohali 994.628 1.320.000 +32,7% SBS Nagar Nawanshahr 612.310 700.000 +14,3% Hoshiarpur Hoshiarpur 1.586.625 1.780.000 +12,2% Faridkot Divyzje Faridkot Faridkot 617.508 705.000 +14,2% Bathinda Bathinda 1.388.525 1.580.000 +13,8% Mansa Mansa 768.203 875.000 +13,9% Totaal Punjab 27.743.338 ~31.500.000 +13,5% *Sifers foar Sangrur en Malerkotla binne korrizjearre neffens de nije distriktsgrinzen fan 2021.

Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1966