Aquaman and the Lost Kingdom is in Amerikaanske superheldefilm út 2023 ûnder rezjy fan James Wan, mei yn 'e haadrollen Jason Momoa en Patrick Wilson. De titel betsjut "Aquaman en it Weiwurden Keninkryk". It ferhaal folget de superheld Aquaman, de kening fan Atlantis, wannear't syn fijân, de supersmjunt Black Manta, om wraak te nimmen foar de dea fan syn heit, de lapen gearsmyt mei in âld kwea. Aquaman hat ferlet fan 'e help fan in oare fijân, syn broer Orm, om mei Black Manta ôf te weven. Aquaman and the Lost Kingdom waard basearre op 'e strips fan 'e útjouwerij DC Comics. It wie de lêste film dy't útbrocht waard yn it ramt fan 'e DC Extended Universe-filmsearje, en folge as sadanich op Blue Beetle (2023). It wie lykwols in direkt ferfolch op Aquaman út 2018. Fan 'e filmkritisy krige Aquaman and the Lost Kingdom oer it algemien negative resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in beskieden kommersjeel súkses .

Plot Fjouwer jier nei't er kening fan Atlantis waard (sjoch: Aquaman), is Arthur Curry, alias Aquaman, troud mei de seemearminne prinsesse Mera fan Xebel en hat er mei har in poppe, in jonkje dat Arthur jr. hjit. Hy ferdielt syn tiid oer in libben boppe en ûnder wetter. Underwilens is de supersmjunt David Kane, alias Black Manta, noch altyd út op wraak op Aquaman foar de dea fan syn heit, dat in ûnmeilydsume seerôver wie. Hy wurket gear mei de ambisjeuze marine biolooch dr. Stephen Shin om Atlantyske artefakten te finen dy't him de macht jaan moatte om Aquaman en alles en eltsenien dêr't er fan hâldt te ferneatigjen. Wannear't Shin op Antarktika troch it ranen fan 'e iiskape in grot ûntdekt dy't liedt nei in ferlerne part fan 'e Atlantyske beskaving, fynt Kane dêre in wapen, de Swarte Trijetine. Dat ding blykt yn ferbân te stean mei syn makker, dy't in oerâld kwea fertsjintwurdiget. Troch de trijetine wurdt Kane troch dat kwea beset. Mei't it him ûnthjit om him de krêften te jaan en ferslaan Aquaman, ferset er him der net tsjin.

Fiif moanne letter hat Kane mei de help fan 'e entiteit yn 'e Swarte Trijetine in hiel arsenaal oan âlde Atlantyske masines fûn en oan 'e praat krigen, wêrûnder in reuseftige ûnderseeër. Hy plonderet stelselmjittich de opslachplakken fan orichalkum, in foarm fan branje dêr't de masines op rinne. Wannear't er in wraam docht op it grutste opslachplak fan allegearre, midden yn Atlantis, docht bliken dat syn masines, dy't oerâld binne, in ûntwerp hawwe dat ûnbekend is by de moderne Atlanten. Kane-en-dy wurde trappearre en neisitten troch de Atlanten, ûnder wa keninginne Mera en keninginne-mem Atlanna, de mem fan Aquaman. Mera rekket slim ferwûne yn it gefjocht en inkeld troch de oankomst fan Aquaman sels kin foarkomd wurde dat Kane har fermoardet. Likegoed witte Kane-en-dy te ûntkommen mei alle orichalkum.

Wannear't Aquaman neitiid nafraach docht, komt oan it ljocht dat orichalkum troch de moderne Atlanten al lang net mear brûkt wurdt, om't it in brânstof is dy't ekstreem hege nivo's fan broeistofgassen útstjit en dêrnjonken ek noch liedt ta de fersuorring fan 'e see. Yn it fiere ferline hat it gebrûk fan orichalkum hast laat ta in wrâldwide massa-ekstinksje foar't de Atlanten fan it gebrûk ôfstapten. Mar om't it spul ûnôfbrekber is, lei wat der doe al fan raffinearre wie al sûnt minskewitten opslein efter slot en skoattel. It docht bliken dat Kane no de hiele wrâldfoarrie yn besit hat. Dat ferklearret it hommelse oanboazjen fan 'e klimaatferoaring yn 'e lêste fiif moannen, dy't de Atlanten oant no ta oan 'e destruktive ynfloed fan 'e minskheid taskreaune. Aquaman beslút dat Kane tsjin eltse priis tsjinholden wurde moat en boppedat hat de smjunt noch wat fan him te goede yn ferbân mei wat er Mera besocht hat oan te dwaan. Mar de iennichste dy't oan 'e weet komme kin wêr't Kane him ophâldt, is prins Orm, de jongere broer fan Aquaman, dy't al fjouwer jier in finzene is fan 'e saneamde Fiskerslju (in beskaat ras fan seemearminnen), wa har kening hy fermoarde hie yn 'e striid om 'e troan fan Atlantis (sjoch: Aquaman).

Orm wurdt fêstholden yn in tichthûs yn in grot ûnder de Sahara, dêr't er, om him swak te hâlden, mar in minimaal bytsje wetter kriget. Om it Keninkryk fan 'e Fiskerslju net tsjin Atlantis yn it harnas te jeien giet Aquaman dêr allinnich hinne, yn in pak dat him frijwol ûnsichtber makket. Hy brekt Orm út en freget him om help. Dat liket Orm earst wol nei fleanen, mei't er Aquaman as syn aartsfijân beskôget. Mar wannear't dyselde him útleit dat it fuortbestean fan Atlantis en fan 'e hiele wrâld op it spul stiet, seit er doch syn meitwurking ta, sij it mei tsjinnichheid. Sadree't Orm it wetter fan 'e see berikt, keare syn âlde krêften werom, sadat er handich ôfweve kin mei syn efterfolgjende sipiers.

Neitiid nimt er Aquaman mei nei de Fersonken Sitadel, in út 'e wrakken fan ûntelbere ûndergiene skippen opboude frijhaven fan minsklike en Atlantyske seerôvers en oare kriminelen fan alderhanne slach. Dêr moetsje se de gangster Kingfish, dy't ûnder twang fertelt dat Kane syn basis fêstige hat op in fulkanysk eilantsje yn it suden fan 'e Stille Oseaan. Nei't se har in wei út 'e Fersonken Sitadel fochten hawwe, bejouwe de oanhâldend kibjende bruorren har dêrom nei dat eilân, dêr't se ûntdekke dat Kane it stellene orichalkum yn 'e holle krater fan 'e âlde fulkaan opstookt om mei opsetsin safolle mooglik broeikasgassen yn 'e lucht te pompen. Troch de hege mjitte fan koalstofdiokside by de boarne fan al dy broeikasgassen is de floara en fauna op it eilantsje sterk mutearre, mei as gefolch û.o. reuseftige sprinkhoannen dy't de beide bruorren efterfolgje en besykje op te fretten, mar op har beurt ferslynd wurde troch ûnbidich grutte fleisitende planten.

Wannear't se úteinlik de krater binnenkringe, moetsje se dêr dr. Shin, dy't spyt krigen hat fan syn gearwurking mei Kane. Mar ear't er de bruorren helpe kin, rekket er bewusteleas by in oanfal op Aquaman en Orm dy't útfierd wurdt troch Stingray, de froulike ûnderkommandant fan Kane. As Kane sels ek arrivearret, brekt der in ferheftich gefjocht út, wêrby't Orm op in stuit de Swarte Trijetine oanrekket en kontakt makket mei it oerâlde kwea dat yn ferbân stiet mei it wapen. De earder troch Aquaman warskôge striidkrêften fan Atlantis arrivearje ûnder lieding fan syn skoanheit kening Nereus fan Xebel, en meitsje mei swiere wapens it eilantsje mei de grûn lyk. Kane-en-dy witte op 'e nij te ûntkommen yn 'e grutte ûnderseeër. Aquaman rekket yn 'e knipe wannear't er ûnder wetter fêst komt te sitten tusken de seeboaiem en in grut rotsblok fan 'e ynstoartende krater, mar hy wurdt rêden troch syn ûnderwilens genêzen frou Mera.

Neitiid fertelt Orm by in gearkomste fan 'e belutsen lieders fan Atlantis oer wat er gewaarwurden is doe't er de Swarte Trijetine oanrekke. It docht bliken dat it wapen yn in fier ferline makke wurden is troch Kordax, de jongere broer fan Atlan, de stifter fan Atlantis. Kordax wie de kening fan Necrus, it sânde fan 'e Atlantyske keninkriken dat foar de kust fan Antarktika lei op in plak dat al milennia lang diel útmakke hat fan 'e súdlike iiskape. It bestean fan dat ryk is yn 'e Atlantyske skiednis folslein útwiske. It iennichste dat de moderne Atlanten noch witte, is dat der oarspronklike sân riken wiene. It sânde stiet tsjintwurdich bekend as "it Weiwurden Keninkryk". Orm fertelt dat Kordax jaloersk wie op Atlan en in machtsbasis opboude troch it ûnbeheinde gebrûk fan orichalkum. Doe't Atlan him oardere dêrmei op te hâlden om't er de wrâld oan it ferneatigjen wie, naam Kordax syn taflecht ta bloedmagy, wêrmei't er himsels en syn ûnderdienen feroare yn ûnstjerlike boasaardige meunsters. Mar Atlan en de striidkrêften fan 'e restearjende seis Atlantyske keninkriken fierden in ynvaazje fan Necrus út, wêrnei't Atlan yn 'e troanseal fan Kordax syn eigen bloedmagy brûkte om hiel Necrus yn iis te fangen. Neitiid waard de oantins oan Necrus folslein útwiske om foar te kommen dat it ea noch op 'e nij oprize kinne soe. Mar de troch de minsken yn gong setten klimaatferoaring en it ranen fan 'e poalkapen ferswakke de betsjoening fan Atlan genôch dat it Kordax slagge en lis kontakt mei Kane.

Aquaman, Orm, Mera en Atlanna riddenearje út dat Kane ferlet hat fan it bloed fan ien fan 'e ôfstammelingen fan kening Atlan om dy syn bloedmagy te ferbrekken en Kordax en syn folk te befrijen út it iis. Orm ornearret dat der gjin oare ôfstammelingen fan Atlan binne as hysels en Aquaman, mar de oaren witte dat der noch ien is: de lytse Arthur jr. Fjouweresom hastigje se har nei de fjoertoerwachterswente oan 'e kust fan Maine dêr't se de poppe efterlitten hawwe op 'e noed fan syn pake Thomas Curry, de heit fan Aquaman. As se dêr arrivearje, docht bliken dat Kane harren foar west hat: Thomas is foar dea efterlitten en de poppe is ûntfierd. Wylst syn heit wer opbetteret ûnder behanneling fan 'e heech ûntwikkele Atlantyske genêskunde, ûntfangt Aquaman in berjocht dat de lokaasje fan Kane syn ûnderseeër trochjout en dat temûk ferstjoerd is troch dr. Shin. Kane blykt ûnderweis te wêzen nei it Ferlerne Keninkryk Necrus by Antarktika. Aquaman, Orm, Mera, Atlanna, kening Nereus fan Xebel en in lytse karkloft Atlanten sette Kane efternei.

Yn Necrus bynt Aquaman de striid oan mei Kane en wurdt er op in hier nei troch de smjunt deade ear't Mera him op 'e nij rêdt. Dr. Shin naait út mei Arthur jr. om him út 'e kloeren fan Kane te hâlden en bringt de poppe wer by syn mem. Kane smyt de Swarte Trijetine nei Mera as wie it in spear, mar Orm plôket it ding út 'e loft foar't it Mera reitsje kin. Dêrop ferlit de geast fan Kordax Kane, dy't er mar in swakke minske fynt, en beset ynstee de sterke Atlant Orm. Dyselde keart him tsjin Aquaman en de beide bruorren fjochtsje, wêrby't Orm Aquaman in bloednoas slacht. Hy brûkt it alsa frijkommen bloed om Kordax te befrijen. Mar Aquaman bepraat Orm om syn wrok foar him oer farre te litten, wat net sa dreech mear is mei't Orm net wol dat hy en Aquaman einigje sille as Atlan en Kordax. As er de Swarte Trijetine loslit, komt Orm frij fan 'e geastlike besetting troch Kordax. Aquaman ferneatiget dêrnei sawol de Swarte Trijetine as Kordax sels.

As de swarte magy fan Kordax weiwurdt, ferwaaie syn ûnderdienen ta stof en begjint Necrus yn te stoarten. De ferwûne Kane falt yn in djippe spjalt dy't him iepenet yn 'e flier, mar hâldt himsels oan 'e râne fêst mei syn fingers. Aquaman stapt oer syn gefoelens foar de smjunt hinne troch him de hân te rikken om him op te hysjen, mar Kane ropt fan: "Nea!" en lit himsels mienen en witten yn 'e spjalt falle om mar net troch Aquaman rêden te wurden. De Atlanten en dr. Shin ûntkomme út Necrus, dat folslein útinoar falt. Orm is ree om werom te kearen yn finzenskip by de Fiskerslju, mar Aquaman stelt foar om te bearen dat Orm yn 'e striid mei Kordax omkommen is. De oaren stimme dêrmei yn, en Orm giet yn ballingskip op it drûge. Aquaman, dy't altyd al fûn dat de Ierde inkeld fan 'e gefolgen fan klimaatferoaring rêden wurde koe troch gearwurking tusken de minskewrâld en de ûnderwetterkeninkriken, driuwt no syn sin troch en makket it bestean fan Atlantis bekend by in parsekonferinsje yn New York, wêrby't er foar Atlantis it lidmaatskip fan 'e Feriene Naasjes oanfreget.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise               Arthur Curry / Aquaman Jason Momoa Orm Marius Patrick Wilson

byrollen personaazje                            akteur/aktrise David Kane / Black Manta Yahya Abdul-Mateen II dr. Stephen Shin Randall Park keninginne Mera Amber Heard keninginne-mem Atlanna Nicole Kidman Thomas Curry Temuera Morrison kening Nereus fan Xebel Dolph Lundgren Stingray Jani Zhao de Pikelkening John Rhys-Davies (stim)Andrew Crawford (motion-capture) gangster Kingfish Martin Short (stim) kening Atlan fan Atlantis Vincent Regan Karshon Indya Moore kening Kordax fan Necrus Pilou Asbæk

Produksje en distribúsje Produksje