Jack Reacher: Never Go Back is in Amerikaanske aksjeskriller út 2016 ûnder rezjy fan Edward Zwick, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Cobie Smulders. De titel betsjut "Jack Reacher: Gean Nea Werom". De film waard basearre op 'e roman Never Go Back, in diel út 'e Jack Reacher-romansearje fan Lee Child. It wie in ferfolch op Jack Reacher út 2012, in ferfilming fan in oare roman út deselde rige. It ferhaal folget Jack Reacher, in eardere majoar by de Amerikaanske Militêre Plysje, dy't no as omrinner troch de Feriene Steaten swalket en út en troch regaad makket oangeande saken dy't it deiljocht net ferdrage kinne. Wannear't majoar Susan Turner, syn opfolchster by syn âlde ienheid fan 'e Militêre Plysje, oppakt wurdt op beskuldiging fan lânferrie, begjint Reacher in eigen ûndersyk en komt er in gearspanning binnen it Amerikaanske Leger op it spoar. De filmkritisy joegen Jack Reacher: Never Go Back mingde oant negative resinsjes en yn 'e bioskopen die de film it mar sa-sa.

Plot Jack Reacher is in omrinner dy't foarhinne as majoar it befel hie oer it 110e Bataljon fan 'e Militêre Plysje fan it Amerikaanske Leger. Yn Oklahoma helpt er de hjoeddeistige kommandant fan dy ienheid, majoar Susan Turner, om in korrupte sheriff op te pakken dy't oan it haad stiet fan in binde minskehannelers, en dy't syn kriminele praktiken útoefenet op lân fan it Amerikaanske Leger. Neitiid hâldt er út en troch kontakt mei Turner, en wannear't syn omdoarmings him lang om let werombringe nei Washington, D.C., giet er dêre nei it haadkertier fan syn âlde ienheid om har foar it earst libbensliif te moetsjen. Mar ynstee fan Turner treft er yn har kantoar in kolonel Sam Morgan oan, dy't him fertelt dat Turner arrestearre is op beskuldiging fan spionaazje en lânferrie en no yn in militêr tichthûs fêstholden wurdt yn ôfwachting fan 'e behanneling fan har saak troch de kriichsrie.

It komt Reacher allegearre nuver foar, dat hy wol Turner yn har sel besykje. Dêrta siket er kontakt mei de ofsier dy't har as abbekaat tawiisd is, kolonel Moorcroft. Dy fertelt him lykwols dat Turner yn 't foar al witte litten hat dat se yn it tichthûs net troch Reacher besocht wurde wol. Wannear't Reacher dêr fierder op ynfreget, lit Moorcroft him (Reacher) syn dossier sjen, dêr't yn stiet dat in Candice Dutton him oanklage hat foar it feit dat er nea alimintaasje betelle hat foar it ûnderhâld fan it bern dat er by har oanset hat. It giet om har dochter Samantha, dy't ûnderwilens fyftjin jier is en yn in pleechgesin wennet om't Candice sels in junk is dy't troch har ferslaving yn 'e prostitúsje bedarre is. Dat Reacher sa'n frommeske mei in bern sitte litten hat, soe Turner sà fan him ôffallen wêze, dat se fierder gjin gedoente mear mei him hawwe wol.

De namme 'Candice Dutton' seit Reacher neat, mar hy hat yn syn libben gauris in onenightstand hân, dat hy kin net útslute dat er yndie mei it frommes op bêd west hat en in dochter by har oanset hat. Hy ûntfrjemdet de foto fan it fanke dat syn dochter wêze soe út it dossier ear't er dat weromjout oan Moorcroft. Hy ûnderstiet de kolonel ek oer de beskuldigings tsjin Turner, dy't lykje te draaien om 'e dea fan 'e militêre plysjes Mirkovich en Cibelli yn Afganistan, dêr't se troch Turner hinne stjoerd wiene om ûndersyk te dwaan. It ferhaal is dat Turner ynformaasje ferkocht hat oan 'e Taliban, de islamistyske Afgaanske opstannelingen dêr't it Amerikaanske Leger tsjin fjochtet, en dat se har eigen minsken troch de Taliban fermoardzje litten hat doe't se lucht krigen fan har ferrie. Reacher, dy't Turner sa stadichoan al in bytsje ken, leaut dêr neat oan, en fiteret Moorcroft, yn wa't er in útbluste âld abbekaat werom ken, oan om better syn wurk te dwaan. Neitiid siket Reacher kontakt mei Samantha Dutton, syn saneamde dochter, mar sy stegeret him ôf. Harren moeting wurdt fan op ôfstân fotografearre troch immen dy't Reacher ûngemurken folge is.

Moorcroft knopet himsels de wurden fan Reacher yn 'e earen, en begjint him mear te hâlden en dragen sa't it in abbekaat betammet. Mar syn lakse hâlding wie no krekt wêrom't him de saak fan Turner taskood wie. As er begjint te graven en saken opdjippet dy't it deiljocht net ferdrage kinne, wurdt er dy jûns deaslein troch 'de Jager', in eardere kommando fan it Amerikaanske Leger dy't no as hierling wurket. Reacher bejout him de oare deis sûnder euvelmoed wer nei kolonel Morgan, mar dy lit him fuortendaliks arrestearje, mei't hy derfan fertocht wurdt Moorcroft deade te hawwen. Reacher wurdt troch kaptein Espin, in eardere ûnderhearrige fan himsels dy't net folle nostalgy fielt foar syn âlde kommandant, nei itselde militêre tichthûs ta brocht dêr't ek Turner fêstholden wurdt. Reacher ornearret dat as Moorcroft fermoarde is om't er tefolle wist, Turner ek fermoarde wurde moat. Wylst er nei syn sel laat wurdt, identifisearret er in pear hiermoardners dy't de momkape oannommen hawwe fan sipiers fan in finzenetransport. Se wurde nei Turner har sel brocht, sabeare om't sy oerpleatst wurde moat. Reacher slacht Espin del, stelt syn unifoarmjaske by wize fan eigen momkape, hastiget him nei Turner har sel en weeft dêr mei de beide hiermoardners ôf ear't hy en Turner maskerearjend as in sipier dy't in finzene fuortbringt út it tichthûs ûntsnappe.

De beide fuortflechtigen bejouwe har nei de wente fan 'e korrupte kolonel Morgan, fan wa't se in dossier en oare gefoelige ynformaasje oer Turner stelle. By dy ynformaasje sitte ek de foto's dy't mei in telelins út 'e fierte wei makke binne fan 'e flechtige moeting dy't Reacher mei Samantha Dutton hân hat. Hy beseft dat it neat útmakket oft it fanke echt syn dochter is of net, om't syn mysterieuze fijannen har hoe dan ek tsjin him besykje sille te brûken. Nei't Reacher en Turner ôfset binne, ferskynt de Jager by Morgan, dy't him deaslacht en it op 'e nij lykje lit as is Reacher de dieder. Underwilens arrivearje Reacher en Turner by it wenadres fan Samantha, dêr't se har pleechâlden deasketten oantreffe en Samantha sels op in sideplak dêr't se troch de Jager oer de holle sjoen is. Turner besiket it fanke ûnderdûke te litten op 'e kostskoalle dêr't sysels as teenager op siet. Samantha fynt it dêr wol moai, mar is te stoer om dat ta te jaan. Hoe dan ek, se ferrinnewearret de boel by fersin troch har mobile tillefoan te brûken, mei as gefolch dat de lju dy't it op har foarsjoen hawwe, har lokaasje trasearje kinne.

Dat betsjut dat Reacher en Turner Samantha meislepe moatte op harren syktocht nei de wierheid efter de falske beskuldigings tsjin Turner. Ut 'e papierren dy't se bútmakke hawwe by kolonel Morgan docht bliken dat in soldaat Daniel Prudhomme de lêste wie mei wa't de yn Afganistan omkommen Mirkovich en Cibelli praten hawwe. Prudhomme is ûnderwilens ôfswaaid, dat Reacher en Turner sette mei Samantha nei syn wenplak New Orleans ta. De Jager en syn trewanten hjitfolgje harren, mar troch Reacher syn tûkens wit it trio by oankomst op 'e Ynternasjonale Lofthaven Louis Armstrong in dêr opsette fûke te ûntrinnen. Se ferdwine yn New Orleans en nimme in keamer yn in hotel yn it Frânske Kertier.

Reacher en Turner hawwe in oanfarring oer wa't de lieding hat oer harren lytse militêre operaasje, mar lizze it skeel letter by. Samantha fertelt Reacher dat se har skuldich fielt om't sy sels de driuwende krêft wie efter it oanspannen troch har mem fan 'e rjochtsaak tsjin Reacher. Har mem is no fan 'e drugs ôf en út 'e prostitúsje. Se wurket as servearster en kin mar kwealk rûnkomme, dat Samantha tocht dat de útbetelling fan wat efterstallige alimintaasje har helpe koe om op it rjochte paad te bliuwen. It probleem wie dat Candice mar in dizenich idee hie oer wa't Samantha har heit wêze koe.

Reacher spoart de frou fan Prudhomme op, dy't fertelt dat har man yn Afganistan oan 'e heroïne rekke is en no as dakleaze drugsferslaafde op 'e strjitte libbet. Reacher en Turner witte net hoe no fierder, mar Samantha giet der nachts temûk op eigen manneboet op út. Om't sy fierhinne op 'e strjitte opgroeid is, ken se de gewoanten en sprekt se "de taal" fan 'e dakleazen. Sûnder folle swierrichheden wit se it wierskynlike ferbliuwplak fan Prudhomme te efterheljen, in stikje ynformaasje dat se de oare moarns triomfantlik oerdraacht oan 'e ferstuivere Reacher en Turner.

Wylst Samantha yn it hotel in gat yn 'e dei sliept, bejouwe Reacher en Turner harren nei in leechsteand pakhûs dêr't se Prudhomme oantreffe middenmank in gruttere groep ferslaafde dakleazen. As se him ûndersteane oer de foarfallen yn Afganistan, fertelt er dat guon soldaten en ofsieren út syn ienheid behelle wiene yn kriminele aktiviteiten. Amerikaansk wapenreau dat oerstallich of efter de tiid rekke wie, en dat weromstjoerd wurde moast nei de Feriene Steaten om ferneatige te wurden, waard ynstee oerdroegen oan Parasource, in partikulêr militêr bedriuw (dat hierlingen ferhiert). Parasource ferkocht de wapens oan 'e Taliban. Mirkovich en Cibelli kamen dat hanneltsje op it spoar en waarden troch de Jager fermoarde. Wannear't Reacher en Turner ûndersyk nei Parasource dogge, ûntdekke se dat it bedriuw, dat needlijend wie, de lêste moannen ynienen grutte winsten makket. Reacher is fan miening dat soks net mei de ferkeap fan ôftanke wapens ferklearre wurde kin: de sifers kloppe gewoan net.

Reacher nimt kontakt op mei kaptein Espin fan 'e Militêre Plysje, dy't ek noch altyd efter him en Turner oan sit, en dy't harren spoar nei New Orleans ta folge is. Hy besiket Prudhomme, waans tsjûgenis fan it heechste belang is, yn 'e hannen fan 'e Amerikaanske Militêre Plysje te spyljen, sadat de man beskerme wurde kin. Mar Parasource harket de mobile tillefoan fan kaptein Espin ôf. By harren moeting yn 'e haven fan New Orleans wurde Espin en Prudhomme sadwaande oerfallen troch in trio hiermoardners. Prudhomme komt om en Espin rekket licht ferwûne. Reacher grypt yn en skeakelet de hiermoardners út. Underwilens is it al wer jûn en yn it hotel is Samantha wer by sûpe en stút. Se hat ferlet fan iten, dat se brûkt de stellen creditcard dêr't Reacher en Turner harren flecht nei New Orleans mei betelle hawwe, om in bestelling te pleatsen. De creditcard is lykwols ûnderwilens bekend by Parasource en wurdt yn 'e gaten holden. Sadwaande ferriedt Samantha sûnder euvelmoed har eigen lokaasje. Generaal b.tsj. James Harkness, de algemien direkteur fan Parasource, stjoert de Jager om it fanke te fermoardzjen.

Nei de sjitpartij yn 'e haven beslút kaptein Espin dat Reacher en Turner de wierheid sprekke en ûnskuldich binne, dat hy beslút de lapen mei harren gear te smiten. Op basis fan ynformaasje fan Prudhomme stelle se fêst dat der dyselde jûns in fleantúch fan Parasource yn New Orleans oankomt, dat fol mei ôftanke Amerikaanske wapens sitte moatte soe. Turner is derfan oertsjûge dat de kisten yn it fleantúch leech wêze sille, om't de wapens troch Parasource ferkocht binne oan 'e Taliban. Dat sy, Reacher en kaptein Espin en syn militêre plysjes sette nei it fleanfjild ta dêr't it krekt arrivearre fleantúch opwachte wurdt troch generaal Harkness. Espin en Turner easkje dat se de lading checke meie, mar as de kisten iepene wurde, blike dy wol deeglik fol te sitten mei wapenreau. Turner en Espin begripe der neat fan. De smeulsk glimkjende Harkness besiket de militêre plysjes fan syn gerjochtichheid te bonsjoeren, mar dan hellet Reacher in grutte bazooka út ien fan 'e kisten en hâldt it ding rjochtop, sadat der allegear pûdsjes heroïne út rûgelje. "No klopje de sifers," seit Reacher, wylst Harkness en syn trewanten arrestearre wurde foar drugssmokkeljen en moard.