Tamil Nadu (letterlik: "Lân fan 'e Tamils") is in dielsteat yn it uterste suden fan Yndia. It is de tsiende grutste steat fan it lân neffens oerflak en de sechde grutste steat neffens ynwennertal. De steat grinzget oan 'e dielsteaten Kerala, Karnataka en Andhra Pradesh en wurdt omsletten troch de Golf fan Bingalen yn it easten en de Yndyske Oseaan yn it suden.
De skiednis fan Tamil Nadu giet mear as twatûzen jier werom en stiet bekend om syn rike Dravidyske kultuer, klassike muzyk en de tûzenen timpels mei harren karakteristike hege poartetuorren (gopurams). De haadstêd en grutste stêd is Chennai (foarhinne Madras). Tamil Nadu is ien fan 'e meast yndustrialisearre en ûntwikkele steaten fan Yndia, mei in ekonomy dy't sterk op 'e autoyndustry, tekstyl en technology stipet.
Geografy Tamil Nadu leit yn it súdlikste diel fan it Yndiaask subkontinint en hat in grut ferskaat yn lânskip, fan tropyske kusten oant rûge berchtmen.
Grinzen en Kustline De steat wurdt begrinzge troch trije oare Yndiaaske dielsteaten: Kerala yn it westen, Karnataka yn it noardwesten en Andhra Pradesh yn it noarden. Oan 'e eastkust lizze ferskate gebieten fan yn Tamil Nadu fan it unyterritoarium Pondicherry. thumb|left|Kust fan Tamil Nadu. Yn it easten en suden hat Tamil Nadu in kustline fan likernôch 907 km, de op twa nei langste fan Yndia. Dizze kust rint lâns de Golf fan Bingalen, de Palkbaai, de Strjitte fan Palk en de Golf fan Mannar. Yn it uterste súdwesten grinzget de steat oan 'e Yndyske Oseaan. De eastlike kuststripe stiet histoarysk bekend as de Kust fan Koromandel. It súdlikste punt fan it fêstelân fan Yndia, Kaap Komorin (Kanyakumari), leit yn dizze steat; it is it plak dêr't de Arabyske See, de Golf fan Bingalen en de Yndyske Oseaan byinoar komme.
Bergen en Heechlân Lâns de westlike grins rinne de West-Ghats. Hjir binne de hegere berchgebieten lykas de Nilgiri, de Anaimalai en de Cardamom-heuvels. De Doddabetta (2.637 m) is de heechste pyk fan 'e steat. De East-Ghats binne in legere, ûnderbrutsen berchrige dy't troch it binnenlân rint. Tusken de berchrigen yn leit it súdlike diel fan it Heechlân fan Dekkan.
Rivieren en Wetterhúshâlding thumb|left|De Kaveri. De rivier de Kaveri (earder de Cauvery) is de libbensier fan 'e steat. Se ûntspringt yn Karnataka, mar streamt troch it hert fan Tamil Nadu en foarmet in brede, fruchtbere delta foardat se yn de Golf fan Bingalen útmûnet. Oare wichtige rivieren binne de Palar, de Vaigai en de Thamirabarani. Oars as yn it noarden fan Yndia is it wetter fan 'e rivieren net ôfkomstich fan ranende snie, mar wurde de rivieren folslein troch de rein fan 'e moesson fuorre.
Klimaat Tamil Nadu is wat de wetterfoarried oanbelanget foar in grut part ôfhinklik fan 'e Noardeast-moesson (oktober oant desimber). De rest fan Yndia is meast ôfhinklik fan 'e Súdwest-moesson. It klimaat is oer it generaal tropysk, mei hege temperatueren it hiele jier troch, útsein yn 'e heger lizzende gebieten lykas Ooty en Kodaikanal, dy't bekend steane om harren koelere temperatueren.
Skiednis Argeologyske fynsten litte sjen dat it gebiet fan it hjoeddeiske Tamil Nadu al sûnt de prehistoarje bewenne wurdt troch minsken. Op plakken lykas Adichanallur en Keezhadi binne spoaren fûn fan iere, goed organisearre mienskippen mei ambachten, hannel en in skriftlike ûntwikkeling. Dy fynsten wize op in betide en ûntwikkele beskaving yn it suden fan Yndia.
Yn 'e saneamde Sangam-perioade (±300 f.Kr. oant 300 n.Kr.) waard it âlde Tamilakam dominearre troch trije grutte dynastyën: de Chera-dynasty, de Chola-dynasty en de Pandya-dynasty. Dit wie ek de bloeitiid fan 'e iere Tamil-literatuer, mei wurken lykas de Tolkāppiyam. Der bestie yn dy tiid in libbene hannel mei ûnder oare it Romeinske Ryk, benammen yn krûden, pearels en oare kostberheden. thumb|left|Rotsmonuminten yn Mahabalipuram Nei dy perioade folge in minder goed dokumintearre tiid, faak oantsjut as de tiid fan 'e Kalabhras. Fanôf de 6e iuw kaam de Pallava-dynasty op, dy't in wichtige rol spile yn de ûntwikkeling fan timpels en keunst. Hja bouden ûnder oare de ferneamde rotsmonuminten yn Mahabalipuram, dy't hjoed-de-dei ta it wrâlderfgoed hearre.
Under hearskers lykas Rajaraja I en Rajendra Chola I groeide it Chola-ryk út ta in machtige steat mei grutte ynfloed yn Súd-Yndia en oer see nei Sry Lanka en Súdeast-Aazje. Yn dy tiid waard ek de ymposante Brihadisvara-timpel boud.
Yn 'e 13e iuw krigen de Pandya’s wer de oerhân. De ûntdekkingsreizger Marco Polo beskreau harren ryk as tige ryk en woltierich. Yn 'e iuwen dêrnei waard it gebiet konfrontearre mei islamityske ynfallen út it noarden, ûnder oaren fan it Sultanaat fan Delhi.
Yn 'e 14e iuw ûntstie it Vijayanagar-ryk, dat in grut part fan Súd-Yndia ûnder syn bewâld brocht en soarge foar polityk en kultureel werstel. Nei de delgong fan dat ryk namen regionale hearskers, de Nayaks, de macht oer. Sy stienen bekend om it útwreidzjen en fersieren fan grutte timpels, lykas de Meenakshi-timpel. thumb|left|Fort St. George, Madras. Sûnt de 17e iuw stiften Jeropeeske machten lykas de Portegezen, Nederlanners, Denen, Frânsen en Britten hannelsposten oan 'e kust. De Britten bouden yn 1640 Fort St. George, dat letter it sintrum waard fan harren bestjoer yn de regio. Nei ferskate konflikten krigen hja de kontrôle en makken fan it gebiet de Madras Presidency.
Tamil Nadu spile ek in wichtige rol yn 'e Yndiaaske ûnôfhinklikensbeweging, mei figueren lykas Subramania Bharati en V. O. Chidambaram Pillai.
Yn 1956 waard de steat op 'e nij yndield op basis fan taal. Op 14 jannewaris 1969 krige de steat offisjeel de namme Tamil Nadu. Protesten yn 1965 tsjin it ferplicht stellen fan it Hindy soargen derfoar dat it Ingelsk in wichtige offisjele taal fan Yndia bleau.
Hjoed-de-dei is Tamil Nadu ien fan 'e meast ferstedske en ekonomysk ûntwikkele steaten fan Yndia, mei in rike kulturele tradysje en in sterke yndustriële basis.
Befolking Tamil Nadu is ien fan 'e pear steaten yn Yndia wêrby't de befolkingsgroei stabyl is en tichtby it ferfangingsnivo leit, mei tank oan goede sûnenssoarch en famyljeplanning. thumb|Boer yn Tamil Nadu. Likernôch de helte fan 'e minsken wennet yn stêden. Dat makket it ien fan 'e meast ferstedske steaten fan it lân. It persintaazje minsken dat lêze en skriuwe kin leit mei 80% (2011) folle heger as it lanlike gemiddelde yn Yndia.
De offisjele taal is it Tamil, ien fan 'e âldste klassike talen fan 'e wrâld dy't hjoed-de-dei noch hieltyd praat wurdt. Foar likernôch 90% is it Tamil de memmetaal. Oare talen dy't foarkomme binne it Telugu, Kannada en Urdu (benammen troch migraasje en histoaryske bannen). It Ingelsk wurdt rûnom brûkt yn it ûnderwiis, de rjochtspraak en it hannelsferkear.
De befolking fan Tamil Nadu is beynfloede troch de Dravidyske beweging, in sosjaal-politike streaming dy't him sûnt de iere 20e iuw rjochtet op selsrespekt, it bestriden fan it kastesysteem en it befoarderjen fan 'e eigen Tamil-identiteit. thumb|De Marijekatedraal yn Madurai. Religy + Religy yn Tamil Nadu Religy % (2001) % (2011) Ferskil Karakteristyk Hindoeïsme 88,11% 87,58% -0,53% Dominant, mei in tige sterke timpelkultuer en Bhakti-tradysje. Kristendom 6,07% 6,12% +0,05% Sterk fertsjintwurdige yn it suden (Kanyakumari) en kustgebieten. Islam 5,56% 5,86% +0,30% Fral yn stêden en hannelssintra oan 'e kust (lykas Nagapattinam). Jaïnisme 0,13% 0,12% -0,01% Alde oanwêzigens, benammen yn en om Madurai en Kanchipuram. Boedisme 0,02% 0,02% 0,00% Histoarysk wichtich, no in hiele lytse mienskip. Sikhisme 0,02% 0,02% 0,00% Lytse migrantemienskip, fral yn Chennai. Oars / net opjûn 0,09% 0,28% +0,19% Groei troch rasjonalisme en de Dravidyske selsrespekt-beweging.
Befolkingsferrin Sûnt de jierren 1970 is de groei fan 'e befolking minder as yn it noarden fan Yndia (lykas by Uttar Pradesh). Dat komt troch in suksesfol belied op it mêd fan famyljeplanning en ûnderwiis.
+ Befolkingsûntwikkeling fan Tamil Nadu (1901–2011) Jier 1901 1911 1921 1931 1941 1951 1961 Ynwennertal 19.252.630 20.902.616 21.628.518 23.471.607 26.267.507 30.119.047 33.686.953 Groei — +8,6% +3,5% +8,5% +11,9% +14,7% +11,8% Jier 1971 1981 1991 2001 2011 Ynwennertal 41.199.168 48.408.077 55.858.946 62.405.679 72.147.030 Groei +22,3% +17,5% +15,4% +11,7% +15,6%
Stêden Tamil Nadu is ien fan 'e meast ferstedske steaten fan Yndia, wêrby't de groei mear ferspraat is oer ferskate grutte yndustriële knooppunten. Benammen de haadstêd Chennai en it tekstylsintrum Coimbatore hawwe harren ûntwikkele ta wrâldstêden.
thumb|Chennai, de haadstêd fan Tamil Nadu. thumb|Coimbatore, it "Manchester fan Súd-Yndia", mei de ûnbidich grutte buste fan Shiva.
Rang Plak Ynwennertal (2001) Ynwennertal (2011) Groei (%) Karakteristyk 1 Chennai (UA) 6.560.242 8.653.521 +31,9% Haadstêd, havenstêd en fanwegen de asylyndustry it Detroit fan Aazje. 2 Coimbatore (UA) 1.461.139 2.136.916 +46,2% Grutte yndustriële stêd, spesjalisearre yn tekstyl en masinebou. 3 Madurai (UA) 1.203.095 1.465.625 +21,8% De kulturele haadstêd, ferneamd om de Meenakshi-timpel. 4 Tiruchirappalli (UA) 866.354 1.022.518 +18,0% Wichtich edukatyf en religieus sintrum yn 'e Kaveri-delta. 5 Salem (UA) 751.438 917.414 +22,1% Bekend om stielproduksje en lânbouhannel. 6 Tiruppur (UA) 550.826 877.778 +59,3% Eksploazje fan groei troch de tekstyl-eksport.
UA: "UA" betsjut "Urban Agglomeration". De neamde oantallen binne fan 'e stêdekloft (de stêd ynklusyf foarstêden).
Bestjoer Tamil Nadu hat in ienkeamerparlemint, de Tamil Nadu Legislative Assembly. Dy bestiet út 234 leden, dy't streekrjocht troch it folk keazen wurde foar in perioade fan fiif jier. It parlemint komt gear yn it histoaryske Fort St. George yn Chennai. thumb|Regearingsgebou. De útfierende macht is ferdield tusken in seremoanjeel en in polityk liederskip. De gûverneur is formeel it haad fan 'e steat en wurdt beneamd troch de presidint fan Yndia. Hy funksjonearret as skeakel tusken it sintrale regear en de steat. De Chief Minister is de politike lieder fan 'e steat, dy't de mearderheid yn it parlemint hat. Hy hat feitlik de macht en stiet oan it haad fan 'e Ried fan Ministers.
It politike lânskip fan Tamil Nadu wurdt sûnt 1967 foar in grut part dominearre troch saneamde Dravidyske partijen. Nasjonale partijen spylje dêrby meast in lytsere rol, faak as partner yn koälysjes. De macht wikselet ornaris tusken de DMK (Dravida Munnetra Kazhagam) en de AIADMK (All India Anna Dravida Munnetra Kazhagam). Dy partijen lizze de klam op 'e Tamil-identiteit, sosjale gelikensens en in aktyf belied op it mêd fan wolwêzen en ûnderwiis.
Bestjoerlik is Tamil Nadu opdield yn 38 distrikten. Dy steane ûnder lieding fan in District Collector, dy't ferantwurdlik is foar it deistich bestjoer en de útfiering fan oerheidsbelied yn it distrikt. Under de distrikten falle fierdere bestjoerslagen, lykas taluks (ûnderdistrikten of bestjoerlike regio's yn in distrikt) en pleatslike selsbestjoeren.
De rjochterlike macht fan 'e steat wurdt útoefene troch it Madras High Court yn Chennai, ien fan 'e âldste en meast prestizjeuze rjochtbanken fan Yndia. Dêrneist is der in wichtige ôfdieling yn Madurai, dy’t him rjochtet op saken út it suden fan 'e steat.
Distrikten