Jack Reacher is de namme fan in romansearje fan 'e hân fan 'e Britske skriuwer Lee Child. De titel ferwiist nei de haadpersoan. De rige bestiet út romans, koarte ferhalen en inkele novelles, en heart ta it misdiesjenre. Spesifyk wurde de boeken oantsjut as skrillerromans. De haadpersoan is Jack Reacher, in eardere militêre plysje dy't no as omrinner troch de Feriene Steaten swalket en hieltyd op 'e nij belutsen rekket by saken dy't it deiljocht net ferdrage kinne. De romans út 'e rige binne sûnder útsûndering bestsellers. Yn 2022 wiene fan 'e Jack Reacher-boeken wrâldwiid mear as 100 miljoen eksimplaren ferkocht. Op basis fan 'e romansearje binne twa films en in tillefyzjesearje makke.
Eftergrûn Lee Child (it pseudonym fan James Dover Grant) wurke fan 1977 oant 1995 by de Britske tillefyzjestudio Granada Television, dêr't er tillefyzjeregisseur wie. Sa wied er belutsen by de produksje fan tillefyzjesearjes as Brideshead Revisited, The Jewel in the Crown, Prime Suspect en Cracker. Ek wied er ferantwurdlik foar it skriuwen fan tûzenen reklamespotsjes en nijsferhalen. Doe't er ûntslein waard by in restrukturearring fan it bedriuw, besleat er in roman te skriuwen om te sjen oft er in takomst hie as auteur. Killing Floor, it earste boek yn 'e Jack Reacher-rige, kaam út yn 1997. It groeide út ta in earsten bestseller. Dêrmei wie sawol de grûnslach fan 'e romansearje as de reputaasje fan Child as skrillerauteur fêstige.
Child hat de boeken út 'e rige omskreaun as wraakferhalen: "Immen docht wat hiel ferkeards, en Reacher nimt wraak." Neffens himsels soe dy oanstriid ta it nimmen fan wraak, alteast yn it begjin, fuortkommen wêze út syn eigen lulkens oer syn ûntslach by Granada. Hoewol't er in Ingelsman is, keas er der út kommersjele omtinkens foar om skrillers yn 'e Amerikaanske styl te skriuwen.
Ko-auteurskip Yn jannewaris 2020, doe't der 24 dielen yn 'e Jack Reacher-searje ferskynd wiene, kundige Child oan dat er ophâlde soe mei it skriuwen fan Jack Reacher-romans en dat er de searje oerdrage woe oan syn jongere broer Andrew Grant, dy't skriuwe soe ûnder it pseudonym Andrew Child. De earstfolgjende dielen soene de bruorren tegearre skriuwe en dan soe Lee Child him út 'e searje weromlûke. Anno 2026 is dat lêste noch net bard; diel 25 (The Sentinel) oant en mei diel 31 (Chain Reaction) fan 'e searje binne skreaun troch beide bruorren tegearre.
Oersjoch De haadpersoan fan 'e boeken út 'e Jack Reacher-searje is Jack Reacher, in eardere majoar yn it Militêr Plysjekorps fan it Amerikaanske Leger, dy't yn 1996 earfol ûntslein is út militêre tsjinst om't it leger nei ôfrin fan 'e Kâlde Oarloch ynkrimpe moast. Sûnt er it leger efter him litten hat, swalket Reacher as omrinner sûnder fêst wen- of ferbliuwplak troch de Feriene Steaten. Hy nimt hjir en dêr los wurk oan en ûndersiket, soms tsjin wil en tank, soms út persoanlike ynteresse, fertochte saken.
De settings foar de romans en koarte ferhalen befine har oer it algemien yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Se rinne útinoar fan grutte metropoalen lykas New York, Los Angeles en Washington, D.C. oant lytse stedsjes (yn Jeropa soe men sizze: doarpen) yn it Suden en Midwesten. Ut en troch komt Reacher ek om utens, lykas yn Londen (Personal), op it plattelân fan Ingelân (The Hard Way, Maybe They Have a Tradition), yn Parys (The Enemy en Personal) en op Okinawa (Second Son).
Perspektyf Guon boeken yn 'e Jack Reacher-searje binne skreaun yn it ik-perspektyf (bgl. it earste diel, Killing Floor), wylst foar oaren it personeel perspektyf (de trêde persoan) brûkt is.
Crossovers Op it mêd fan 'e koarte ferhalen út 'e romansearje hat Lee Child gearwurke mei ferskate oare fêstige misdie-auteurs om crossovers te meitsjen wêrby't it personaazje Jack Reacher oare fiktive misdiebestriders tsjinkomt. In foarbyld is it ferhaal Faking a Murderer, wêryn't Reacher patolooch-anatoom Temperance Brennan út it wurk fan Kathy Reichs moetet (bekend fan 'e tillefyzjesearje Bones). Yn in oar ferhaal, Cleaning the Gold, komt Reacher yn 'e kunde mei Will Trent út 'e boeken fan Karin Slaughter.
It personaazje Jack Reacher wurdt fierders ferskate kearen neamd (mar komt sels net foar) yn 'e roman Under the Dome fan Stephen King. Yn dat boek omskriuwt it personaazje kolonel Cox Reacher as "de taaiste ferdomde legersmearis dy't, nei myn nederige miening, ea [yn it Amerikaanske Leger] tsjinne hat." Op dy wize wreidet de kulturele ynfloed fan Jack Reacher him út bûten syn eigen searje. Op teminsten ien omslach fan Under the Dome stiet in oanpriizging fan Lee Child oan potinsjele lêzers om dat boek foaral te keapjen.
Boeken Romans *) skreaun yn it ik-perspektyf °) skreaun yn it personeel perspektyf
1997 – Killing Floor* (wûn de Anthony Award en in Barry Award) 1998 – Die Trying° 1999 – Tripwire° 2000 – Running Blind° (yn it Feriene Keninkryk útbrocht as The Visitor) 2001 – Echo Burning° 2002 – Without Fail° 2003 – Persuader* 2004 – The Enemy* (wûn in Barry Award) 2005 – One Shot° (ferfilme as Jack Reacher) 2006 – The Hard Way° 2007 – Bad Luck and Trouble° 2008 – Nothing to Lose° 2009 – Gone Tomorrow* 2010 – 61 Hours° (wûn de Theakston's Old Peculiar Crime Novel of the Year Award) 2010 – Worth Dying For° 2011 – The Affair* 2012 – A Wanted Man° (wûn in British Book Award) 2013 – Never Go Back° (ferfilme as Jack Reacher: Never Go Back) 2014 – Personal* (wûn de RBA Prize for Crime Writing) 2015 – Make Me° 2016 – Night School° 2017 – The Midnight Line° 2018 – Past Tense° 2019 – Blue Moon° 2020 – The Sentinel° (skreaun troch Lee en Andrew Child) 2021 – Better Off Dead* (skreaun troch Lee en mei Andrew Child) 2022 – No Plan B° (skreaun troch Lee en mei Andrew Child) 2023 – The Secret° (skreaun troch Lee en mei Andrew Child) 2024 – In Too Deep° (skreaun troch Lee en mei Andrew Child) 2025 – Exit Strategy° (skreaun troch Lee en mei Andrew Child) 2026 – Chain Reaction° (skreaun troch Lee en mei Andrew Child)
Koarte ferhalen en novelles 1999 – James Penney's New Identity (koart ferhaal; op 'e nij besjoen en ferkoarte yn 2006; publ. yn 'e blomlêzings Fresh Blood 3 en Thriller) 2009 – Guy Walks into a Bar… (koart ferhaal; prequel fan 'e roman Gone Tomorrow; publ. yn 'e krante The New York Times) 2011 – Second Son (koart ferhaal; publ. as e-boek) 2011 – Knowing You're Alive (koart ferhaal; mei M.J. Rose; in crossover mei de Butterfield Institute-searje; publ. yn 'e blomlêzing In Session) 2012 – Everyone Talks (koart ferhaal; publ. yn it tydskrift Esquire) 2012 – Deep Down (koart ferhaal; publ. as e-boek) 2013 – High Heat (novelle; publ. as e-boek) 2014 – Good and Valuable Consideration (koart ferhaal; mei Joseph Finder; crossover mei de Nick Heller-searje; publ. yn 'e blomlêzing Face Off) 2014 – Not a Drill (koart ferhaal; publ. as e-boek) 2014 – No Room at the Motel (koart ferhaal; publ. yn it tydskrift Stylist) 2015 – The Picture of the Lonely Diner (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing MWA Presents Manhattan Mayhem) 2015 – Small Wars (koart ferhaal; publ. as e-boek) 2016 – Maybe They Have a Tradition (koart ferhaal; publ. yn it tydskrift Country Life) 2017 – Too Much Time (novelle; publ. as e-boek) 2017 – Faking a Murderer (koart ferhaal; mei Kathy Reichs; crossover mei de Temperance Brennan-searje; publ yn 'e blomlêzing Matchup) 2017 – The Christmas Scorpion (koart ferhaal; publ. yn 'e krante The Mail on Sunday) 2018 – The Fourth Man (koart ferhaal; publ. as bonusferhaal yn 'e Australyske edysje fan 'e roman Past Tense) 2019 – Cleaning the Gold (koart ferhaal; mei Karin Slaughter; crossover mei de Will Trent-searje; publ. as e-boek) 2019 – Smile (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Invisible Blood) 2022 – New Kid in Town (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Hotel California) 2023 – Many Happy Returns (koart ferhaal; publ. yn it tydskrift The Spectator) 2024 – Over Easy (koart ferhaal; publ. as bonusferhaal yn 'e Australyske edysje fan 'e roman Safe Enough) 2024 – You Shook Me All Nigh Long (koart ferhaal) 2025 – Bat Out of Hell (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Bat Out of Hell) 2025 – A Better Place (koart ferhaal; publ. yn it companionboek Reacher: The Stories Behind the Stories)
Ferhalebondels 2017 – No Middle Name (hjiryn waard earder apart útbrochte koarte fiksje sammele) Too Much Time Deep Down Everyone Talks Guy Walks into a Bar… High Heat James Penney's New Identity (ferzje fan 1999) Maybe They Have a Tradition No Room at the Motel Not a Drill Second Son Small Wars The Picture of a Lonely Diner
Ynterne gronology fan 'e romansearje Hjirûnder nochris in opsomming fan 'e romans en koarte fiksje, mar no nei it jiertal wêryn't de roman of it ferhaal spilet, dus de ynterne gronology fan 'e romansearje. 1974 – koart ferhaal Second Son 1977 – novelle High Heat 1986 – koart ferhaal Deep Down 1989 – koart ferhaal Small Wars 1989/’90 – koart ferhaal You Shook Me All Nigh Long 1990 – roman The Enemy 1991 – koart ferhaal James Penney's New Identity 1992 – roman The Secret 1996 – roman Night School 1997 – roman The Affair 1997 – roman Killing Floor 1998 – roman Die Trying 1999 – roman Tripwire 2000 – roman Running Blind (ek bekend as The Visitor) 2001 – roman Echo Burning 2002 – roman Without Fail 2003 – roman Persuader 2005 – roman One Shot 2006 – roman The Hard Way 2007 – roman Bad Luck and Trouble 2008 – roman Nothing to Lose 2009 – koart ferhaal Guy Walks into a Bar… 2009 – roman Gone Tomorrow 2010 – roman 61 Hours 2010 – roman Worth Dying For 2011 – koart ferhaal Knowing You're Alive 2012 – roman A Wanted Man 2012 – koart ferhaal Everyone Talks 2013 – roman Never Go Back 2014 – koart ferhaal Not a Drill 2014 – roman Personal 2014 – koart ferhaal Good and Valuable Consideration 2014 – koart ferhaal No Room at the Motel 2015 – koart ferhaal The Picture of the Lonely Diner 2015 – roman Make Me 2016 – koart ferhaal Maybe They Have a Tradition 2017 – roman The Midnight Line 2017 – novelle Too Much Time 2017 – koart ferhaal The Christmas Scorpion 2017 – koart ferhaal Faking a Murderer 2018 – roman Past Tense 2018 – koart ferhaal The Fourth Man 2019 – koart ferhaal Cleaning the Gold 2019 – koart ferhaal Smile 2019 – roman Blue Moon 2020 – roman The Sentinel 2021 – roman Better Off Dead 2022 – koart ferhaal New Kid in Town 2022 – roman No Plan B 2023 – koart ferhaal Many Happy Returns 2024 – koart ferhaal Over Easy 2024 – roman In Too Deep 2025 – koart ferhaal Bat Out of Hell 2025 – koart ferhaal A Better Place 2025 – roman Exit Strategy 2026 – roman Chain Reaction
Ferfilmings Twa boeken út 'e Jack Reacher-searje binne adaptearre ta Hollywood-films. One Shot waard yn 2012 ferfilme ûnder de titel Jack Reacher. De film waard regissearre troch Christopher McQuarrie foar filmstudio Paramount Pictures. De titelrol waard spile troch akteur Tom Cruise, mei aktrise Rosamund Pike as syn tsjinspylster. In ferfolchfilm waard yn 2016 makke. Dat wie Jack Reacher: Never Go Back, basearre op 'e roman Never Go Back. Edward Zwick wie de regisseur en Tom Cruise spile op 'e nij de haadrol, diskear mei Cobie Smulders as tsjinspylster. Fan 2022 ôf waard fierders in tillefyzjesearje makke op basis fan 'e Jack Reacher-romansearje, dy't de namme Reacher hie. De searje wie te sjen fia de streamingtsjinst Amazon Prime en rûn (anno 2026) fjouwer seizoenen. De titelrol waard fertolke troch Alan Ritchson.
Kategory:Literêr wurk fan Lee Child Kategory:Misdieromansearje Kategory:Ingelsktalige romansearje Kategory:Literatuer oer in feteraan Kategory:Literatuer oer in plysjeman Kategory:Literatuer oer it Amerikaanske Leger Kategory:Literatuer oer in omrinner