In treatment (Ingelsk foar "behanneling") of filmtreatment is in stik proaza dat skreaun wurdt yn tarieding op it meitsjen fan in film, tillefyzjeprogramma of harkspul op 'e radio. Ornaris is it de stap tusken in step outline, wêryn't eltse sêne koart beskreaun wurdt, en de earste ferzje fan in senario. In treatment is oer it algemien langer en mear detaillearre as in step outline (dy't sels al in útwurke foarm is fan in synopsis fan ien bledside). Faak steane der yn 'e treatment details oangeande de plot fan 'e film of it tillefyzjeprogramma of harkspul yn dy't yn 'e step outline weilitten binne. It kin ek wêze dat yn in treatment oanwizings foar de rezjy of de kamerarezjy opnommen binne. Yn 'e hjoeddeistige filmyndustry wurde treatments rûnom brûkt en binne se benammen bedoeld as dokumint dat it ferkeapjen fan ideeën foar films oan filmstudio's mooglik makket.
Kategory:Filmterm Kategory:Telefyzjeterm Kategory:Lienwurd út it Ingelsk