Marie Hamel (Amsterdam, 4 desimber 1896 – Laren, 23 juny 1964) wie in Nederlânske aktrise. Sy wie in suster fan de teäterympresario Meyer Hamel. thumb|left|180px|Marie Hamel (l.) en Bep Dekker as de mem en de frou fan Judas Iskariot (1961) De Joadske aktrise Marie Hamel waard berne yn 1896. Mooglik ek yn 1897 berne (Joods Biografisch Woordenboek) Se studearre yn 1920 ôf oan de Amsterdamske Toanielskoalle. Se wie ferbûn oan ferskate toanielselskippen lykas de Nederlandse Comedie en Toneelgroep Theater. Hamel wie ek tige sosjaal begien en hie ferskate posten yn it organisaasjewêzen. Sa wie se lid fan it bestjoer fan de Nederlandse Federatie van Beroepsverenigingen fan Keunstners en lid fan de Raad voor de Kunst.
Yn 1962 waard se beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Hamel stoar yn Laren yn 1964 yn de âldens fan 67 jier.Aktrice Marie Hamel overleden, Leeuwarder courant, 23 juny 1964, s. 3.Deaberjocht yn De Telegraaf, 24 juny 1964.
Filmografy 1951: Alice in Wonderland (Nederlânske stim fan de Hertefrou) 1961: Dienst op Golgotha 1961: De harp 1961: De rinoceros
Keppelingen om utens Marie Hamel by joodsamsterdam.nl Profyl theaterencyclopedie.nl Marie Hamel by hoorspelen.eu (mei lûdsfragmint út Exodus. "Het joodse lijden en bouwen".) Marie Kemper-Hammel by joodsmonument.nl
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1964