Jack Reacher is in Amerikaanske aksjeskrillerfilm út 2012 ûnder rezjy fan Christopher McQuarrie, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Rosamund Pike. De titel ferwiist nei de haadpersoan. De film waard basearre op 'e roman One Shot, in diel út 'e Jack Reacher-romansearje fan auteur Lee Child. It ferhaal giet oer in sjitpartij, wêrby't troch in slûpskutter fiif willekeurige persoanen deamakke wurde. James Barr, in eardere skerpskutter fan it Amerikaanske Leger, wurdt foar de skanddie oppakt om't alle bewiismateriaal yn syn rjochting wiist. It liket in ynkopperke foar de plysje en de ofsier fan justysje. Barr syn abbekate freget lykwols Jack Reacher, in eardere majoar by de Amerikaanske Militêre Plysje, om 'e boel foar har nei te rinnen. Reacher fielt dêr net folle foar, mei't de saak foar him ek dúdlik liket, en om't er boppedat wit dat Barr soks alris earder útheefd hat. Mar as immen besiket Reacher út te skeakeljen, komt er ta de konklúzje dat der mear oan 'e hân wêze moat as dat er tocht hie. Fan 'e filmkritisy krige Jack Reacher oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie de film ek kommersjeel súksesfol. Dêrom waard der in ferfolch makke, dat yn 2016 útbrocht waard ûnder de titel Jack Reacher: Never Go Back.

Plot Op in sinneskyndei yn Pittsburgh, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, riidt in man in ûnopfallend wyt bestelbuske yn in parkeargaraazje oan 'e rivier de Allegheny. Hy docht in kwartsje yn 'e parkearmeter, hellet in gewear mei in fizier foar 't ljocht en sjit yn it North Shore Riverfront Park, oare kant de rivier, fiif skynber willekeurige minsken dea. Dêrnei makket er him yn it buske út 'e fuotten foar't de plysje de omkriten fan 'e sjitpartij ôfslute kin.

Resjersjeur Calvin Emerson fan it Pittsburgh Police Department kriget de lieding oer it ûndersyk nei de skanddie. Hy fynt yn 'e parkeargaraazje in patroanhúl werom dy't yn in ôffierputsje rôle is, en hellet it kwartsje út 'e parkearmeter, dêr't in kreaze fingerôfdruk op stiet. Oan 'e hân fan dy fingerôfdruk wurdt de dieder yn rekôrtiid identifisearre: it giet om James Barr, in feteraan út 'e Irakoarloch dy't as skerpskutter yn it Amerikaanske Leger tsjinne hat. Wannear't de plysje hûssiking by him docht, treffe se dêr it wite bestelbuske yn 'e garaazje oan en it moardwapen yn 'e hûs. Barr sels leit ûnder ynfloed fan slieppillen bewusteleas op bêd en kin sûnder lykfol hokker swierrichheden yn 'e boeiens slein wurde.

Letter, as er wer by sûpe en stút is, wurdt Barr yngeand ûnderfrege troch Emerson en ofsier fan justysje Alex Rodin. Dy beiden lizze him de kar foar tusken in libbenslange finzenisstraf as er bekent, of de deastraf as er in bekentenis wegeret. Want Rodin hat noch nea in rjochtsaak ferlern (in prestaasje dy't er tanket oan it feit dat er inkeld maklike saken foar de rjochter bringt), en sûnder bekentenis sil er perfoarst de deastraf easkje. Barr wegeret de mûle iepen te dwaan, en as er in skriuwblok en in pin yn 'e hannen drukt kriget om syn bekentenis op papier te setten, skriuwt er inkeld op: "Helje Jack Reacher derby".

Yn 'e waan dat it om in tsjûge giet dy't Barr frijpleitsje kin, docht Emerson ûndersyk nei lju mei dy namme. Hy rapportearret letter oan Rodin dat Jack Reacher in majoar b.tsj. fan it Militêr Plysjekorps fan it Amerikaanske Leger is, dy't sûnt syn earfol ûntslach út 'e lânmacht as omrinner sûnder fêst wen- of ferbliuwplak troch de Feriene Steaten doarmet. Emerson hat noch net it begjin fan in idee hoe't er de man opspoare moat. Mar dat probleem lost himsels op as Reacher suver op datseldichste stuit by harren foar de doar stiet. Hy hat yn in bar op 'e tillefyzje op it nijs sjoen dat Barr oppakt is foar de moard op fiif minsken yn Pittsburgh, en is sadwaande út eigen beweging dy kant út kommen.

Reacher makket koarte metten mei de yllúzje dat er in tsjûge is dy't Barr frijpleitsje kin, en hy is ek beslist gjin freon fan Barr. It bliuwt foar Emerson en Rodin dizenich wat hy dan wól mei de saak te krijen hat en wêrom't Barr om him frege hat. Reacher wol graach it bewiismateriaal tsjin Barr ynsjen, mar dat fersyk wurdt ôfwiisd. Dan freget er om Barr sels sjen te meien, en dêrop nimme Emerson en Rodin him mei nei it sikehûs, dêr't Barr ûnderwilens yn koma leit nei't er troch in groepke mei-finzenen swier mishannele is wylst de sipiers goedkarrend taseagen. Reacher komt mei syn besyk oan it sikehûs sadwaande neat fierder. Ear't Emerson en Rodin him oer syn rol yn 'e saak ûnderstean kinne, komt der hommels in ein oan harren moeting wannear't de abbekate fan Barr arrivearret, dy't der lucht fan krigen hat dat de ofsier fan justysje immen by har kliïnt brocht hat, wat er hielendal net dwaan mei sûnder dat sy derby is. In bykommende, persoanlike faktor yn it konflikt is dat de abbekate Helen Rodin is, de dochter fan 'e ofsier fan justysje.

It is Helen ek net dúdlik wat Reacher by de saak út te stean hat. Mar syn steat fan tsjinst as resjersjeur by de militêre plysje is sûnder lek of brek, dat se besiket him foar har karke te spannen, dat er har helpt om Barr út 'e deadesel te hâlden. Reacher fertelt har lykwols dat hy gjin freon fan Barr is en dat er der alhiel gjin belang by hat om Barr frij te pleitsjen of him sels mar te rêden fan 'e deastraf. Helen wiist der lykwols op dat Reacher, as er foar har as offisjeel ûndersiker wurkje soe, alle bewiismateriaal yn 'e saak ynsjen kinne soe. Reacher beart dat it him safolle net skele kin, mar syn nijsgjirrigens wurdt him oermânsk en úteinlik stimt er mei har foarstel yn. Syn betingst is dat Helen mei de djipdrôven fan 'e fiif slachtoffers prate moat om ta har trochkringe te litten wat har kliïnt oanrjochte hat. Sy docht dat mei tsjinnichheid.

Neitiid fertelt Reacher oan Helen hoe't hy en Barr inoar kenne. Neffens him binne der fjouwer soarten lju dy't frijwillich tsjinst nimme yn it leger: guon dogge it om't it in famyljetradysje is, guon dogge it út heitelânsleafde, guon sykje gewoan betelle wurk, en inkelen sykje in legale manear om oare minsken te fermoardzjen. Barr hearde ta dy lêste kategory. Hy koe al goed sjitte foar't er yn tsjinst gie en learde dêr yn training noch gâns by. As skerpskutter longere er derop om minsken om te bringen, mar doe't er útstjoerd waard nei Irak, waard er dêr ynset as wachtpost fan in legerbasis, en nea ek mar ien kear die him in kâns foar om ien dea sjitten. Doe't syn tsjinst der sawat op siet, teach er der dêrom sels op út om willekeurige lju dea te sjitten. Dat dat fjouwer Amerikaanske hierlingen wiene, yn 'e tsjinst by in bedriuw dat befeiligingstaken foar it Amerikaanske Leger útfierde, wie folslein tafal.

De militêre plysje die ûndersyk nei de sjitpartij en Reacher krige de lieding. Barr hie syn eigen spoaren goed útwiske, mar Reacher wist him dochs te finen. De hierlingen blieken lykwols krekt in wykein frij hân te hawwen, dat se trochbrocht hiene mei harren dierberste leafhawwerij: it ferkrêftsjen fan Iraakske froulju, oant in famke fan alve jier ta. Wat djipper Reacher groef, wat mear de saak begûn te stjonken. It wiene de neidagen fan 'e Amerikaanske ferovering fan Irak; eltsenien woe nei hûs en net ien dy't op sa'n skandaal siet te wachtsjen. Dêrom waard fan hegerhân besletten dat Reacher wol hohâlde koe. De moard op 'e hierlingen waard offisjeel ôfdien as in fersetsdie fan Iraakske opstannelingen en Barr waard net ferfolge. Mar Reacher naam him apart en fertelde him dat as er ea nochris soks útheefde, hy him wer opspoare soe en dat er him dan kroandea meitsje soe. Helen freget wêrom't Barr dan no om Reacher frege hat, en it antwurd op dy fraach moat Reacher har skuldich bliuwe.

Wannear't Reacher it bewiismateriaal yn 'e saak tsjin Barr neirint, kin er der mar net oer út dat immen dy't fan doel is en mean samar in kloft minsken del, de muoite nimt om in kwartsje yn syn parkearmeter te dwaan. Hy fernimt dêrnei by Emerson, dy't it hâldt op 'e macht der gewoante. Reacher tinkt der sines fan en ûntdekt boppedat noch ferskate oare dingen dy't net doge. Sa skeat Barr út 'e parkeargaraazje wei yn 'e sinne op, wylst er itselde sjitfjild bestrike kinnen hie fan 'e flechstripe op 'e Fort Duquesne-brêge ôf, dêr't er de sinne yn 'e rêch hân hawwe soe en dêr't er boppedat syn buske net iens út hoegd hie te kommen. Dat betsjut: gjin efterlitten patroanhulen, gjin kâns dat immen him werkenne kinne soe en gjin kwartsjes yn parkearmeters. Reacher begrypt net wêrom't Barr it himsels sa dreech makke hat.

Dy jûns giet Reacher nei in pleatslike bar, dêr't er yt. Hy wurdt oansprutsen troch Sandy, in kreas jong frommeske dat mei him besiket oan te papkjen, mar hy hat dêr gjin belangstelling foar. As in opmerking fan him troch har moedwillich ferkeard útlein wurdt, as soed er har foar "hoer" útmakke hawwe, ferskine ynienen fiif gewante keardels dy't har "bruorren" sizze te wêzen en Reacher útdaagje ta in gejocht. Wannear't delbêdzjende wurden net helpe, giet er mei harren nei bûten ta, dêr't er handich mei de skynbere oermacht ôfweeft. De slaanderij is alsa suver foarby ear't er begûn is, mar dochs arrivearret de plysje noch op 'e tiid om Reacher te arrestearjen.

Wannear't in yrritearre Helen him letter op it plysjeburo op boarchtocht frijkriget, skokt Reacher har troch ynienen te ferklearjen dat Barr ûnskuldich is. Hy makket har dielgenoat fan al syn eardere twifels, mar wat foar him de trochslach jout, is de fjochtpartij by de bar. Dy wie dúdlik ôfpraat wurk. It fanke wist al wa't er wie doe't se him foar it earst oanspriek, en doe't er himsels foarstelde ûnder in oare namme as Jack Reacher, wie se der dúdlik eefkes ôf. De oanlieding foar de slaanderij wie healwiis en dat dy yn uterlik tige ferskillende keardels har bruorren wêze soene, is te bespotlik om wurden oan smoarch te meitsjen. En de plysje wie al rom yn 't foar ynseind, oars hie dy nea sa gau arrivearje kinnen. Reacher syn konklúzje is dat syn belangstelling foar de saak guon lju blykber tige senuweftich makket. En dat betsjut dat Barr in sûndebok is, wylst de wiere dieder noch op frije fuotten is.

De fraach is dan fansels wêrom't der ferlet wie fan in sûndebok. Reacher freget Helen om him mear oer de slachtoffers te fertellen. Dat binne in sakeman yn syn middeljierren, in húsfrou yn har middeljierren, in allinnichsteande mem fan Latino-komôf, in bernefamke fan yn 'e tweintich mei in lytse famke op 'e earm en in widdo dy't koartby troch it ferstjerren fan har man de eigneresse fan in boubedriuw wurden is. Reacher syn teory is dat der by dizze moard eins mar ien doelwyt wie, en dat de oare fjouwer slachtoffers poer en allinne fermoarde binne by wize fan kamûflaazje fan it wiere doelwyt. Want by in sinleaze massamoard docht nimmen mear ûndersyk nei it motyf. Neffens Reacher wie it wiere doelwyt Oline Archer, de eigneresse fan it boubedriuw. Hy drukt Helen op it hert om foarsichtich te wêzen, mei't de wiere dieder of dieders blykber oer liken geane. As sy der blyk fan jaan soe dat se harren op it spoar is, soe sysels ek kandidaat wurde om fermoarde te wurden. Helen hat muoite om dat te leauwen en giet nei it stedhûs ta om dêr yn 'e argiven neifraach nei it boubedriuw fan Oline Archer te dwaan.