Goä is in dielsteat fan Yndia oan 'e Arabyske See. It makket diel út fan de kustregio dy't bekend stiet as de Konkan. Goä wurdt omsletten troch de steaten Maharashtra yn it noarden en Karnataka yn it easten en suden. Hoewol't it de lytste steat fan Yndia is, lûkt de steat alle jierren miljoenen toeristen troch syn strannen en arsjitektuer.

Geografy thumb|left|Strân yn Súd-Goä. Goä hat in kustline fan 101 kilometer. It lânskip fariëarret fan 'e sânstrannen oan 'e kust oant de griene heuvels fan 'e West-Ghats yn it binnenlân. De wichtichste rivieren binne de Mandovi en de Zuari, dy't beide yn 'e Arabyske See útmûnje en wichtich binne foar de ekonomy en it ferfier.

It klimaat is tropysk; it is it hiele jier troch waarm en fochtich, mei de moessonperioade tusken juny en septimber.

Skiednis De earste spoaren fan minsklike bewenning yn Goä stamme nei alle gedachten al fan om-ende-by 2200 f.Kr. Goä wie al yn 'e âldheid in ynternasjonaal hannelssintrum en ûnderhâlde nauwe bannen mei it Midden-Easten, Noard-Afrika en sels it Romeinske Ryk. Oant de komst fan 'e Portegezen ferskilde Goä net in soad fan 'e rest fan it gebiet, dat diel útmakke fan ferskate grutte Yndiaaske riken. Nei it útinoar fallen fan it Bahmanidenryk yn 1490 kaam it ûnder it bewâld fan 'e sultan fan Bijapur.

Oan it begjin fan 'e 16e iuw kamen de Portegezen, dy't foaral lokke waarden troch de hannel yn speserijen. Under lieding fan Afonso de Albuquerque feroveren hja yn 1510 Goa Velha (Ald-Goä). Se makken de stêd ta de haadstêd fan Portugeesk-Ynje en it sintrum fan it Portegeesk besit yn Aazje. Yn it spoar fan 'e militêren en keaplju begûnen katolike missionarissen it evangeelje te ferkundigjen. Yn 1533 waard der in bisdom stifte, dat yn 1558 ferheven waard ta it aartsbisdom Goä en Daman. Stadichoan wreiden de Portugezen harren gebiet út oant in kolony fan in pear tûzen fjouwerkante kilometer. In besykjen fan de sultan fan Bijapur om it gebiet yn 1570 werom te winnen mislearre.

thumb|left|Gravuere fan in fusta (in Portegeeske galei) út Itinerario (Jan Huygen van Linschoten). Yn 1583 sylde de Nederlânske kartograaf Jan Huygen van Linschoten mei in nije aartsbiskop nei Portegeesk-Ynje. Hy publisearre syn waarnimmings yn it boek Itinerario. Dat wurk foarme de basis foar de ekspânsje fan 'e Nederlanners yn Aazje, dy't de Portegezen letter út grutte dielen fan it wrâlddiel ferdreaune. Sûnt 1636 waard de haven fan Goä acht jier lang troch Nederlânske skippen blokkearre om 'e útfier fan piper nei Lissabon te behinderjen, mar it gebiet sels waard nea troch de Nederlanners ferovere. Goä bleau mear as 450 jier in Portegeeske koloanje, ek doe't de rest fan Yndia ûnder Britsk bestjoer kaam.

It Portegeesk bestjoer duorre lang om let mear as fjouwer iuwen. Op 18 en 19 desimber 1961 foel it Yndiaaske leger Goä binnen om de Portegezen yn twa dagen tiid te ferjeien (Operaasje Vijay). thumb|left|Yndiaaske soldaten yn 'e striid om Goä. De oermacht fan Yndia wie grut en it Yndiaaske leger sette sa'n 30.000 oant 45.000 soldaten yn, stipe troch de loftmacht en de marine. De Portegezen dêrfoaroer hiene mar sa'n 3.300 oant 3.500 soldaten, dy't boppedat min útrist wienen en gjin stipe út de loft hienen. Gûverneur-generaal Manuel António Vassalo e Silva tekene op 'e jûn fan 19 desimber de kapitulaasje om 't er net woe dat der ûnnedich bloed fergetten wurde soe en dat de histoaryske stêden fan Goä ferneatige wurde soene. By de koarte striid foelen oan beide kanten in pear tsientallen deaden. Tegearre mei de ek ferovere gebieten Daman en Diu waard it unyterritoarium Goä, Daman en Diu foarme.

Hoewol't der ûnder de katolike elite twivels wiene, wie in grut part fan 'e befolking optein oer de Yndiaaske aksje. Oer de plannen om Goä by de steat Maharashtra te foegjen wie de befolking minder te sprekken. Yn 1967 waard de Goa Opinion Poll fan 1967 organisearre, in referindum oer de takomst fan Goä. In mearderheid fan 54% stimde doe tsjin it opgean yn 'e buorsteat Maharashtra. Dat makke it paad frij foar de erkenning fan it Konkany en de status fan Goä as selsstannige dielsteat op 30 maaie 1987.

Yn desimber 1986 briek der opskuor út yn Goä; de befolking easke mear rjochten en erkenning. Op 30 maaie 1987 krige Goä lang om let de status fan in folweardige dielsteat, wylst Daman en Diu as ien unyterritoarium fierder gyngen. Sûnt de fertrekken fan 'e Portegezen is harren taal as ûnderwiistaal ferfongen troch it Konkany, Maraty en Ingelsk.

Befolking en Kultuer De offisjele taal yn Goä is it Konkany, mar troch de skiednis hinne wurdt der ek in protte Maraty, Hindy en Ingelsk praat. In lytse, âldere groep sprekt noch altiten Portegeesk. thumb|250px|Man mei in ghumat. Kultureel is Goä in fúzje fan East en West. Dit is werom te sjen yn 'e muzyk (mei Fado-ynfloeden), de dûns en de pleatslike keuken, dêr't kokosnoot en fisk kombinearre wurde mei Portugeeske yngrediïnten lykas jittik en in breed ferskaat oan hjitte krûde. In unyk ûnderdiel fan 'e Goäanske muzykkultuer is de Ghumat, in tradisjonele trommel dy't makke wurdt fan in ierdewurk pot.

thumb|250px|Mangueshi-timpel. + Religy yn Goä Religy % (2001) % (2011) Ferskil (%) Hindoeïsme 65,8% 66,1% +0,3% Kristendom 26,7% 25,1% -1,6% Islam 6,8% 8,3% +1,5% Oars (Sikhisme, Boedisme, Jainisme) 0,7% 0,5% -0,2%

De measte kristenen wenje yn it suden fan 'e steat, dêr't se yn in oantal gemeenten de mearderheid foarmje. Troch migraasje út oanswettende steaten groeit it oantal moslims yn 'e dielsteat. Stêden De ynwennertallen fan 'e stêden binne foar Yndiaaske begripen relatyf leech, wat it griene karakter fan 'e steat ûnderstreket. It grutste part fan 'e befolking wennet yn in stêd.

Rang Stêd Distrikt Ynwennertal (2011) 1 Vasco da Gama Súd-Goä 104.444 2 Margao Súd-Goä 100.177 3 Mormugao Súd-Goä 94.393 4 Panaji (Haadstêd) Noard-Goä 70.991 5 Mapusa Noard-Goä 40.487

Toerisme thumb|left|Rêstplak fan Fransiskus Ksavearius. It toerisme is de wichtichste ynkomsteboarne fan 'e steat. Goä stiet oer de wrâld bekend om syn strannen, lykas Calangute en Baga yn it noarden, en de rêstiger strannen lykas Palolem yn it suden.

Njonken de strannen is Ald Goä (Velha Goa) in grutte trekpleister. Hjir steane grutte tsjerken en kleasters út de koloniale tiid, wêrûnder de Basilika fan Bom Jesus, dêr't de reliken fan 'e hillige Fransiskus Ksavearius bewarre wurde. De tsjerke stiet ûnder Tsjerken en Kleasters fan Goä registrearre as wrâlderfgoed fan UNESCO.

Bestjoer De haadstêd Panaji leit yn it noarden, wylst de grutste stêd, Vasco da Gama, yn it suden leit.

Hoewol't Goä histoarysk altyd út twa distrikten bestie (Noard en Súd), hat it regear fan Goä koartlyn in tredde distrikt oankundige: Ponda.

thumb|Yndieling fan Goä. Distrikt Haadplak Inw. (2011*) Oerflak (km²) Noard-Goä Panaji ~550.000 1.192 Súd-Goä Margao ~640.000 1.966 Ponda Ponda ~165.000 544 *De neamde ynwennertallen foar de nije yndieling binne rûge rûzings, basearre op 'e âlde gemeentegegevens fan 2011.

Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1987