Karnataka is in dielsteat yn it súdwesten fan Yndia. De steat waard op 1 novimber 1956 oprjochte as de Steat Mysore en yn 1973 omdoopt ta Karnataka. De steat leit oan 'e kust fan 'e Arabyske See en de Lakkadivensee en grinzget oan Goä yn it noardwesten, Maharashtra yn it noarden, Telangana yn it noardeasten, Andhra Pradesh yn it easten, Tamil Nadu yn it súdeasten en Kerala yn it suden.

Geografy thumb|left|Jog-wetterfal. Karnataka kin rûchwei ferdield wurde yn trije regio's:

De smelle kuststripe oan 'e Arabyske See. It heuvellân fan 'e West-Ghats, bekend om syn reinwâlden en kofjeplantaazjes. De iepen flakte fan it Dekkan-plato dy't it grutste part fan it binnenlân beslacht.

De wichtichste rivieren binne de Kaveri en de Krishna, dy't beide nei it easten streame en yn 'e Golf fan Bingalen útmûnje. De Jog-wetterfal is ien fan 'e heechste wetterfallen fan Yndia.

Skiednis Karnataka hat in rike skiednis dy't tûzenen jierren tebek giet. Grutte riken hawwe hjir harren oarsprong fûn, lykas it Badami Chalukya-ryk, de Rashtrakuta's en it machtige Vijayanagararyk.

Vijayanagara thumb|left|Hampi. Yn 'e 14e iuw waard it Vijayanagararyk stifte mei as haadstêd Hampi. Dit wie yn dy tiid ien fan 'e grutste en rykste hannelsstêden fan 'e wrâld. De ruïnes fan Hampi binne hjoed-de-dei UNESCO-wrâlderfgoed en wurde toeristen út de hiele wrâld besocht.

Britske tiid en Modern Karnataka Letter kaam it gebiet foar in grut part ûnder it bestjoer fan it Keninkryk Mysore, dat ûnder lieding fan Hyder Ali en Tipu Sultan fûleindich focht tsjin de Britten. Nei de Yndiaaske ûnôfhinkens waarden de ferskate Kannada-sprekkende gebieten gearfoege ta de hjoeddeistige dielsteat.

Befolking De mearderheid fan de befolking praat it Kannada, in Dravidyske taal mei in eigen skrift. Karnataka is in kultureel krúspunt; yn it noarden is de ynfloed fan de Hindûstaanske muzyk grut, wylst it suden de basis is fan 'e Karnatyske muzyk.

Religy It hindoeïsme is de dominante religy, mar Karnataka hat ek in lange tradysje fan it Jaïnisme. In soad fan 'e âldste monuminten yn 'e steat binne Jaïnistyske timpels (basadi's), lykas it ûnbidich monolityske byld fan Bahubali yn Shravanabelagola.

Bestjoerlike yndieling De bestjoerlike struktuer fan Karnataka is ferdield yn fjouwer divyzjes (regio's): Belagavi, Kalaburagi, Bengaluru en Mysuru. Dizze divyzjes binne fierder ûnderferdield yn 31 distrikten. Op lokaal nivo wurdt de steat bestjoerd troch sub-divyzjes en taluka's (gemeenten). It plattelân is organisearre yn Gram Panchayats, wat doarpsbestjoeren binne dy't ferantwurdlik binne foar de lokale foarsjennings.

thumb|250px|Kaart fan Karnataka. Distrikt Haadplak Oerflak (km²) Inwennertal (2011) Belagavi Divyzje (Totaal ynwenners: 14.803.951) Bagalkot Bagalkot 6.578 1.889.752 Belagavi Belagavi 13.415 4.779.661 Dharwad Dharwad 4.260 1.847.023 Gadag Gadag 4.656 1.064.570 Haveri Haveri 4.823 1.597.668 Uttara Kannada Karwar 10.291 1.437.169 Vijayapura Vijayapura 10.494 2.188.108 Kalaburagi Divyzje (Totaal ynwenners: 11.516.761) Ballari Ballari 4.252 1.400.970 Bidar Bidar 5.448 1.703.300 Kalaburagi Kalaburagi 10.951 2.566.326 Koppal Koppal 7.189 1.389.920 Raichur Raichur 6.829 1.928.812 Yadgir Yadgir 5.234 1.174.271 Vijayanagara Hosapete 5.644 1.353.162 Bengaluru Divyzje (Totaal ynwenners: 22.544.225) Bangalore Urban Bangalore 2.190 9.621.551 Bangalore Rural Bangalore 2.259 990.923 Chikkaballapur Chikkaballapur 4.524 1.255.104 Chitradurga Chitradurga 8.440 1.659.456 Davanagere Davanagere 5.924 1.945.497 Kolar Kolar 3.969 1.536.401 Ramanagara Ramanagara 3.556 1.082.636 Shivamogga Shivamogga 8.477 1.752.753 Tumakuru Tumakuru 10.597 2.699.904 Mysuru Divyzje (Totaal ynwenners: 12.665.767) Chamarajanagar Chamarajanagar 5.101 1.020.791 Chikkamagaluru Chikkamagaluru 7.201 1.137.961 Dakshina Kannada Mangaluru 4.558 2.089.649 Hassan Hassan 6.814 1.776.426 Kodagu Madikeri 4.102 554.519 Mandya Mandya 4.961 1.805.769 Mysuru Mysuru 6.854 3.001.127 Udupi Udupi 3.880 1.279.525 Totaal Karnataka 191.791 61.130.704

Toerisme en Erfgoed Yn Hampi steane de oerbliuwsels fan 'e haadstêd fan it Vijayanagararyk, mei stiennen timpels en hannelsstrjitten. Mysore is bekend om it Mysore Palace, in gebou yn 'e Yndo-Saraseenske styl dat de sit wie fan 'e Wodeyar-dynasty. thumb|Gommateshwara. Timpelarsjitektuer is te finen yn Badami, Aihole en Pattadakal mei hûnderten timpels út de 5e oant de 8e iuw, wêrûnder yn 'e rotsen úthoude grottimpels. Yn Shravanabelagola stiet it 17 meter hege monolityske byld fan Gommateshwara, in wichtich beafeartsoard foar it jaïnisme.

Belur en Halebidu hawwe timpels fan it Hoysala-ryk dy't opfalle troch it detaillearre byldhouwurk yn sêfte stien. De kuststêd Gokarna is in lokaasje mei timpels dy't wijd binne oan Shiva.

Natoer It lânskip fan Karnataka wurdt bepaald troch de kustline, it Dekkan-plato en de berchketen fan 'e West-Ghats.

De Jog-wetterfal is in wetterfal yn it distrikt Shimoga dêr't de rivier de Sharavathi oer in hichte fan 253 meter nei ûnderen falt. De regio's Kodagu en Chikkamagaluru lizze yn it heuvellân en wurde karakterisearre troch kofjeplantaazjes en reinwâlden.

De kustregio oan 'e Arabyske See bestiet út sânstrannen en estuaria fan rivieren dy't út de West-Ghats wei komme.

Nasjonale parken thumb|250px|Oaljefanten yn Bandipur. Nasjonaal Park Bandipur: it park leit yn it distrikt Chamarajanagar en makket diel út fan it gruttere Nilgiri-biosfearreservaat. It gebiet bestiet foaral út drûge leafwâlden en stiet bekend om de populaasjes fan de Bingaalske tiger en de Aziatyske oaljefant.

Nasjonale Park Nagarhole (Nasjonaal Park Rajiv Gandhi): leit yn 'e distrikten Kodagu en Mysuru. It wurdt fan Bandipur skieden troch de rivier de Kabini. It lânskip omfettet tichte bosken, streamkes en dellingen. Njonken tigers en oaljefanten komme hjir ek de panter en de gaur (Yndyske bison) foar. thumb|250px|Reinwâlden fan Anshi. Nasjonale Park Anshi (Tigerreservaat Kalie): dit park leit yn it distrikt Uttara Kannada, tichtby de grins mei Goä. It is in gebiet mei fochtige tropyske reinwâlden. It is ien fan 'e pear plakken dêr't de swarte panter yn it wyld sjoen wurde kin.

Nasjonale Park Kudremukh: leit yn 'e West-Ghats, ferspraat oer de distrikten Chikkamagaluru en Dakshina Kannada. It park is neamd nei de karakteristike berchtop dy't de foarm fan in hynder (kudre) hat. It gebiet bestiet út berchgreiden en "shola"-bosken en is in wichtich leefgebiet foar de liuwesturtmakaak, in bedrige apesoarte.

Nasjonaal Park Bannerghatta: dit park leit oan 'e súdkant fan 'e stêd Bangalore. In diel fan it park is ynrjochte as biologyske tún mei in safarypark en in flintertún, wylst it oare diel út wyldernis bestiet dêr't oaljefanten frij omrinne yn 'e korridor tusken ferskate boskgebieten.

Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1956