Gerharda Henriëtte Matthijssen (19 oktober 1830 - 23 desimber 1907) wie in Nederlânske keunstskilder, fotograaf, galeryhâlder en inisjatyfnimster fan de Tentoonstelling van Voorwerpen van Nijverheid en Kunst door Vrouwen Vervaardigd (1878), de earste nasjonale tentoanstelling oer dat ûnderwerp.

Biografy Komôf Matthijssen wie in dochter fan skilder, tekener en litograaf Jan Hendrik Matthijssen (1777-1855). Se hie sân bruorren en susters.Karstkarel, Peter. "Gerharda Henriëtte Matthijssen en de eerste tentoonstelling van kunst en nijverheid door vrouwen (1878)". De Vrije Fries, 1988, jrg. 68, s. 85-92. Fia Koninklijk Fries Genootschap (pdf). Argivearre op 17 novimber 2017.

Wurkpaad Fan har sechtjinde jier ôf begûn Matthijssen har skilderwurken te eksposearjen op ferskate tentoanstellingen yn Ljouwert. Ek joech se fan likernôch 1860 ôf, mooglik al earder, ûnderwiis yn tekenjen. Oan de ein fan de jierren 60 fan de 19e iuw wie se wurksum as fotograaf. Neffens histoarikus Peter Karstkarel makket dat har faaks ta de earste profesjonele froulike fotograaf yn Nederlân. Op de Histoaryske Utstalling yn Ljouwert yn 1877 mocht se in foto-album oanbiede oan kening Willem III. Fan 1878 ôf hie se in Fine Art Gallery yn Ljouwert. Dizze galery, dêr't se ûnder oaren wurken fan de bruorren Theo en Anton Molkenboer sjen liet, hold se oant it begjin fan de 20e iuw yn it wurk.

Utstalling fan 1878 Matthijssen sette yn 1877 útein mei de organisaasje fan in útstalling dy't de wurken fan froulju yn de niverheidssektor foar it fuotljocht bringe soe. Hoewol't sa'n útstalling op stedsk nivo al earder organisearre wie, yn 1871 te Delft, wie dit de earste lanlike tentoanstelling oer it wurk fan froulju. De tentoanstelling wie yn juny en july 1878 yn in maneezje yn Ljouwert. Der waarden trijetûzen bydragen, wêrûnder wurken fan Anna Maria van Schurman, sjen litten. Ek waard it resintlik behelle dokterdiploma fan Aletta Jacobs útstald. Groot, Marjan. Vrouwen in de vormgeving in Nederland 1880-1940, Rotterdam, Uitgeverij 010, 2007.

Lettere libben en neilittenskip Yn 1904 ferhuze Gerharda Matthijssen nei Amsterdam, dêr't hja op 23 desimber 1907 yn de âldens fan 77 jier ferstoar. De troch Matthijssen organisearre útstalling waard yn 1908 troch Johanna Naber neamd as in foarrinner fan de bekendere Nationale Tentoonstelling van Vrouwenarbeid yn 1898.

Galery

Keppelings om utens Peter Karstkarel syn skets fan it libben en wurk fan Gerharda Matthijssen is te finen fia it online argyf fan De Vrije Fries 'Juffrouw Matthijssen', de eerste vrouwelijke fotograaf van Leeuwarden, was haar tijd ver vooruit. Omrop Fryslân, 28 juny 2025

Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk fotograaf Kategory:Nederlânsk feminist Kategory:Earste feministyske weach Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1830 Kategory:Persoan stoarn yn 1907