Bihar is in dielsteat yn it easten fan Yndia. It is de tredde steat fan it lân wat ynwennertal oanbelanget en de tichtstbefolke steat fan it lân. Bihar grinzget yn it noarden oan Nepal en wurdt fierder omsletten troch de Yndiaaske steaten Uttar Pradesh yn it westen, West-Bingalen yn it easten en Jharkhand yn it suden. De steat hat in grutte histoaryske betsjutting as it kulturele en politike sintrum fan it âlde Yndia.

Geografy thumb|left|De haadstêd oan 'e Ganges. Bihar leit yn 'e fruchtbere flakte fan 'e Ganges. De rivier de Ganges streamt fan west nei east en snijt de steat yn twaën: Noard-Bihar en Súd-Bihar. It noarden fan 'e steat is flak en wetterryk, mei in soad rivieren dy't út de Himalaya komme, lykas de Kosi en de Gandak. Dy rivieren soargje faak foar oerstreamingen, mar ek foar tige fruchtbere grûn.

It súdlike diel fan Bihar is wat heger en heuveliger, dêr't it oergiet yn 'e útrinners fan 'e Chota Nagpur-heechflakte. It klimaat is subtropysk mei hege temperatueren yn 'e simmer en in wichtige moessonperioade foar de lânbou.

Skiednis Bihar nimt in wichtige plak yn 'e skiednis yn. Yn 'e âldheid foarme it gebiet it sintrum fan ferskate grutte riken, wêrûnder de Magadha- en de Maurya-dynasty. Under keizer Ashoka de Grutte omfieme it ryk hast it hiele Yndiaaske subkontinent.

Bihar is ek de bertegrûn fan twa grutte wrâldreligy's. Yn Bodh Gaya fûn Gautama Boeda de ferljochting, en de stifter fan it Jaïnisme, Mahavira, waard ek yn 'e krite berne. Yn 'e midsiuwen stie Bihar bekend om syn grutte universiteiten lykas Nalanda, ien fan 'e âldste learynstituten op 'e wrâld, dy't studinten út hiel Aazje luts.

thumb|left|left|Mausoleum fan Sher Shah Suri. Yn 'e 16e iuw spile Bihar in sintrale rol yn 'e opkomst fan it Suri-ryk. De út Bihar ôfkomstige Sher Shah Suri fersloech de Mogols en fierde wichtige herfoarmingen yn, lykas de yntroduksje fan 'e sulveren munt, de rûpia. Syn mausoleum yn Sasaram is hjoed-de-dei noch ien fan 'e wichtichste histoaryske monuminten fan 'e steat.

Yn 2000 waard it súdlike diel fan 'e steat ôfskieden om de nije steat Jharkhand te foarmjen.

Befolking In hiel grut part fan 'e befolking (sa'n 88-89%) wennet op it plattelân yn doarpen. Om't de flakte fan 'e Ganges sa fruchtber is, kin it lân foar grutte oantallen iten produsearje. Dêrfandinne is it plattelân fan Bihar net leech, mar groatfol mei tûzenen tichtbefolke doarpen.

Hoewol't Hindy de offisjele taal is, sprekt de mearderheid fan 'e minsken regionaal besibbe talen lykas Bhojpuri, Maithili en Magahi.

+ Befolkingsûntwikkeling fan Bihar (1901–2011) Jier 1901 1911 1921 1931 1941 1951 1961 Ynwennertal 21.243.632 22.563.653 22.330.201 24.512.711 27.230.158 29.085.011 34.841.690 Groei — +6,2% -1,0% +9,8% +11,1% +6,8% +19,8% Jier 1971 1981 1991 2001 2011 Ynwennertal 42.126.236 52.303.240 64.530.554 82.998.509 104.099.452 Groei +20,9% +24,2% +23,4% +28,6%* +25,4% * De sifers fan foar 2000 binne rekonstruearre foar de ôfsplitsing fan Jharkhand.

Religy thumb|250px|Takht Sri Patna Sahib It Hindoeïsme is de grutste religy yn Bihar. De steat hat in soad hillige plakken, wêrûnder Gaya, dêr't hindoes rituelen útfiere foar harren foarâlden. De Islam is de grutste minderheidsreligy, mei in grut oandiel fan 'e befolking yn it noarden en yn 'e haadstêd Patna. Bihar hat ek in sterke bân mei it Sikhisme; de tsiende Guru, Guru Gobind Singh, waard berne yn Patna, dêr't hjoed-de-dei ien fan 'e fiif hillichste timpels fan 'e Sikhs (Takht Sri Patna Sahib) stiet.

+ Religy yn Bihar Religy % (2001) % (2011) Ferskil (%) Hindoeïsme 83,2% 82,7% -0,5% Islam 16,5% 16,9% +0,4% Kristendom 0,1% 0,1% 0,0% Oars (Boedisme, Jainisme, Sikhisme) 0,2% 0,3% +0,1%

Ekonomy De ekonomy fan Bihar is foar it grutste part basearre op 'e lânbou. It is ien fan 'e grutste produsinten fan griente en fruit (benammen lychy's) yn Yndia. Sûnt de ôfsplitsing fan 'e yndustryrike regio Jharkhand yn 2000, hat Bihar it ekonomysk dreech hân, mar de lêste jierren is der in sterke groei te sjen yn 'e ynfrastruktuer en de tsjinstesektor. De steat stiet lykwols noch foar grutte útdagings op it mêd fan earmoede en alfabetisearring.

Toerisme thumb|Ruïnes fan 'e Nalanda-universiteit. It toerisme yn Bihar is fral rjochte op it religieuze erfgoed. De wichtichste lokaasje is sûnder mis Bodh Gaya, dêr't de Mahabodhi-timpel op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet. It is it hillichste plak foar Boedisten en net fier dêrwei lizze de ruïnes fan 'e âlde universiteit fan Nalanda, dy't hjoed-de-dei in soad skiednisleafhawwers lûke.

Foar hindoes is de stêd Gaya in essinsjeel pylgersoard, wylst Jaïnisten de hillige plakken fan Pawapuri en Rajgir besykje. Yn Rajgir kin men ek de 'Vishwa Shanti Stupa' fine, in moderne Boedistyske fredespagode op in heuvel dy't mei in kabelbaan te berikken is.

Natoer thumb|Gangesdolfyn. Bihar hat ien nasjonaal park, it Nasjonaal Park Valmiki yn it noardwesten fan 'e steat. It park is in wichtich tigerreservaat en grinzget fuort oan it Nasjonaal Park Chitwan yn Nepal. Dêrnjonken stiet de steat bekend om it dolfynreservaat Vikramshila Gangetic, ien fan de pear plakken op 'e wrâld dêr't de seldsume Gangesdolfyn yn syn natuerlike omjouwing beskerme wurdt.

Bestjoer De haadstêd Patna is it politike en juridyske sintrum fan 'e steat. Bihar bestiet út njoggen regio's en 38 distrikten. thumb|250px|Yndieling fan Bihar. Distrikt Haadplak Difyzje (Regio) Lokaasje Inw. (2011) Oerflak (km²) Araria Araria Purnia 60px|center 2.811.569 2.830 Arwal Arwal Magadh 60px|center 700.843 638 Aurangabad Aurangabad Magadh 60px|center 2.540.073 3.305 Banka Banka Munger 60px|center 2.034.763 3.020 Begusarai Begusarai Munger 60px|center 2.970.541 1.918 Bhagalpur Bhagalpur Bhagalpur 60px|center 3.037.766 2.569 Bhojpur Arrah Patna 60px|center 2.728.407 2.395 Buxar Buxar Patna 60px|center 1.706.352 1.703 Darbhanga Darbhanga Darbhanga 60px|center 3.937.385 2.279 East Champaran Motihari Tirhut 60px|center 5.099.371 3.968 Gaya Gaya Magadh 60px|center 4.391.418 4.976 Gopalganj Gopalganj Saran 60px|center 2.562.012 2.033 Jamui Jamui Munger 60px|center 1.760.405 3.098 Jehanabad Jehanabad Magadh 60px|center 1.125.313 931 Kaimur Bhabua Patna 60px|center 1.626.384 3.362 Katihar Katihar Purnia 60px|center 3.071.029 3.057 Khagaria Khagaria Munger 60px|center 1.666.886 1.486 Kishanganj Kishanganj Purnia 60px|center 1.690.400 1.884 Lakhisarai Lakhisarai Munger 60px|center 1.000.912 1.228 Madhepura Madhepura Kosi 60px|center 2.001.762 1.788 Madhubani Madhubani Darbhanga 60px|center 4.487.379 3.501 Munger Munger Munger 60px|center 1.367.765 1.419 Muzaffarpur Muzaffarpur Tirhut 60px|center 4.801.062 3.172 Nalanda Bihar Sharif Patna 60px|center 2.877.653 2.355 Nawada Nawada Magadh 60px|center 2.219.146 2.494 Patna Patna Patna 60px|center 5.838.465 3.202 Purnia Purnia Purnia 60px|center 3.264.619 3.229 Rohtas Sasaram Patna 60px|center 2.959.918 3.851 Saharsa Saharsa Kosi 60px|center 1.900.661 1.687 Samastipur Samastipur Darbhanga 60px|center 4.261.566 2.904 Saran Chhapra Saran 60px|center 3.951.862 2.641 Sheikhpura Sheikhpura Munger 60px|center 636.342 689 Sheohar Sheohar Tirhut 60px|center 656.246 349 Sitamarhi Sitamarhi Tirhut 60px|center 3.423.574 2.294 Siwan Siwan Saran 60px|center 3.330.464 2.219 Supaul Supaul Kosi 60px|center 2.229.076 2.425 Vaishali Hajipur Tirhut 60px|center 3.495.021 2.036 West Champaran Bettiah Tirhut 60px|center 3.935.042 5.228

Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1950