Andhra Pradesh is in dielsteat yn it súdeasten fan Yndia. It is neffens oerflak de op seis nei grutste steat fan it lân en is likernôch fjouwer kear sa grut as Nederlân. De steat leit oan de Golf fan Bengalen en hat nei Gûdjarat de langste kustline fan Yndia (974 km). De steat is ien fan 'e wichtichste gebieten foar de produksje fan riis yn it lân en is ferneamd om syn rike Telûgu-kultuer en hindoetimpels.
Geografy It lânskip fan Andhra Pradesh fariëarret fan 'e brede kustflakte oan 'e eastkant oant de heuvels fan 'e East-Ghats en de heechflakte fan 'e Dekkan yn it binnenlân.
Twa grutte rivieren streame troch Andhra Pradesh: de Godavari en de Krishna. De rivieren foarmje grutte delta's foardat se yn 'e Golf fan Bengalen útkomme. Dy delta-gebieten binne tige fruchtber en foarmje it sintrum fan 'e lânbou. Yn it noardeasten lizze de Araku-dellingen, in bercheftich gebiet dat bekend stiet om syn kofjeplantaazjes en koelere klimaat.
Skiednis Andhra Pradesh hat in skiednis dy't tûzenen jierren weromgiet. It waard bestjoerd troch machtige foarstehûzen, lykas de Satavahana's en it Vijayanagara-ryk.
Yn 'e moderne skiednis wie Andhra Pradesh de earste steat yn Yndia dy't stifte waard op basis fan taal. Yn 1953 waard de steat Andhra foarme út de Telûgu-sprekkende dielen fan 'e provinsje Madras. Op 1 novimber 1956 waard Andhra gearfoege mei de Telûgu-regio fan 'e âlde steat Hyderabad om de dielsteat Andhra Pradesh te foarmjen.
Op 2 juny 2014 fûn der in grutte feroaring plak doe't it noardwestlike diel fan 'e steat him ôfskiede om de nije dielsteat Telangana te foarmjen. De âlde haadstêd Hyderabad kaam yn Telangana te lizzen, wêrtroch't Andhra Pradesh in folslein nije haadstêd bouwe moast: Amaravati.
Befolking De grutte mearderheid fan 'e befolking bestiet út Telûgu's. De taal, it Telûgu, is ien fan 'e grutste Dravidyske talen en hat in eigen unyk skrift.
+ Befolkingsûntwikkeling fan Andhra Pradesh (1901–2011) Jier 1901 1911 1921 1931 1941 1951 1961 Ynwennertal 13.042.029 14.503.221 14.471.214 16.275.460 18.729.418 21.365.253 25.147.289 Groei — +11,2% -0,2% +12,5% +15,1% +14,1% +17,7% Jier 1971 1981 1991 2001 2011 Ynwennertal 30.155.992 37.362.408 44.913.344 44.200.045 49.386.799 Groei +19,9% +23,9% +20,2% +11,9%* +11,7% * De sifers foar 2014 binne rekonstruearre foar de opspjalting fan Telangana.
Religy It hindoeïsme is de oerhearskjende religy. De Tirumala Venkateswara-timpel yn Tirupati is ien fan 'e meast besochte en rykste religieuze plakken yn 'e wrâld.
De religieuze demografy fan Andhra Pradesh fertoant sûnt 1971 in unyk statistysk ferskynsel. Wylst it offisjele oantal kristenen yn 'e folkstelling fan 2011 sakke is nei 1,34%, sjogge ûndersikers in hast eksakte korrespondinsje mei de groei fan it oantal registrearre hindoes út de saneamde Scheduled Castes (de Dalits).Centre for Policy Studies (2016). Religious Demography of Andhra Pradesh.
Yn distrikten lykas Guntur is dat it meast dúdlik: de delgong fan it kristendom mei 12,8% rint hast lykop mei de stiging fan 'e Scheduled Castes (+14,8%). Dat wiist derop dat in grut part fan 'e kristlike mienskip op it plattelân him offisjeel as hindoe registrearje lit om oanspraak te hâlden op wetlike foardielen, in ferskynsel dat minder spilet yn 'e stêden of ûnder de Scheduled Tribes (lânseigen stamme-mienskippen yn in tige neidielige sosjaal-ekonomyske posysje), dy't harren rjochten by bekearing wol behâlde.. Sosjologen en alternative oerheidsenkêtes (lykas de National Family Health Survey) geane der dêrfandinne fan út dat it werklike oantal kristenen folle heger leit, mooglik tusken de 10% en 12%.Kumar, J.V. (2014). The Census and the Christian Community in Andhra Pradesh. Journal of South Asian Studies.
+ Religy yn Andhra Pradesh Religy % (2001) % (2011) Ferskil (%) Hindoeïsme 90,6% 90,9% +0,3% Islam 7,2% 7,3% +0,1% Kristendom 1,8% 1,4% -0,4% Oars (Boedisme, Jaïnisme, Sikhisme) 0,4% 0,4% 0,0%
De islamityske mienskip is foaral konsintrearre yn 'e regio Rayalaseema (it súdlike binnenlân) en yn 'e gruttere stêden.
Grutste plakken yn Andhra Pradesh Visakhapatnam is de grutste stêd en in wichtige strategyske havenstêd oan de eastkust.
Rang Plak Distrikt Ynwennertal (2011) Funksje 1 Visakhapatnam Visakhapatnam 1.728.128 Havenstêd, yndustry 2 Vijayawada NTR 1.034.358 Hannelssintrum 3 Guntur Guntur 674.336 Lânbou-yndustry 4 Nellore Nellore 496.410 Hannel 5 Kurnool Kurnool 430.214 Regionaal sintrum
Toerisme Andhra Pradesh biedt foar toeristen in grut ferskaat oan attraksjes op it mêd fan religy, natuer as kultuer. It religieuze hert fan 'e steat stiet yn Tirupati, dêr't de Sri Venkateswara-timpel op 'e Tirumala-heuvels stiet. Dat hillichdom is ien fan 'e meast besochte pylgersplakken op 'e wrâld. In oar arsjitektoanysk hichtepunt is de timpel fan Lepakshi. thumb|left|Borra-grotten. Foar natuerleafhawwers is de Araku-delling yn 'e East-Ghats in populêre bestimming. Under it heuvelich gebiet mei kofjeplantaazjes en wetterfallen lizze de Borra-grotten, dy't miljoenen jierren âld binne en ûnbidige stalaktiten en stalagmiten ha. By de havenstêd Visakhapatnam lizze brede strannen lykas Rushikonda.
Ek op it mêd fan skiednis hat de steat in soad te bieden. Sa is de nije haadstêd Amaravati boud op it plak dat twatûzen jier lyn al in wrâldferneamd sintrum fan it boedisme wie. Yn it binnenlân lizze de Belum-grotten, de grutste fan harren soarte yn Yndia.
Natoer De steat hat in ryk ferskaat oan wylde dieren en beskerme gebieten.
Nasjonale Parken It Nasjonaal Park Sri Venkateswara yn 'e Seshachalam-heuvels is bekend om syn wetterfallen en seldsume plantesoarten. It Nasjonaal Park Papikonda leit yn it streamgebiet fan 'e Godavari en is it thús fan 'e tiger, de loaihoars en de seldsume gaur. De Pulicat-mar is de op ien nei grutste brakwettermar fan Yndia en is in tige wichtich foar trekfûgels, benammen de flamingo.
Ekonomy thumb|Rysfjild. De ekonomy is tradisjoneel rjochte op 'e lânbou, benammen de bou fan rys, sûkerreid en tabak. De delta's fan 'e Krishna en Godavari binne de meast produktive lânbougebieten fan it lân.
Dêrneist ûntwikkelet de steat him hurd op it mêd fan technology en yndustry. Visakhapatnam is in sintrum foar de stielyndustry en skipbou. De steat is ek in lieder yn 'e farmaseutyske sektor en de produksje fan duorsume enerzjy, lykas sinne-enerzjy. Yn Sriharikota leit it Satish Dhawan Space Centre, de wichtichste lansearbasis foar de Yndiaaske romtefeartorganisaasje ISRO.
Bestjoer Andhra Pradesj is sûnt 2022 ferdield yn 26 distrikten (foarhinne wiene dat 13). De steat wurdt bestjoerd troch in gûverneur (seremoaniëel) en in Chief Minister (deistich bestjoer). It parlemint fan 'e steat sit yn 'e nije haadstêd Amaravati.
thumb|250px|Distrikten fan Andhra Pradesh. Distrikt Haadplak Lokaasje Inw. (2011) Oerflak (km²) Alluri Sitharama Raju Paderu 60px|center 953.960 12.251 Anakapalli Anakapalli 60px|center 1.726.998 4.292 Anantapur Anantapur 60px|center 2.241.105 10.205 Annamayya Rayachoti 60px|center 1.697.303 7.954 Bapatla Bapatla 60px|center 1.586.918 3.829 Chittoor Chittoor 60px|center 1.872.819 6.855 Dr. B.R. Ambedkar Konaseema Amalapuram 60px|center 1.719.093 2.083 East Godavari Rajamahendravaram 60px|center 1.832.332 2.561 Eluru Eluru 60px|center 2.071.700 6.671 Guntur Guntur 60px|center 2.091.075 2.443 Kakinada Kakinada 60px|center 2.092.374 3.019 Krishna Machilipatnam 60px|center 1.735.079 3.775 Kurnool Kurnool 60px|center 2.271.686 7.980 Nandyal Nandyal 60px|center 1.785.771 9.682 NTR Vijayawada 60px|center 2.218.591 3.316 Palnadu Narasaraopeta 60px|center 2.041.723 7.298 Parvathipuram Manyam Parvathipuram 60px|center 925.340 3.935 Prakasam Ongole 60px|center 2.288.026 14.322 Sri Potti Sriramulu Nellore Nellore 60px|center 2.469.712 10.441 Sri Sathya Sai Puttaparthi 60px|center 1.840.043 7.771 Srikakulam Srikakulam 60px|center 2.191.471 4.591 Tirupati Tirupati 60px|center 2.196.984 8.231 Visakhapatnam Visakhapatnam 60px|center 1.959.544 1.048 Vizianagaram Vizianagaram 60px|center 1.930.833 4.122 West Godavari Bhimavaram 60px|center 1.779.935 2.178 YSR Kadapa Kadapa 60px|center 1.997.719 11.228
Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1956