thumb| Wapen fan De Rottefalle It wapen fan De Rottefalle is it wapen fan it doarp De Rottefalle, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2014 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn grien in sulveren punt, oan beide siden beselskippe fan in sulverren turf en belein mei de reade foargevel fan de doarpstsjerke mei blauwe spits, sulver iepene en ferljochte; yn in weagjend read skyldhaad twa yn ien slein sulveren hannen mei mouwen. Wapenspreuk op in read lint yn sulveren kapitalen: "UT DE LITS WEI OMHEECH".

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, kiel (read) en azuer (blau).

Symbolyk

Sulveren punt: dielt it skyld yn trijen, de himrik fan De Rottefalle wie eartiidsk part fan de gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Smellingerlân. Sulveren turven: ferwize nei de feanterij wêr troch it doarp ûntstien is. Read skyldhaad: de reade kleur ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp. De weagjende râne ferwiist nei De Lits dy't troch it doarp streamd. Yn ien sleinde hannen: ferwiist nei de mienskiplike feanterij troch kompanjons. De kleur ferwiist nei de winst dy't makke waard. Tsjerkegebou: oernommen út it wapen fan Achtkarspelen. Klaverblêd: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.

Sjoch ek

Rottefalle, De Kategory:De Rottefalle