In ferlytsingswurd of diminutyf is in wurd dêr't in tafoege efterheaksel oanjout dat it oantsjutten begryp lytser is as it haadwurd. De betsjutting fan it wurd feroaret net.
Yn it Frysk Yn it Frysk wurde de utgongen -ke, -je en (t)sje brûkt om ferlytsingswurden te foarmjen. –ke -ke wurdt brûkt as in wurd einiget op b,f, p, m, r of s útgiet kaai - kaike -> guon lange klanken kinne ferkoartsje) web - webke sûkerpof - sûkerpofke blom - blomke Bysûnder: As in wurd einiget op in lûd (klinker) kin der -ke of -tsje efter komme: auto - autoke / autootsje buro - buroke / burootsje –je -je wurdt skreaun as in wurd einiget op ch/ge, k of ng(e)/nk brêge - brechje -> de g feroaret yn ch ploech - ploechje ring - rinkje klok - klokje –(t)sje -tsje wurdt skreaun as in wurd einiget op l of n leppel - leppeltsje balkon - balkontsje -sje wurdt skreaun as in wurd einiget op d of t himd - himdsje skepnet - skepnetsje
Kategory:Grammatika