thumb| Flagge fan Fryske Peallen De flagge fan Fryske Peallen is de flagge fan it doarp Fryske Peallen, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1994 registrearre.
It ûntwerp is fan Jelle Terluin.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen blau-giel-blau yn ferhâlding fan 1:3:1, de giele baan belein mei twa reade turven (yn de lingte fan de flagge), mei in grutte gelyk oan 2/15 flaggehichte x 1/6 flaggelingte en pleatst op 5/9 flaggelingte en 5/6 flaggelingte fan de broekside; oer alles in griene skânsdwinger mei in dikte gelyk oan 1/12 flaggehichte en útgeande fan de broek en reitsjende oan 11/30 fan de flecht; de binnenside fan de skânsdwinger oan de broekside fiif gelyke banen giel-read-giel-giel-read-giel.
De kleuren komme út it wapen fan Fryske Peallen.
Symbolyk
Turven: ferwize nei de feanterij lâns de Drachtster Feart. Lâns dizze feart is it doarp ek ûntstien. Griene dwinger: symboal foar de skâns dy't yn 1593 yn opdracht fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg oanlein waard. Reade en giele banen yn de skânsdwinger: oernommen út it wapen fan Aragon, symboal foar Spanje as tsjinstanner yn de Tachtichjierrige Oarloch.
Sjoch ek
Fryske Peallen Kategory:Fryske Peallen