Albert Aaldert Metselaar (Hollandscheveld, 26 juny 1959) is in Drintske publisist, dichter en histoarikus.
Wurkpaad Mei njoggentjin jier begûn Metselaar as ferpleechkundige yn 'e psychiatry. Yn dy snuorje ferskynden ek syn earste publikaasjes. Nei syn ferhuzing nei Hoogeveen begûn er te skriuwen foar de Hoogeveensche Courant. Troch syn tsiendielich wurk oer Hollandscheveld yn de Twadde Wrâldoarloch waarden de nei it bûtenlân flechte lokale oarlochsmisdiedigers Auke Pattist, Dirk Hoogendam en Martinus Johannes van Oort bekend yn Nederlân. Ek wie er belutsen by it opspoaren fan de ferbliuwplakken fan dy oarlochsmisdiedigers.
Hy publisearre ûnder mear oer de skiednis fan doarpen yn de gemeente Hoogeveen, wêrûnder Elim en Hollandscheveld. Fierder skreau er Drintske ferhalen en gedichten, lieten, tsjerketsjinsten, in pear histoaryske fantacy's op de webside fan it hunebêdsintrum yn Borger en mear saken.
Yn 1995 waard him de titel Hoogevener van het jaar takend en yn 2006 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Keppeling om utens Webstee fan Metselaar mei in wiidweidich oersjoch fan syn aktiviteiten.
Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk ferpleechkundige Kategory:Skriuwer yn it Drintsk Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1959