thumb| Wapen fan Skettens It wapen fan Skettens is it wapen fan it doarp Skettens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Skeanoer fan rjochtsboppe fan read en sulver; yn read in sulveren roas; yn sulver in reade leelje.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read) en sulver.

Symbolyk

Kleurstelling, roas en leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Van Osinga dy't yn it doarp de Osingastate bewenne.

Sjoch ek

Skettens Kategory:Skettens