Vladimír Syrovátka (Zdolbuniv, 19 juny 1908 - Praach, 14 septimber 1973) wie in Tsjechysk kanoër, dy't útkaam foar it doetiidske Tsjechoslowakije.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen yn de C2 tegearre mei Jan Brzák-Felix. Se hiene earder al ferskate medaljes en titels wûn op de Europeeske kampioenskippen. Yn 1933 behellen se de sulveren medalje yn de C2 wedstriid oer 1000 meter yn Praach, foardat se in jier letter Europeesk kampioen waarden op sawol de 1000 meter as de 10.000 meter. Nei syn sportkarriêre wurke Syrovátka as trainer. Vladimír Syrovátka ferstoar op 14 septimber 1973, yn 'e âldens fan 65 jier.

Kategory:Tsjechysk kanoër Kategory:Tsjechysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1973