thumb| Wapen fan Dearsum It wapen fan Dearsum is it wapen fan it doarp Dearsum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1986 registrearre.

Skiednis It wapen is helle út de wynwizer op it koar fan de Nikolaastsjerke yn Dearsum.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read trije sulveren klaverblêden, pleatst twa-ien.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read) en sulver.

Symbolyk Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Raerderhim.

Sjoch ek

Dearsum Kategory:Dearsum