Francis (Frank) Amyot (Thornhill, 14 septimber 1904 - Ottawa, 21 novimber 1962) wie in Kanadeesk kanoër.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen yn de C1. It wie yn it earstoan twivelich of't er meidwaan koe, omdat Kanadeeske bestjoerders wegeren te beteljen foar syn reis nei Dútslân. Syn sportklup brocht úteinlik it jild foar de reis byinoar. Amyot naam diel oan sawol de C1 as de K1, hoewol't er yn de lêste klasse betiid útskeakele waard. De race oer de 1000 meter yn de C1 ferrûn lykwols perfekt foar Amyot. It sukses wie útsûnderlik om't Amyot foar de Spullen net de kâns hân hie om te trainen op it type kano dat foar dizze Olympyske Spullen brûkt waard.
Nei de Spullen beëinige hy syn aktive karriêre en rjochte hy him op de administrative kant fan de sport. Yn'e Twadde Wrâldkriich tsjinne er by de Keninklike Kanadeeske marine, dêr't er de rang fan Luitenant-op-see 1e klasse berikte. Nei syn aktive tsjinst wurke er oant syn ferstjerren by it Ministearje fan Feteranesaken fan it Kanadeeske regear. Francis Amyot ferstoar op 21 novimber 1962, yn 'e âldens fan 58 jier, oan de gefolgen fan kanker.
Kategory:Kanadeesk kanoër Kategory:Kanadeesk Olympysk kampioen Kategory:Kanadeesk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Kanadeesk ofsier Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1962